Trotwaer. Jaargang 32(2000)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 155] [p. 155] Harmen Wind Foarbehâld Woest wol wat dryster en bretaler wêze, brûs op 'e bek en einekroas yn 't hier, fûleindich mei dyn frijheid yn it spier en 't froede folk ris goed it leksum lêze. Do hiest wol graach wat grutter libje wollen, mei wat mear faasje, wat mear aventoer, spotgnyskje om de earmoed fan de sloer fan feiligens, de treast fan hoal en golle. Do soest sa stomme graach wat heger fleane, in see-earn wurde, driuwend op 'e wyn om del te stoarten op it oefte, earne yn gea of weagen, in skelfisk of knyn. Mar witst net iens oft earnen noch besteane en mei dyn hichtefrees doarsto de loft net yn. [pagina 156] [p. 156] Reis Fieldest myn hannen, op dyn lichem ûnderweis en folgest se benijd, dyn siken stiken. Se skytskoarren, mar wisten net fan wiken en lieten hertstocht mei har waarmte nei, en mei har kiizjen langstme; do ûntjoechst dyn lea, dyn driften krigen stim, ynienen fernaam ik net mear wêr't myn hannen wienen, mar fielde datst my as in hynder droechst. Ik hie de leie net, hoe hie ik stjoere kinnen op dizze reis? Yn 't giizjen fan dyn amme hearde ik heech en ûnberikber fier myn namme, klamme my oan dy fêst en liet dy rinne. Fan'moarn fûn ik mysels, in sânruter, beskamme; ik hie myn hannen wer, mar fierder lei 'k allinne. [pagina 157] [p. 157] Wêzen Ha my mar leaf, ik bin net te betrouwen. Net yn myn groet bin ik, yn myn beloften net. Net yn myn earmen om dyn neakenens, myn siken op dyn liif, myn laits, myn lûd, myn grime. Net yn myn trou oan dy bin ik, ek yn myn gean en kommen hasto gjin hâld oan my. Mar ienris sil, út leagen, skyn, fersin, ik wurde wa 't ik wie, as ik der net mear bin. Wat soe ik sûnder dy. Vorige Volgende