Tryater: no en dan in oare regisseurskop?
Piter Terpstra
It liket der hast op dat Jos Thie en Andy Daal de rezjy fan de stikken dy't it toanielselskip Tryater spilet ûnderling ferdiele. Jos Thie makket hieltyd mear namme mei breed opsette prodûksjes - Peer Gynt, dat op it Oerol Festival op Skylge spile waard, stiet dejingen dy't it slagge in opfiering by te wenjen noch hieltyd goed by. Thie naam lykwols ek it lytsskalige De Rafaëls fan Flip Vanluchene foar syn rekken. Wylst hat Andy Daal mei Iensum yn Ierlân de Ierlântrilogy fan Martin McDonagh ôfrûne.
Foar it seizoen 2000/2001 hawwe Thie en Daal alle rezjy's ek wer op har nommen. De kar fan de stikken is wer ferrassend. De alsidige Bouke Oldenhof hat in oersetting makke fan Medea, yn de fjirde ieu foar Kristus skreaun troch Euripides, ien fan de grutste fertsjintwurdigers fan de Grykske trageedzje. It is in stik mei in hiel boeiende yntriizje, mar miskien hie Elektra foar Andy Daal in noch nijsgjirriger útdaging west.
Thie hat dizze kear in hielendal ferboude fib-seal yn de Harmonie nedich foar Ronja de rôversdochter fan de Sweedske skriuwster Astrid Lindgren. It is in echt famyljestik, dat om Kryst en de jierwiksel hinne allinne op dizze lokaas je spile wurde sil. Ek De gebedsgenêzer fan Brian Friel komt foar rekken fan Thie.
It iennige stik dêr't ien fan de beide fêste regisseurs nèt by betrutsen is, wurdt fan 't simmer al spile. Rob van Meeberg, hjir ûnder oaren noch bekend fan syn rol yn de musical Mata Hari, beset de regisseurstoel by Roorda, in stik fan Bouke Oldenhof oer de ferneamde kommunistyske politikus Gerrit Roorda, dy't op de Tynje wenne hat mar ek syn fuotstappen yn Amearika en Ruslân achterliet.
Mei Jos Thie hâldt it mar net op. Yn it ramt fan it Frysk Festival wurdt fan 29 juny oant en mei 12 july ûnder syn rezjy Orfeo Aqua útfierd, ‘muziektheater op het water bij zonsopgang’. Dat ‘bij zonsopgang’ is suvere wierheid; it begjint moarns om fjouwer oere en it publyk sil dan mei spesjale treinen earne yn it wetterlân teplak brocht wêze. Tryater is hjir mei wat helpferliening mar sydlings by belutsen.
Mar likegoed, der wurdt op Andy Daal en benammen op Jos Thie (dy't bytiden ek noch bûten de provinsje aktyf is) faak beslach lein en de spilers fan Tryater komme tsjintwurdich amper mei oare regisseurs en rezjy-opfettingen yn oanrekking. De fraach oft dit geunstich of ûngeunstich is, benammen foar in artistyk lieder, dy't noch oare taken hat as dy fan regisseur,
(út: Seizoenbrosjuere Tryater)