skreaun en doe krige ik gau antwurd. Hy fûn it prachtich dat it yn 't Frysk útjûn waard. It orizjineel is yn 1994 yn 't Frânsk ferskynd en doe't wy om de rjochten fregen, wie diel i yn 't Ingelsk útkommen, mar fierder noch neat. Yntusken is it ek yn it Dútsk ferskynd.’
Jacobus Knol hat ek in tal eksimplaren fan Alle rivieren nei Wiesel sels stjoerd. Dat er it krigen hat is him û.o. dúdlik wurden út in ferhaaltsje dat er koartlyn fan ynternet plukt hat.
Yn 'e e-mailkrante Nijs út Fryslân beskriuwt in Arend de Haan út Florida, dat er alle dagen les krige fan Elie Wiesel. Op in dei kaam te praat yn hoefolle talen Wiesels wurk oerset wie. Wiesel sei, dat syn boek krekt yn in taal útbrocht wie, dêr't er sels noch nea fan heard hie: Frisian. De Haan, dy't fan Grou komt, koe dat hast net leauwe en sei dat dat syn taal wie. Fuort moast er fan Wiesel, dy't dat prachtich fûn, yn 't Frysk sizze, dat it moai waar wie.
Wat fynt Knol no krekt sa nijsgjirrich oan Wiesel?
‘De wize wêrop't hy reagearret op wat hy “de nacht” neamt, Auschwitz. Hy fynt dat hy as oerlibjende de taak hat te fertellen wat dêr bard is om foar te kommen dat it ea wer bart. En hy protestearret tsjin alles wat ek mar in bytsje op in herhelling fan dy tiid liket. It earste diel fan Alle rivieren is suver gronologysk en it twadde tematysk. Yn dat twadde diel stiet bygelyks in haadstik oer de Golfoarloch en oer it eardere Joegoslavië en de skriklike dingen dy't dêr bard binne. De romans fan Wiesel fine allegearre har oarsprong yn de Holocaust. De nacht is in direkt, persoanlik ferslach. Yn elke folgjende roman wurket er in tema út De nacht fierder út: de haat, de freonskip, selsmoard, gek wurde, politike aksje ensfh. Al dy romans draaie as konsintryske sirkels om dat earste boek hinne. By Wiesel moat men dêrom mei De nacht begjinne en dêrnei yn gronologyske folchoarder de oare romans lêze.
Ik lies syn boeken earst rûchwei, sa't ik se tsjinkaam, mar doe't ik fanút De nacht begûn, seach ik der in lijn yn. En dan falt it my op, hoe't Wiesel it slimste watst dy mar yntinke kinst sûnder drama op papier sette kin. Benammen syn styl bliuwt je by. Hy hat ûnferjitlike sênes skreaun, bygelyks oer syn heit en hy, dy't tegearre troch de snie nei Bergen-Belsen strompelje en inoar oerein hâlde. Hy fertelt syn ferhaal op rêstige wize, yn simpele wurden, want hy seit sels, dat der gjin wurden binne dy't útdrukke wat net sein wurde kin en dus moatte je eins mar sa min mooglik wurden brûke of stil wêze. Mar men moat it dochs sizze en dêrfoar brûkt Wiesel in ienfâldige, hast kâlde styl. It meast oansprekkende yn it wurk fan Wiesel is de kombinaasje fan styl en boadskip, fan ynhâld en foarm. Dêrby is er ûntwapenjend yn syn earlikheid en hat er de gek mei himsels, benammen as er it der oer hat, hoe ûnhandich er mei froulju omslacht.’
Njonken De nacht fynt Knol Wiesels Testament van een vermoorde Joodse dichter ien fan syn bêste boeken. Knol: ‘Wiesel wie ien fan de earsten dy't ûntduts, dat de joaden yn Ruslân yn 't ferdomhoekje sieten. Yn dizze roman is hy hiel knap yn 'e hûd krûpt fan in joad dy't yn Ruslân wenne.’
Boppedat hat Knol gâns wurdearring foar Wiesel syn fertelkeunst: ‘Wiesel hat in grandioaze styl. Dat hat te krijen mei syn chassidyske famylje dy't in tradysje fan it fertellen fan ferhalen hat. Hy hat as jonkje in protte ferhalen heard en boppedat hat er in hiel goed ûnthâld.’
Wiesel fynt de earste sin fan in boek hiel belangryk. Dy moat goed wêze. ‘As dat sa is, komt de rest fansels wol.’ De earste sin fan De Nacht is: ‘Se neamden him Mosje-de-Koster, as hie er nea net in achternamme hân.’
Knol set it wurk fan Wiesel net allinne oer,