Sapfo fan Lesbos
Fersen
oerset troch Atze Keulen
Sapfo waard berne oan 'e ein fan 'e sânde ieu foar Kristus op it eilân Lesbos. Dêr hie hja letter in soarte fan skoalle foar jongfammen, dy't wijd wie oan Afrodite en de Muzen. Mei de jongfammen libbe hja yn in grutte affeksje en yntimens, makke fersen oer harren, en brulloftslieten as hja trouden. Sels wie se ek troud en hie se in famke mei de namme Kleïs (Sapfo har mem hiet ek sa). Fierder is der oer har libben hast neat bekend. Njonken ien folslein gedicht (‘Afrodite’) binne inkeld fragminten fan har wurk oerbleaun.
(Yn Trotwaer 1992-5 steane tsien fersen fan Sapfo yn in oersetting fan Klaas Bruinsma. Sjoch foar Nederlânske oersettingen û.o. Sappho van Lesbos, Eros ontwortelt mijn hart. Gedichten en fragmenten. Ingeleid en vertaald door Aart R.P. Wildeboer en Pierre J. Suasso de Lima de Prado, 19912; en Sapfo, Gedichten. Vertaald en toegelicht door Mieke de Vos, 1999.)
Flûnkertroan'ge ivige Afrodite,
Zeus syn dochter, flechtster fan listen, 'k smeek jo:
brek doch net myn hert mei fertriet en kwellings
mar kom nei my ta as jo ek eartiids wol
my fan fierrens hearden en nei my harken
en it gouden hûs fan jo heit ferlieten
op jo wein fan goud; moaie flugge mosken
loeken jo omleech nei de swarte ierde
út 'e himel mei harren rappe wjukslach
Ringen kamen s' oan; en jo, o loksill'ge,
glimkjend mei jo ivige jeugdich antlit
fregen wat my no wer mankeart, wêrom't ik