Klear. En no ite graach.’
It holp neat.
‘O, Gheorghe wêr woesto dyn hûs delsette?’ frege beppe Sylvia leaf.
‘Ik ha hjirneist in stikje grûn en dêr bou ik myn hûs.’ Us heit sei it kalm, as in man dy't in wichtich beslút nommen hie.
‘Ja, dat is wier,’ sei Costel. ‘Do hast hjir grûn. Sa komst moai ticht by Vlad te wenjen. Kinne jimme noch wat mear oan elkoar hawwe.’ Ik wist dat omke der neat fan miende.
‘Ja,’ begûn Silvia, ‘wat sille dat moaie jûnen wurde! De beide bruorkes tegearre. Kinsto elke dei sjen dat er wer mear jild syn hûs yn kroadet. En do, do stiest der by en kinst allinne mar sizze, wêrom ik net?’.
Us heit pakte in bank op, tilde dy boppe de holle en smiet 'm op 'e itenstafel. ‘Stjer jimme allegear!’ En fuort wie er.
Silvia rôp him noch efternei: ‘Do bist krekt sa'n idioat as dyn heit.’ Oan ús mem frege se: ‘Wêrom, leave Niculina, bist dochs mei sa'n wyldenien troud?’ Us mem sei neat. Ik wist dat har jûns noch wat te wachtsjen stie. At se dan út 'e hûs kaam, hie se in doek stiif om 'e holle. Dan koenen se de blauwe plakken net sjen. Miende se.
De bou makke ik net mei. Omke Costel hie my frege om nei Boekarest te kommen. No 't ik fyftjin wie, koe ik by him it skuonmakkersfak leare. Dêr wie letter jild mei te fertsjinjen. Ik hie der eins gjin nocht oan. De hiele dei yn 'e hûs, altyd mar wer skuon, skuon. Mar wat koe ik oars? Nei de stêd ta te learen? Dêr wie gjin jild foar. En altyd mei in pear kij op 'n paad, dat wie ek gjin takomst.
Ik hie it dochs mar dien. Sa wie ik ús heit ek kwyt. Omke Costel wie in stille evenredige man, hiel oars as syn beide bruorren.
Nei in moanne as fjouwer frege omke Costel: ‘Jonge, do bist no al skoftsje fan hûs, wolst fêst in kear werom. It begruttet my ek in bytsje om jim mem.’ ‘Ja omke, it begruttet my ek, mar omke wit wol hoe't it thús is.’
‘Do giest moarn nei Bulbacata en moandei komst werom.’ Omke joech my jild en sa gie ik werom nei myn eardere libben.
It nije hûs stie der, dat seach ik dalik.
Mar it wie mis, goed mis. Mem hie in holdoek om. Wat wie se oars bliid dat ik der wer wie. Tache kaam my temjitte. ‘Do sjochst der mar moai út mei dyn skuon.’ Hy rûn sels, lykas elkenien op bleate fuotten. We tuten elkoar.
‘Hast it fier brocht. Wa hie dat tocht,’ gnyske er.
Tache gie op in hiel oare wize fierder: ‘Heit is gek, hy bout mar en hy bout mar. Praat mei gjinien. Wol net dat wy him helpe. Seit dan: “Ik kin it allinnich wol oprêde.” No ja, hy giet syn gong mar, tink ik dan. En no is omke