Trotwaer. Jaargang 32
(2000)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 158]
| |
Durk van der Ploeg
| |
I. 1961-1984: It lijen, de skuldDurk van der Ploeg (*1930) publisearre syn earste ferhalen (dêr't er no net mear efter stiet) ein jierren fjirtich yn it Friesch Dagblad. Fan it midden fan 'e jierren fyftich ôf stie der Frysktalich proaza fan him yn De Tsjerne. Yn Gjin plak op ierde, de seleksje dy't er yn 1996 fan syn ferhalen útbrocht, is it earste ferhaal lykwols it út 1961 datearjende ‘Prolooch fan de iensumheid’, en omdat ik my yn dizze stúdzje ta Van der Ploeg syn boekpublikaasjes behein, is dat it ierste dat ik fan him meinim. Syn earste roman wie In man en in minske en dy datearre út 1968. Van der Ploeg skreau it boek doe't er al 38 wie en al jierren publisearre hie; dy omstannichheid sil der ta bydroegen hawwe dat it in ripe, útbalansearre yndruk makket. It is hecht fan struktuer en komposysje en de styl is fêst. Wol linet it boek soms wat al te sterk op de absurditeit fan it konkrete barren en dat is in swakker punt. Yn guon fragminten, ik neam dan spesjaal Jan syn lange dronken monolooch yn haadstrik 8, toant de skriuwer in hiel eigen lyrysk fermogen. It boek hat de toan fan in makaber-humoristyske groteske en dy is tinkt my, oarspronklik en modern. Yn sfear en ynhâld docht it in gre- | |
[pagina 159]
| |
vel tinken oan it ferhaal ‘Gevederde vrienden’ fan Jan Wolkers (1959), hoewol't dat earnstiger en mankeliker oerkomt. It meast rekket In man en in minske jin yn dy fragminten dêr't de tragyk fan Jan Monsma en de swarte humor by elkoar komme. Dat bart bygelyks yn de niisneamde monolooch út haadstik 8. Jan, in gefoelige, kwetsbere man, dy't syn frou en fekke Tsjits allinne de baas kin troch har te fermoardzjen, meneuvelet om mei Tsjits har skuon en keunstgebyt. Op in stuit nimt er it gebyt yn 'e hân en hy lit it yn syn neakenfoto's happe. ‘Toe mar fanke, byt dou se mar yn 'e bealch’, seit er, en dan: ‘It binne greate smearlappen. Fize huorrebokken, hoe krije jimme it yn 'e harsens en gean hjir by Tsjits op it skjinne tafelkleed lizzen! [...] Byt se mar yn 'e bealch, dy smoarge geile wiven.’ Ik fûn dizze sêne fuort geastich, en fuort fielde ik ek it ûnderlizzende drama: dat fan de iensume man, dy't nei waarmte en kontakt longeret en dochs net de krêft hat om syn gerak op te easkjen. In man en in minske is ek yn dy sin folwoeksen, dat it universum fan de skriuwer, it totaal fan syn obsesjes en motiven, der op in beskate manear folslein yn oanwêzich is. Faak sille we yn syn wurk de kwetsbere man oantreffe (in inkelde kear, bygelyks yn it ferhaal ‘Prolooch fan de iensumheid’, is it in frou), dy't it libben amper oan kin en in isolearre posysje ynnimt oan 'e râne fan 'e mienskip. Ek de obsesje mei dea en fergean, dy't by Jan op de moarddiedichheid folget, komme we faker tsjin. De skuld, sa't Jan dy fielt oer syn dieden, wurdt ien fan de dragende motiven yn Van der Ploeg syn wurk. Fierder bart it mear as ien kear dat de kwetsbere man it ôflizze moat tsjin in kweade, bazige frou. En dan is dy man faak ek skeptysk foar it leauwe oer, wylst syn frou wol leaut. Jan en Tsjits hawwe gjin bern, in feit dat net sûnder betsjutting is; it liket de frou mei fersuorre te hawwen, en it liket ek wat te sizzen oer de ûnfruchtberheid fan har relaasje, oer harren ûnfermogen om ta elkoar te kommen. Yn guon lettere boeken sille we it echtpear sûnder bern fannijs moetsje. Op 'e eftergrûn oanwêzich is in sosjaal motyf - Jan Monsma is in earmoedlijer dy't syn hiele libben yn it fabryk klauwe moatten hat - en ek dat komt yn letter wurk werom. Van der Ploeg syn twadde roman, De snoekebek (1972), stekt meager ôf by syn sa ûnthjittende romandebút. De snoekebek docht fan toan en opset gâns tradisjoneler oan, en it hat dúdlik swakke steeën. Van der Ploeg besiket yn dit boek in byld te jaan fan de problematyk fan in earme famylje yn 'e moderne tiid. Mar hy smyt safolle problemen op in bult dat der in wat nayf en forsearre gehiel ûntstiet: heit Wibe Palma krijt ûntslach by de boer, moat yn it ûnpersoanlike fabryk wurkje, de dochter leit it oan mei in neger, moat in bern krije ensfh. Ek yn technysk opsicht docht De snoekebek wat nayf oan, naïver as de ferhalen ‘In plak om te stjerren’ (1969) en ‘In dierber bern’ (1971), dy't yn 'e tuskentiid ferskynden. Van der Ploeg wikselet in auktorieel perspektyf (fan de alwittende ferteller) ôf mei ferskillende personale perspektiven, mei in ‘pluri-personaal’ perspektyf, om in term fan Wadman te brûken, mar dat docht er mei sokke koarte skekken en sadanich fan 'e bûtenkant ôf dat er syn personaazjes psychologysk dan wol oannimlik makket, mar se net echt de kâns jout om ús djip te reitsjen. It boek bliuwt te folle in oanienskeakeling fan nuvere foarfallen. Tematysk binne der ferbiningen mei it debút te lizzen. Haadpersoan Wibe Palma is krekt as Jan Monsma in ferliezer, in wat guodlike man dy't amper tsjin it libben opwoeksen is. Skepsis fan de skriuwer foar it tradisjonele leauwe oer blykt as dûmny en âlderling Tam- | |
[pagina 160]
| |
sma by de famylje komme. Ek yn dit boek fine we in sosjaal engaazjemint: Wibe Palma is de earme lijer dy't de boer en de rike âlderling Tamsma foar him oer hat en dy't yn de hurde, kâlde sfear fan it fabryk net aardzje kin. Aardich is wol it byld fan de samling stikkene auto's op it hiem fan 'e Palma's: symboal fan harren fergees besykjen om maatskiplik te slagjen, yn djippere sin miskien ek fan it minsklik tekoart sec. Yn it folle lettere boek In bit yn 't iis (1996) komt it byld fan it autowrak efkes werom. Twa jier nei De snoekebek folget it Nederlânsktalige Een vers graf (1974), en dat boek foarmet in magistraal hichtepunt tusken Van der Ploeg syn iere romans, nammers in hichtepunt yn syn hiele oeuvre. Sfear en toan fan Een vers graf komme wakker oerien mei dy fan it eardere ferhaal ‘In plak om te stjerren’ (1969), en soms nimt Van der Ploeg sinnen of fragminten oer. Sa lêze we yn it ferhaal op in stuit: ‘It begûn allegear doe't ik op it plat dak siet tusken de fûgelstront en lêst krige fan 'e lever.’ En in pear sinnen dêrnei: ‘Se begriepen fansels net dat it sa slim wie dat ik nei it sikehûs ta moast. Dêr op dat dak fielde ik foar it earst de pine. En út 'e ljisken wei begûn ik stadich ôf te stjerren.’ (Gjin plak op ierde, s. 26) Op side 164 fan Een vers graf stiet hast itselde: ‘Het begon allemaal op het plat dak, toen ik tussen de vogelstront zat. Ze begrepen natuurlijk niet dat het zo erg met me was dat ik naar een ziekenhuis moest. Daar op het dak voelde ik de eerste pijn. Uit mijn liezen vandaan begon ik langzaam af te sterven.’ ‘In plak om te stjerren’, as selsstannich ferhaal hiel goed slagge, hat fungearre as foarstúdzje foar Een vers graf. Een vers graf slút tematysk sterk oan by In man en in minske. Ek hjir treffe we de gefoelige man oan, dy't bûten de mienskip stiet en syn iensume wegen giet. Ek hjir rekket dy man obsedearre troch dea en fergean, ek al is er der tagelyk bang foar, ek hjir spilet in skuldmotyf. Mar der binne in pear belangrike ferskillen. Dêr't Jan Monsma oan 'e ein fan it boek syn kânsen op it libben en de frijheid liket te behâlden, rekket Ay, de haadpersoan fan Een vers graf, stadichoan mear by it libben wei, en uteinlik sil er wierskynlik stjerre. Ay ferliest de bân mei it libben, hy hat de ferstjerring sels nedich omdat de pine fan it libben te grut foar him is. Ay is te gefoelich en hy hat te folle meimakke: skuld, fertriet, eangst hawwe him te djip ferwûne. De nammen fan Ay en syn jonge frou sprekke boekdielen: ‘Ay’, dat is ‘au’, dat is de pine fan it libben; Syn frou hyt ‘Joy’, dat stiet foar freugde, waarmte, libbenskrêft. Een vers graf is in boek dat jo as in mes troch it hert giet. It is in stilistysk masterstik. De op it earste each ienfâldige monoloochfoarm is yn werklikheid op tige raffinearre wize tapast. It hjoed, it ferline, de ferbylding, de petearen, alles wurdt befrissele yn dy monolooch, dy't as in ferbale deadedûns om de ein hinne skermesearret en dy stadichoan mar ûnferbidlik neier komt. De bylden, sawol de bylden fan de dingen dy't har yn werklikheid ôfspylje of ôfspile ha as de bylden dy't foar in part of hielendal it produkt binne fan Ay syn geast, hâlde it hiele boek troch har grouwélige krêft. Foarbylden soe ik by de rûs jaan kinne, mar ik lit it by in pear. Op side 163 tinkt Ay: ‘Soms zou ik willen dat ze mijn afgestorven lichaam van mij wegnamen en het hoofd met de borstkas lieten liggen, zodat ik mijn nog steeds zeer levendige armen geheel om mij heen kon slaan, gelijk een krab zijn lichaam insluit.’ Hiel sterk drukt dit byld út hoe't Ay bedrige wurdt troch dea en pine, hoe't er himsels beskermje wol, en hoe't er dat paradoksaal genôch allinne mar dwaan kin troch it libben ôf te stjitten. Ek de beskriuwingen fan Ay syn wrede ûnderfinin- | |
[pagina 161]
| |
gen út it ferline jeie jo de grize oer de grouwe; dat jildt benammen foar it byld fan de jonge Ay dy't troch de oare jonges krusige wurdt omdat er begrutsjen mei in fûgel toant. De oantinkens oan wrede jeugdûnderfiningen en de oarlochsoantinkens dogge kwa sfear en krêft soms wat tinken oan bepaalde sênes út The Painted Bird fan Jerzy Kosinski, dat út 1965 datearret. Mar dêr't Kosinski allinne de konkrete oantinkens beskriuwt, stiet yn Een vers graf it notiidske proses fan geastlik ôfstjerren sintraal, dêr't dy oantinkens har balstiennen ta bydrage. Nei Een vers graf komt It libbet mar amper (1976), en dy roman docht yn gâns opsichten tinken oan syn foargonger. Fannijs hawwe we te meitsjen mei in man dy't, as gefolch fan foarfallen yn syn libben, yn in isolemint bedarret, in man dy't wanhopich wurdt, net de krêft hat om de wei nei it libben werom te finen. It skuldtema stiet yn dit boek sterk op 'e foargrûn. De haadfiguer, Arend Jongsma, hat in ûngemak mei de auto hân. By dat ûngemak is syn frou omkommen, en hysels oan 'e skonken ferlamme rekke. Hy fielt him skuldich, net allinne omdat it ûngemak it gefolch wie fan syn ferkearde ynhelmanoeuvre, mar ek omdat er syn frou earder ûntrou west hat. Hy is sa traumatisearre dat er hast net oan syn eigen revalidaasje meiwurkje kin, op in stuit besiket er sels om himsels tekoart te dwaan. It libbet mar amper is in knap boek. Arend Jongsma syn psychology is oertsjûgjend, we kinne syn ynderlike prosessen goed neifiele. Dochs mist it de brille fan Een vers graf Krêftige, hallusinatoire bylden spylje in mear ûndergeskikte rol, it aparte, alles opslokkende subjektive perspektyf fan dat lêste boek is ferdwûn. Yn It libbet mar amper fine we in betreklik ienfâldich realisme en in tradisjoneler oandwaande ôfwikseling fan auktorieel en personaal perspektyf. Kwa toan fyn ik it, nettsjinsteande syn
Durk van der Ploeg ±1968 (foto argyf flmd/Anneke Bleeker)
faaks reëlere psychology, en al is it ynhâldliktematysk hielendal in Van der Ploeg, nammers ek minder oarspronklik as de nuvere groteske In man en in minske. Dêr komme dan noch wat oare tekoarten by. De ein - Arend Jongsma fynt it leafdeslok by in oare pasjinte en dus de wei nei it libben werom - is al te rimpen en psychologysk just allesbehalven oannimlik, de dialogen binne wolris wat te eksimplarysk, en ek Arend Jongsma syn dichterskip docht te opsetlik oan. Yn De Amerikaen (1977) giet Van der Ploeg, útsprutsener noch as yn In man en in minske, de wei fan de satire op, mar ditkear mei minder súkses. Govert, de haadpersoan, foldocht wer | |
[pagina 162]
| |
oan alle Van der Ploeg-kritearia. It is in gefoelige ienling, dy't lit hat ûnder de bazichheid fan syn ferstoarne frou Minke; har dea soe in befrijing foar him wêze moatte. Ek twifelet er mear oan God en Tsjerke as Minke die. Govert besiket it lok te finen troch de wei fan in kontaktadvertinsje. Mar dêr reagearret in stokâlde frou op, in Friezinne dy't - seit se - har heale libben yn Amearika wenne hat en no werom nei Fryslân wol. Yn de ferhâlding tusken Alice, de Amerikaanske, en Govert, dy't yn it boek dan sintraal komt te stean, sjogge we in protte werom fan dy tusken Jan en Tsjits Monsma. Govert lit him yn earste opslach troch it Amerikaanske bekstik ynpakke, wurdt hinne en wer slingere tusken moardplannen en meilijen, hy rekket der yn wei, lijt ûnder eangst en skuldgefoelens, tinkt oer selsmoard. Op 't lest krijt er in hertoanfal en rekket er op bêd. Alice moat him no fersoargje, se nimt it stjoer oer, en Govert skikt him benaud. It boek soe it hawwe moatte fan syn nuveraardige kombinaasje fan hilaryske humor en earnst, mar dy kombinaasje docht it net. De humor mist de swarte, tsjustere ferdjipping út In man en in minske, hy is te flau, en tagelyk stiet er sadanich op 'e foargrûn dat de tragyske ûndertoan syn tragyk ferliest. It gegeven dat Govert yn grutte, dwaze eangst in pistoal besiket te ferbergjen dat er yn Alice har guod ûntdutsen hat, wurdt einleas lang útspûn en soks makket it boek langtriedderich. Yn De dei lûkt nei de jûn (1984) besiket Van der Ploeg it realisme op in oare manear te trochbrekken. De roman fernijt ús it wjerfarren fan de bewenners fan it doarp Twifel, dêr't de ingel Gabriël in skoft yn minskestal húsmannet. De ingelfiguer soene jo in hypostasearring of sublimaasje neame kinne fan de typyske haadfiguer út Van der Ploeg syn eardere romans. Dêr't personaazjes as Ay en Arend Jongsma ôfstân fan it libben nimme omdat dat libben har benearret, is yn Gabriël de ôfstân ta it libben foarôf al in feit. Wat Ay en Arend net fine kinne: folsleine frijheid fan pine, skuld en eangst, dat is yn Gabriël dalik realisearre. It idee om gewoane minsken mei in ingel te konfrontearjen is op himsels nijsgjirrich, en dat jildt ek foar guon aspekten fan de útwurking. De ôfstân tusken minsken en ingel is sa grut, dat dy ingel, hoewol troch guon, benammen troch froulju, tige bewûndere, yn in soartemint folksgerjocht om hals brocht wurdt; Van der Ploeg liket dêr de aardige filosofyske gedachte mei te ferbyldzjen dat wy minsken folsleine perfeksje net ferdrage kinne - dêr binne we ommers ‘Twifelers’ foar. Mar as gehiel is de roman dochs net slagge: der ûntbrekt in sterke line, it bliuwt te folle in samling aardige barrentsjes, it boek wit syn op himsels tige dramatyske tema ûnfoldwaande djipte te jaan. De personaazjes misse de yntinse tragyk fan in Ay of in Arend Jongsma; de psychology bliuwt te folle oan 'e oerflakte, de ôfwikseling tusken auktorieel en pluri-personaal perspektyf is te foarsisber. Folle better slagge is it ek út 1984 datearjende ferhaal ‘Dowen’, dat it realisme wer opsiket en tematysk goed te ferbinen is mei in boek as Een vers graf, mar bygelyks ek mei In man en in minske. In man - we sjogge de trekken fan in Jan Monsma en in Govert - lijt ûnder it regear fan syn bazige, kweade frou. Hy fantasearret oer in bûtenechtlike leafde, mar doart dy leafde net te realisearjen, mei omdat er dochs meilijen mei syn frou hat, en úteinlik giet er ûnder: hy docht himsels tekoart - lykas Ay, en yn earste ynstânsje Arend Jongsma, siket er de dea op omdat er it libben net fine kin. It ferhaal hat in bysûndere foarm. It is in monolooch, mar dy monolooch wurdt útsprut- | |
[pagina 163]
| |
sen yn de twadde persoan. It is foar it earst dat Van der Ploeg mei dizze technyk eksperimintearret, mar it sil net foar it lêst wêze. Yn de novelle Bertegrûn (1993), yn guon fragminten fan de ferhalen ‘It ôfskie’ (1989) en ‘De evakuee’ (1992) en fan de novelle De winter komt (1984) komt er werom, en yn ‘It ôfskie’ wurdt ús dúdlik makke wat syn funksje is. Nei in tal rigels yn de twadde persoan lêze we dêr it yn personale en monolooch-foarm getten kommentaar op: ‘Se fernimt dat se jankend yn harsels praat yn de twadde persoan. “Myn geast hat tsjin it lichem praat. Wa bin ik? Tsjin wa praat ik?”’ It is de ferfrjemding fan de minske foar himsels oer dy't troch de wei fan de twadde persoan-technyk útdrukt wurdt. As Van der Ploeg de do-foarm brûkt, is der sprake fan in minske dy't it kontakt mei syn lichem ferliest, dy't ‘dissosearret’ of ‘net by syn gefoel komme kin’, om mar ris wat hjoeddeisk terapeute-jargon yn it nekfel te krijen. Yn 1984 ferskynde boppedat De winter komt, in novelle fan 59 siden, in topwurk. Problematyk en tematyk binne benammen te ferbinen mei dy fan In man en in minske en De Amerikaen, en ek mei dy fan it koarte ferhaal ‘Dowen’. Brand, in âldere man, gefoelich, kwetsber, skeptysk foar it leauwe oer, wennet op 'e romte mei syn frou Baef, in seksueel kâlde, leauwige fekke dy't him it libben knap ûnmooglik makket - we binne wer thús, of like fier fan hûs as altyd. Baef stroffelet oer in tried dy't troch Brand dellein is, as se raast hâldt er him dôf. Efkes letter treft er har dea oan. Mar dan begjint er him ûngemaklik te fielen. Omdat er net kaam doe't se rôp en omdat se foel oer syn tried, foar't neist ek omdat er har faak dea winske hat, wurdt er bang dat er skuldich befun wurdt oan har dea. Hy bedobbet har stikem sels en begjint tsjin oaren te ligen dat se fuort is of net mear fan 't stee komt. Stadichoan rekket er de gryp op it libben kwyt en op 't lêst ferhinget er himsels. De novelle hat grutte yntinsiteit, der stiet gjin wurd te folle yn. Brand syn psychologyske ûntjouwing wurdt hiel subtyl oproppen. Fertriet, skuld, langstme, gemis, ûnmacht - al dy gefoelens binne oanwêzich, dizze minske wurdt yn in smite fasetten delsetten. It konkrete barren krijt yn al syn ienfâld symboalyske krêft. De troch Brand spande tried is suver symboal foar syn moardsucht, en tagelyk ek fan syn skuld; syn stadige geastlike ûndergong rint lykop mei it ynfallen fan de winter. De winter is nammers in byld dat by Van der Ploeg faker mei de dea ferbûn wurdt, tink mar oan de lêste wurden fan Een vers graf: ‘Nee, Joy, Arnaud, Annie, nu komt de winterkou. Ik zie het sneeuwen en het wit wit wit.’ (s. 172) Ek yn stilistysk opsicht fyn ik De winter komt in nijsgjirrich wurk: de mear tradisjonele ôfwikseling fan auktorieel mei personaal perspektyf wurdt befrissele mei de modernere monolooch - en dy dan sawol yn de earste as yn de twadde persoan. Dy fariaasje draacht by oan de spanning en de direktens fan it boek. De ein, in stadige ‘fade-out’, fan it personale nei it auktoriële, is effektyf: de yntimiteit fan it libben makket romte foar de kâlde ôfstân en de ivichheid fan de dea. | |
II. 1988-2000: It ûnberikbere lokMei De jacht (1988) iepene Van der Ploeg in searje fan fjouwer romans dy't twa aspekten mien hawwe. Yn alle fjouwer spilet de Twadde Wrâldoarloch in wichtige rol, en alle fjouwer wurde se situearre yn 'e Dongeradielen, de streek dêr't Van der Ploeg it grutste part fan syn berne- en jongfeintejierren trochbrocht. De jacht ûnderskiedt him yn safier fan de eardere romans, dat dy twa aktive haadfigue- | |
[pagina 164]
| |
ren hat en dat de sintrale fabel bestiet út it ferrin fan harren dramatyske konfrontaasje. It binne Former Bloemkamp, de sterke natuerman, yn it leauwe frijtinker en yn it politike soasjalist/anargist, ienling út frije wil, en Lútsen Idsardi, bûtensteander nettsjinsteande himsels, de ûngeloksfûgel, ivich en erflik it pispealtsje. De mannen lizze elkoar fan natuere al net. Ek yn polityk opsicht geane se oare wegen. Lútsen, troch syn mislearringen rankuneus en wanhopich wurden, rekket by de NSB en wurdt yn 'e oarloch lânwacht, wylst Former fûleindich anti-Dútsk is. Lútsen ferriedt dûmny Cohen - in histoaryske figuer - anty-militarist, krekt as Former. En as Lútsen dan ek noch syn ferkearing oan Former kwytrekket, sit de lont fan beide kanten djip yn it krûdfet. De jacht is yn skriuwtechnysk opsicht gjin spektakulêr boek, mei syn nochal tradisjonele ôfwikseling tusken in auktorieel en in mearfâldich personaal perspektyf, mar it set de beide haadfigueren libben foar jin del en it lêst as in trein. De dramatyske spanning wurdt stadichwei opfierd, en bliuwt eins hast oan 'e ein ta grut. Dochs sjit de skriuwer in psychologysk/kompositoaryske bok. Hy lit Former, dy't ûnderdûkt sitten hat en by de befrijing weromkomt by syn Hinke, himsels tekoart dwaan. De direkte oanlieding is de dôvens fan syn krekt berne twilling, dy't er foar it earst sjocht. Mar fan Former, dy't it hiele boek troch blyk jûn hat fan syn libbenskrêft, wol my dit absolút net oan. Syn bern binne net dea, se libje; soe by sa'n natuerman dan net de fitale grutskens sterker wêze as de teloarstelling oer de dôvens? Just de anty-Dútske Former soe ek bliid wêze moatte mei de befrijing, bliid wêze moatte dat er Hinke wer sjocht, fan wa't er hâldt. Boppedat lit de skriuwer Lútsen al te stilwei út it boek ferdwine; we fernimme net hoe't hy de befrijing ûndergiet, wylst we de twa opponinten fierder it hiele boek troch folgje. Ut 1989 datearret ‘It ôfskie’, in sterk en benearjend koart ferhaal oer in gefoelige, labile frou. Se besiket geastlik ôfstân te nimmen fan har wrede man Hâns, dy't al earder it hûs út rekke is. Moai wurdt yn dit ferhaal suggerearre hoe't de frou har oan 'e iene kant befrijd fielt no't Hâns fuort is, mar hoe't se oan 'e oare kant te swak stiet om har allinne te rêden. De frou docht tinken oan guon mânljusfigueren út earder wurk: oan Brand en oan Jan Monsma bygelyks. Yn de wrede Hâns, in apteker yn oplieding, dy't op syn frou eksperimintearret, sjoch ik in fariaasje op de bazige frouljusfigueren fan foarhinne. Lykas Brand de dea fan syn frou as in befrijing ûndergean wol, wol dizze frou har ferlost fiele no't Hâns fuort is. En sa't Brand de iensumheid en de skuld net drage kin, sa kin sy de iensumheid en wrede oantinkens net de baas. Krekt as yn De winter komt en Een vers graf slagget Van der Ploeg der yn dit ferhaal yn om konkrete bylden grutte geastlike betsjutting te jaan. De frou fytst de hiele stêd troch mei in pûde mei klean en aptekersmateriaal fan Hâns - in skrinend byld: se wit net wer't se it ôfeart litte moat, lykas se ek har ynderlik ôfeart mar net kwytreitsje kin. It ferhaal krijt faasje en direktens troch syn raffinearre ôfwikseling fan personale fertelling mei monolooch yn ik- en do-foarm. Yn ‘De evakuee’, in ferhaal út 1992, hawwe we op 'e nij te meitsjen mei in gefoelige man en syn bazige frou. De man is lang lyn, yn 'e oarloch, seksueel betaast troch in evakuee, dy't er doe op 't lêst mei in skjirre ferwûne. Op in fakânsje moetet er de evakuee wer, en hy rekket fan slach. Dit ferhaal kin lêzen wurde as opmaat ta Van der Ploeg syn lêste trije oarlochsromans: yn al dy trije romans giet it benammen om de oantinkens oan 'e oarloch, yn alle trije wurkje | |
[pagina 165]
| |
dy oantinkens traumatisearjend. Spesjaal is ‘De evakuee’ dan noch te ferbinen mei It lekken oer de spegel en Reis nei de Kalkman, omdat it klisjeebylden nuansearret. In oarlochsevakuee is yn it klisjeebyld in begrutlik slachtoffer: mar yn dit ferhaal wurdt it in wrede agressor. Sa komt yn It lekken oer de spegel de fersetsheld yn in diskutabel deiljocht te stean, en wurde yn Reis nei de Kalkman suver alle klisjeefoarstellingen oeral helle. Yn 1993 ferskynde de novelle Bertegrûn, in boek fan mar 111 siden, nei de data ûnder de lêste side te oardieljen yn noch gjin oardel moanne skreaun. Ik rekkenje dit behindige wurkie lvkwols net allinne ta it hêste dat Van der Ploeg skreaun hat, mar ek ta it bêste dat de nei-oarlochske Fryske literatuer überhaupt oplevere hat. We hawwe hjir te meitsjen mei in - op 'e nij - gefoelige, labile man, dy't de wei nei lok en libben earder al slim fine koe, mar dy't as syn deminte mem te ferstjerren komt en syn freondinne by him weigiet hielendal op 'e doele rekket. Hy moat syn hûs út, omdat er gjin rekkens betellet, hy begjint te swalkjen, en op 't lêst beslút er om in hûs te bouwen op it plak dêr't syn bertehûs stien hat. As dat hûs tsjin 'e grûn smiten wurdt, bout er op itselde plak wer in hûs, mar no ûnder de grûn, en by in nije oanfal fan 'e bulldozers rêdt er it libben der mar krekt ôf. Der liket in maatskippijkritysk motyf oanwêzich - dêr't we bygelyks ek yn Een vers graf, De snoekebek en In man en in minske spoaren fan oantroffen: it motyf fan it kwetsbere yndividu dat ûndergiet yn in fersaaklike, ûnpersoanlike wrâld. By Durk van der Ploeg foarmet de aktuele maatskippijkrityk lykwols nea it haadpunt: de problematyk ûntstiet yn dizze boeken foaral út de yndividuele psychology wei. De do-foarm, it perspektyf-eksperimint dat we earder yn it folsleine ferhaal ‘Dowen’ en fierder noch in pear kear fragmintsgewiis oantroffen, krijt hjir syn optimale effekt. Dy foarm slút treflik oan by de psychology fan de man, dy't ‘himsels’, syn lok, de wei nei it libben, net fine kin. De man siket syn bertehûs op 'e nij op, en fansels betsjut dit alderearst dat er wanhopich syn geastlike thús besiket te finen, dat er siket om rêst foar syn geast en syn siele - net foar neat hat er oan it lest ta in Kristusbyldsje by him. Mar syn syktocht krijt ek de betsjutting fan in likenis; it boek oerstiicht syn realistyskpsychologyske ynhâld, sterker noch as De winter komt. It ferhaal fan de man dy't syn ‘Bertegrûn’ opsiket, ferwiist nei de minske yn it algemien, sa't dy't yn it libben stiet as ûnwennich en sykjend wêzen. It boek as gehiel wurket as metafoar; en yn dy metafoar sit in fracht oan sterke bylden ferwurke: ik neam de toer fan lege kratten dêr't de man in troan fan meitsje wol - skitterjend byld fan it breklike besykjen fan de mins! - en syn frjemde tocht troch de krûpromte ûnder syn hûs - byld fan de minske dy't him foar it lijen ferskûlet en dy't yn it tsjuster taast nei syn oarsprong. Dy algehiele metafoaryske wurking jout de do-foarm in dûbeld effekt. Realistysk-psychologysk betsjut dy foarm dat de man ferfrjemde mei himsels omgiet. Mar mei't it boek metafoar is, liket de skriuwer yn de do-foarm ek te petearjen mei himsels en syn meiminsken: tinkst datst hiel wat foarstelst, sa skynt er yn dat petear skealik te sizzen, mar eins bist - yn elts gefal foar in part - in wêzen dat wanhopich en fergees siket om rêst, leafde en wissichheid. Mei It wrede foarjier (1994) ferfolget Van der Ploeg syn rige oarlochsromans. Oars as yn De jacht brûkt Van der Ploeg no de ik-foarm, dy't moderner oandocht. Haadpersoan is Tie, in âldere man, dy't noch ien jier te libjen hat, en weromsjocht op syn ûnderfiningen yn de lêste | |
[pagina 166]
| |
oarlochsjierren. Tie wie yn dy tiid in opgroeiende jonge. Syn famylje hie ûnderdûkers en kaam oan 'e earen ta yn it fersetswurk te sitten, mar hy waard dêr sels net yn behelle omdat er noch te jong wie. Hy fielde him dan ek bûtensletten, isolearre - we werkenne de wenstige trekken fan de outsider. It skuldtema stiet yn dit boek foaroan. By in razzia waard der by Tieen-dy thús nei alliearde wapens socht. Tie hie in Ingelske kûgel en ferburch dy benaud yn in jasbûse fan in ûnderdûker. De Dútskers fûnen de kûgel en mei as gefolch fan dy fynst waard syn heit fusilearre en rekken trije ûnderdûkers finzen. Yn it boek skriuwt Tie syn wjerfarren op ‘om kwyt te reitsjen wat myn libben in heale ieu belêste hat’ (s. 13): it is benammen in bycht. We komme werom by In man en in minske, Een vers graf en De Amerikaen en it ferhaal ‘De evakuee’, omdat ek dêr de haadfiguer geduerich omrint mei in geheim. Yn In man en in minske moat Jan Monsma syn moardplannen ferbergje foar syn frou en ek foar oare minsken, en as syn frou dea is, mei er de oarsaak fan dy dea net ferriede. Yn Een vers graf wol Ay syn djipste eangsten net oan de psychiater ferriede, omdat er bang is dat se ûntdekke sille dat er slim siik is en dat er útlevere wurdt ‘aan het medische apparaat’ (s. 57). Yn De Amerikaen besiket Govert hiel lang om Alice har pistoal te ferbergjen. En yn It wrede foarjier spilet it ferbergjen fan in geheim in mearfâldige rol. Yn earste ynstânsje moat de jonge Tie ferbergje dat der yn syn hûs ûnderdûkers sitte en fersetsdieden dien wurde. As er by it boartsjen per ûngelok in kear pakt wurdt troch de Dútskers, swijt er mei klam, mar seit er op 't lêst dochs syn adres; dat feit ferberget er dan thús wer, út skamte. En nei de needlottige ôfrin fan de razzia moat Tie tenei in geheim drage dat syn libben behearsket. Yn It wrede foarjier wurdt, krekt as yn De jacht, in protte spanning opboud. Mar mear noch as foar De jacht jildt foar dit boek dat de ein net oertsjûget. De skriuwer beslút syn boek mei in epilooch dy't in te fredige, berêstende toan hat, folslein yn tsjinspraak mei de sfear fan spanning troch skuld dy't er it hiele boek troch opboud hat, en dy't as sadanich in antyklimaks foarmet. Boppedat wurdt it skuldtema te eksplisyt en te faak oer it fuotljocht brocht, sadat it boek oan suggestive krêft ferliest. Reis nei de Kalkman (1995) is de tredde roman út de searje. De oarloch ropt dizze loop grutte ynhâldlike rykdom op. Sintraal stiet de ûntjouwing fan de leafde tusken Anna Richter en har Dútske buorman Günther, dy't úteinlik mistribelet omdat Anna har leafde fielt as - skuldich! - ferrie oan har man Jelle, yn 'e oarloch as fersetsman omkommen. De oarloch stiet de leafde yn 'e wei, lês ik dêr as tema yn, en datselde tema wurdt yn it boek nochris oanrekke yn in sydtûke. Gretha, Anna har freondinne, hat yn 'e oarloch ferkearing krige mei in Dútsker, dy't letter oan it eastfront stoar. Oeral yn Reis nei de Kalkman liket de skriuwer te warskôgjen foar simplifisearring fan ús fisy op it oarlochsferline. Günther is in Dútsker, mar blykt fûl op Hitler-Dútslân tsjin west te hawwen. Gretha wie in ‘moffehoer’, mar yn it boek wurdt har leafde foar de Dútsker heroysk. De famylje fan de ik dy't it boek skriuwt hat ûnderdak jûn oan in Dútske soldaat dy't desertearre. Wolfgang, Günther syn broer, dy't Anna har man wierskynlik fermoarde hat en yn 'e oarloch as in wreden hont bekend stie, lit in krânse op Anna har grêf lizze omdat er him ferantwurdlik en skuldich fielt. Hieltyd wer moatte we ús byld fan de personaazjes bystelle en ferdjipje. Ik fyn it boek better as syn beide foargongers. It is hecht komponearre en rekket syn | |
[pagina 167]
| |
Durk van der Ploeg 1990 (foto argyf flmd/Bertus Klazinga)
kompaktens oan 'e ein net kwyt troch nedeleaze útlis en abstrahearring. It sit technysk knap yn elkoar en giet op in eigentiidske manear om mei it perspektyf. Op 'e nij brûkt Van der Ploeg de monolooch-foarm, mar ditkear op in folle kompleksere wize. De ik wurdt nammentlik net allinne opfierd as personaazje dat syn eigen ûnderfiningen beskriuwt, mar benammen as observator. Hy makket notysjes - sa wurdt yn dit boek, lykas yn It wrede foarjier, it skriuwen tematisearre - fan de deiboeken fan Anna, ien fan de wichtichste haadpersoanen, en fan petearen mei de oare figueren. De ik moat it dêrtroch dwaan mei in frij passive rol, mar it aardige is, dat ek dy passiviteit tematyske betsjutting krijt: hy fielt him oan 'e ein fan it boek skuldich oer it feit dat er te min foar Günther dien hat, ek foar him jildt: ‘skriuwe is bychte’ (s. 191). En hoewol't we de ik mooglik in te grutte passiviteit ferwite kinne - troch syn ei- | |
[pagina 168]
| |
gen leafde foar Anna hie er ek in motyf om Günther net by te stean - is syn skuld tagelyk ek sa non-spesifyk dat er nei in universele eksistinsjele skuld liket te ferwizen; wa fan ús hat altyd genôch dien om syn meiminsken by te stean? Yn It lekken oer de spegel (1995), de lêste oarlochsroman, hâldt Van der Ploeg it hege nivo fan Reis nei de Kalkman fêst. Ek hjir is de nuansearring fan it klisjee belangryk. Benjamin, de ferteller, en syn bruorren en susters, hawwe altyd tocht dat harren broer Simon de deis foar de befrijing troch útnaaiende Dútskers en kollaborateurs delsketten is, en syn heldedea hat harren holpen om har mei syn dea te fersoenjen. Mar yn 'e rin fan it boek blykt Simon al moannen foar de ein fan 'e oarloch troch it ferset op non-aktyf steld te wêzen; hy is yn min ofte mear ûnearfolle omstannichheden omkommen. Van der Ploeg ekspearimintearret yn It lekken oer de spegel op 'e nij mei de foarm. Benjamin ferhellet ús de skiednis fan Simon, en fan syn eigen ferhâlding ta Simon, fia syn eigen deiboek, en dêrneist fia lûdsbantsjes dy't er opnaam op famyljedagen. Dy perspektivyske fariaasje wurdt goed en effektyf tapast. It boek lest as in detektive, dy't stikje foar stikje de wiere tadracht fan Simon syn dea priisjout. Ek seit it boek ús wat oer hoe't we yn mear algemiene sin mei ús beminde deaden omgeane. Benjamin wol de neitins oan Simon net skansearje litte, omdat er Simon as in goede ingel by him hâlde wol. Dy goede ingel blykt úteinlik haadsaaklik in kreaasje fan himsels, hy hat der ferlet fan, om it gemis oan in deade broer te kompensearjen, faaks ek om skuorren yn syn eigen libben te lymjen. Dêrmei seit it boek tagelyk ek wat oer de pretinsje fan it skriuwen, fan de keunst. ‘Is alles wat ik opskriuw ferlern?’ sa freget Benjamin him ôf. ‘Dan is it ûnthâld in wreed oardiel, en it libben sinleas.’ It lekken oer de spegel is in roman oer de betsjutting dy't de minske oan syn oantinkens jaan wol. Nijsgjirrich fyn ik it ferhaal ‘Needlot’ (1995), omdat it it wenstige skuldtema mei klam algemien-minsklike betsjutting liket te jaan. In oerienkomst mei de roman Reis nei de Kalkman is, dat de passiviteit fan de haadpersoanen har skuldich skynt te meitsjen. Yn dit gefal bestiet der lykwols gjin freonskipsrelaasje mei de slachtoffers en is der noch minder as yn Reis nei de Kalkman sprake fan oanwiisbere skuld. Fan gefolgen wurdt de skuld en it skuldgefoel yn dit ferhaal sterker ferbûn mei it libben as sadanich, wurdt der sterker in aspekt fan it minske-wêzen mei útdrukt. Wierskynlik moatte we sizze dat dêrmei yn dit ferhaal nei de foargrûn helle wurdt wat yn in protte oare boeken bedutsener oanwêzich is. De ferhalen ‘Needlot’ en ‘Twa heiten’ (1992, 1995 en 1996) lykje fierder it kompassy-elemint te beklamjen dat yn Van der Ploeg syn fassinaasje foar de bûtensteander en de ferhûddûke minske fielber wurdt. Nei de Dongeradielster searje brocht Van der Ploeg noch twa oare romans út. De earste wie In bit yn 't iis (1996). Tim Buma, de haadpersoan út dat boek, is, lykas sa faak, de problematyske ienling dy't der net yn slagget de wei nei libben en lok te finen. Ek as er op lettere jierren noch in frou moetet, Els, wurdt it him net. De twa kinne elkoar net berikke; op de mominten dat Tim sin oan Els hat, bedjert er de boel troch der te ferwoest yn te batsen; en as Els op him ta wol, is hy geastlik ôfwêzich en ûnberikber. Ek Tim lijt ûnder in geheim. Hy hat earder troud west, en der is in soan út dat houlik, mar hij ferswijt soks foar Els. Dat is namste dramatysker, omdat Els just longeret op Tim syn ‘be- | |
[pagina 169]
| |
stjurre driften en geheimen’ en him der nei alle gedachten net om ôfwize soe. Dochs wurdt de outsider yn dit boek op in nije manear beljochte. Tim Buma komt stadichwei ta oanfurdiging fan syn tekoart - hy komt ta de konklúzje dat ‘begearte it moaiste is wat it libben bringe kin’; hy fynt syn lok yn de langstme nei it lok. Op dit stik soene jo it boek suver in wat positivere pendant fan Bertegrûn neame kinne. De byldzjende ein - Tim komt, by ûngelok, om yn in sels oanstutsen fjoer, lykas professor Kien yn Die Blendung - foarmet de konsekwinsje fan dy geastlike staat: it fjoer symbolisearret, sa lês ik, de langstme, en Tim komt der yn om mei't de langstme syn uterste ferfolling is. Yn Skepsels fan God (1998), giet Van der Ploeg op 'e nij werom nei syn bertestreek. De roman hat de opset fan in dokumintearre roman oer histoaryske gegevens, mar dy opset is in ferrifeljende skriuwerstrúk; it giet hjir om suvere fiksje. Alles draait yn dit boek om de twilling Wander en Tsjaard van Kleffens, problematyske ienlingen wer, mannen dy't bûten de mienskip steane. Ik sjoch oerienkomsten tusken oan 'e iene kant Wander en Tsjaard, en oan 'e oare kant Former Bloemkamp en Lútsen Idsardi út De jacht. Ek hjir stjitte we op de opposysje fan de fitale natuerman, dy't boppedat yn saken fan it leauwe skeptysk en frijtinkerich is, en de kwetsbere ferskoppeling. Skepsels fan God is in aardich boek. De psychology fan de beide jonges wurdt mei wisse pinsielstreken troffen, it ferhaal wurdt goed ferteld, treflik opboud ek; de komposysje is hechter as dy fan De jacht, de ûntknoping foarmet no echt in dramatyske klimaks en by beide haadpersoanen wurde de triedden ôfbreide. De kultuerhistoaryske kontekst krijt behoarlik foarm - boeiend yn dat opsicht binne bygelyks de passaazjes oer it konvintikel dat Tsjaard besiket, en ek dy oer de hynstetrem dêr't Wander mei nei hûs ta reizget. It is lykwols ek in tradisjoneel boek, dat krekt as De jacht de wat foarsisbere ôfwikseling sjen lit tusken auktorieel en personaal perspektyf. Boppedat, of miskien mei dêrtroch, wurdt it ynderlik libben fan de personaazjes soms ryklik fan bûtenôf beskreaun. Wat dat oangiet fyn ik it boek minder nijsgjirrich as bygelyks de lêste twa oarlochsromans en as In bityn 't iis, mar yn wêzen ek minder eigen en apart as In man en in minske. Dêr komt dan noch by dat Van der Ploeg wat te eksplisyt en te faak doelt op de needlottige ôfrin fan it ferhaal. It wurk fan 'e duvel, Van der Ploeg syn lêste roman (2000), is benammen te ferbinen mei De jacht en Skepsels fan God. Ek yn dit boek giet it om in wiid útwaaierjende fertelling, in epos suver, en ek hjir leit it aksint sterk op de ûntjouwing fan it dramatyske konflikt. Ek yn skriuwtechnysk opsicht folget it boek fierhinne it tradysjonele patroan fan syn beide foargongers, mei syn ôfwikseling tusken in personaal en in auktorieel perspektyf. Oars as yn de twa oare boeken hat It wurk fan 'e duvel lykwols mar ien sterke, aktive haadpersoan. It is de wûnderdokter Hartman Lautenbach, berne by Kûkherne op 'e heide. Hartman is in man dy't bûten de mienskip stiet, hy hat de bewende trekken fan de ienling. Kwa aard docht er tinken oan Wander Kleffens en Former Bloemkamp; Hartman is de sterke natuerman en ek de skeptikus, dy't it byleauwen fan syn streekgenoaten brûkt. Noch in ferskil mei de beide oare grutte ‘epen’ is it feit dat de tsjinstanners yn it dramatyske konflikt ditkear as persoan nochal op 'e eftergrûn bliuwe. Se meitsje diel út fan 'e heidemienkip, dy't Hartman úteinlik as mienskip feroardielet en in folksgerjocht oandocht. It | |
[pagina 170]
| |
motyf fan it folksgerjocht - by útstek it tragyske lot fan de bûtensteander - troffen we earder oan yn De dei lûkt nei de jûn, Reis nei de Kalkman en Skepsels fan God. It wurk fan 'e duvel hellet it net by de eardere twa ‘epen’. It wichtichste punt is wol dat Hartman syn psychologyske ûntjouwing my net oertsjûget. Beskiedende barrens lykje te faak fan bûtenôf oan Hartman optwongen te wurden, te min fuort te kommen út syn ynderlik. De flashbacks, dy't de skriuwer foar de feroaring troch de personale en auktoriële passaazjes hinne frissele, hawwe almeast te min betsjutting foar de rinnende tekst. Boppedat wurdt de tsjustere ein fan it boek ek hjir te neidruklik oankundige. | |
III. De psychologyske roman libbetVan der Ploeg syn tematyk is werkenber en autintyk: hy skriuwt faak oer de gefoelige minske, dy't it libben amper of net oankin, de minske dy't lijt oan it libben, dy't ek lijt ûnder de oare minske. Syn haadfigueren sykje altyd it lok en it libben, de frijheid en de ferfolling, mar gauris wurde se de wei fan de ferstjerring en it fergean opdreaun, omdat se de lest fan har libben - fan de pine, it trauma, de eangst, de skuld - net drage kinne. Fan 1988 ôf feroaret der wat yn syn wurk. De problematyk fan de ienlingen wurdt tenei minder beskaat troch har yndividualiteit allinne; se wurde faker as earder aktyf ûnderdiel fan in dramatysk konflikt, lykas yn De jacht en Skepsels fan God. Ek komme se dúdliker yn in sosjaal-maatskiplik en histoarysk fermidden te stean, benammen yn de oarlochsromans. Yn Reis nei de Kalkman is it eins mear it oarlochsbarren as it persoanlik ûnfermogen dat Günther en Anna by elkoar weihâldt - al is it fansels keunstmjittich om dy twa eleminten te skieden. Van der Ploeg is almeast in goed ferteller en in skriuwer dy't oer in treflik empatysk fermogen beskikt. In roman as De jacht, betreklik tradisjoneel fan opset, boeit ús dêrom hast it hiele boek troch en ek Skepsels fan God is in slagge fertelling. Mar nijsgjirriger wurdt syn wurk as er syn haadfigueren ticht op 'e hûd sit, lykas yn In bit yn 't iis of It libbet mar amper. Ta syn topwurk rekkenje ik Een vers graf, Bertegrûn en De winter komt en ek koarte ferhalen as ‘It ôfskie’. Yn dat wurk set er op fasetrike wize komplisearre karakters del, it hat grutte yntinsiteit, it byldmateriaal is oarspronklik en oangripend. Boeiend fyn ik ek de lêste twa oarlochsromans, Reis nei de Kalkman en It lekken oer de spegel, dêr't er de problematyk fan it traumatisearjende oarlochsferline út in eigentiidsk subjektyf perspektyf wei en mei slagge nuansearring beljochtet. Yn syn bêste boeken is er modernist tusken de modernisten; guon bylden en tema's roppe oantinkens op oan it wurk fan Wolkers en Kosinski, de lêste oarlochsromans binne tematysk te ferbinen mei dat fan Hermans. Binnen de Fryske literatuer binne der tematyske oerienkomsten oan te wizen mei de boeken fan Riemersma en Wadman. By dy beide skriuwers giet it faak allyksa om de bûtensteander en de ferliezer; fierder docht de tematyk fan de nuansearring fan it oarlochsferline him benammen by Wadman noch alris foar. Ek kwa styl en perspektyf beskôgje ik dat wurk as modern, sawol as er allinne de monolooch brûkt, lykas yn Een vers graf, as wannear't er de monolooch ôfwikselet mei de personale en de do-foarm. Hiel bysûnder yn stilistysk opsicht binne Een vers graf en Bertegrûn; de earste roman omdat dêr yn de monolooch hjoed, ferline en hallusinaasje op ferrassende wize mei elkoar befrissele wurde; de lêste omdat dêr de do-foarm op folslein oarspronkli- | |
[pagina 171]
| |
ke wize en mei grut risseltaat tapast wurdt. Der binne allerhande arguminten yn te bringen tsjin Rodenko syn stelling dat de psychologyske roman dea is. Ien fan de sterkste, dat nammers al yn 1956 troch Vestdijk utere waard, is it argumint dat de psychologyske roman de moderniteit oerlibbe hat - dat der ek hjoed de dei noch goede psychologyske romans skreaun wurde, mei moderne middelsGa naar eindnoot3.. Van der Ploeg syn bêste wurk befêstiget dat argumint op in fitale manear. |
|