Fardau, in fjirde-ieus famke?
Meinou Piebenga
Akky van der Veer, Kunera. Boekewikegeskink 2000. Utjouwerij Bornmeer, Ljouwert 2000. 80 siden.
Kuneara, it boekewikegeskink 2000, skrean troch Akky van der Veer, is basearre op de leginde fan Cunera, de hillige dy't fereare wurdt as de faam fan Rhenen.
Se soe berne wêze yn York en gong nei Rome om te bidden foar fersprieding fan it geloof. Op de weromreis waarden sy en har alvetûzen reisgenoaten oerfallen troch de Hûnnen. Cunera waard reden troch Radboud van Rhenen, in heiden, mar aardich. Sy mocht yn syn kastiel wenje en waard syn fertrouwelinge. Radbouds frou, Alunda, waard oergeunstich en wurge Cunera mei har sjaal yn 454. Har grêf waard it doel fan pilgrimtochten. Troch it wurchdoek oan te reitsjen soenen blinen wer sjen kinne.
Dy ynformaasje helle ik út Van Aller Heiligen tot Sint Juttemis fan Inez van Eijk. Op de webside fan útjouwerij Bornmeer (home.wxs.nl/~bornmeer) lês ik dat de rêdende kening, dy't yn it boek de namme Heimo hat, yndie yn guon teksten Rabbodus of Radboud neamd wurdt en yn ferbân brocht mei de (of in) Fryske kening Redbad. It ûnfoarstelber grutte oantal fammen wie dêr ek sinjalearre, mar waard as in fersin sjoen. It Romeinske getal xi soe ferkeard lêzen wêze, of de namme fan ien fan de fammen ferkeard begrepen: Undecimilla (de lytse alfde). Undecim milia is alvetûzen. Dat yn Kuneara wurdt praat fan alve meireizigers.
Oare ferskillen tusken boarnen en it boek (dat de Hûnnen de oerfallers wêze soenen bygelyks) wurde ek hiel oannimlik ferklearre.
Dat Van der Veer har yngeand ynformearre hat, blykt nammers net allinnich út dy side op it ynternet. Op de binnenflappen fan it omkaft binne ta de saak dwaande teksten ôfprinte oer histoaryske gegevens fan likernôch 270 oant 340 nei Kristus. Dat men soe tinke dat men jin al lêzende, yn de fjirde ieu waant. En dat is no krekt net sa. It boek ademet in eigentiidske sfear út.
Neffens my komt dat om't it boek eins net oer Kuneara giet. Har stoarje wurdt út de doeken dien troch Fardau (bynamme Pyk), dy't as folwoeksene weromsjocht op it traumatyske barren yn har jeugd. (It motto fan it boek is ‘memini ergo sum’: ik haw oantinkens, dus ik bestean.) Sy nimt ús mei nei de simmer fan Kuneara.
Fardau is de dochter fan de hofdame fan Heimo's frouwe Wivina. De mem-dochterrelaasje wurdt fersteurd troch Wivina, dy't alle oandacht fan har help-foar-dei-en-nacht opeasket. Fardau begrypt net dat har mem dat oer har kant gean lit. Mar de mem hat ûnthjitten altyd foar de frouwe klear te stean, oars hie se Fardau drekt nei de berte nei it moeras bringe moatten. Fardau krijt dat earst te hearren as se al trettjin jier is. Fan Reade Hild - neffens de minsken in tsjoenster -, dy't alle sykten fan de frouwe behannelet. Oer har seit Fardau: ‘Se wie net âld en net jong en se prate tsjin my as tsjin in folwoeksene, se neamde my noait Pyk.’ (s. 12)
It is Fardau dy't geandewei it ferhaal in ûntjouwing trochmakket. Sy moat ynsjen dat se blyn west hat yn har leafde foar hynstejonge Jesse, dat de ferhûddûke, seurderige Wivina