Fierder nei Frsk: Trotwaer in magazine?
Jan Pieter Janzen
Frsk is net mear. It breed opsette, meartalige moanneblêd foar alle Friezen, dat yn septimber foarich jier mei safolle faasje út ein sette, hat it yn maart oerjûn. It fjirde nûmer wie tagelyk it lêste. Spitich, want oan de ynhâld hat it him net lein - dy wie lang net gek. Okee, de ferpakking doogde net, mar dêr hie noch wol wat oan dien wurde kinnen. Nee, dit troch de Provinsje sa rynsk stipe taalbefoarderingseksperimint rûn op 'e non troch organisatoaryske swierrichheden: in minne besoarging en in tekoart oan advertinsjes (dat lêste foaral troch de konkurrinsje fan nije hûs-oan-hûs-útjeften fan de Ljouwerter Krante en it Frysk Deiblêd, dat nota bene mei oan 'e widze fan Frsk stie).
Hoe no fierder mei de Fryske tydskriften? Dat wie de fraach dy't Eelke Lok op 4 april yn Breedbyld foarlei oan trije politisy, twa útjouwers en myn persoan as tydskriftredakteur.
Op eigen manneboet - ‘wy ha der yn de redaksje noch net oer prate kinnen en it der dus ek noch net mei de útjouwer oer hân’ - bin ik doe yn 'e pleit gongen foar it fierder ferbreedzjen fan Trotwaer. Dat gong likernôch sa:
Der gappet in grut gat tusken de F-side yn de deiblêden en de literêre tydskriften. Foar Frysk en Frij en de Strikel is neat yn it plak kommen. Mei it mislearjen fan Frsk takket de plurifoarmiteit fan de Frysktalige media noch fierder ôf. Fergelykje dat ris mei de Nederlânske sitewaasje, dêr't kultuer, literatuer, polityk en histoarje har gerak krije yn tal fan deiblêden en periodiken.
Soe dat gat - foar in part - net opfolle wurde kinne troch Trotwaer fierder út te bouwen ta in meartalich algemien-kultureel (opiny)blêd foar in breder, ynteressearre publyk? Dit blêd hat him de ôfrûne jierren ommers al mei sukses ferbrede, sawol ynhâldlik (fan literêr nei mear kultureel-literêr) as kwantitatyf (fan seis nei tsien nûmers, fan 300 nei 350 abonnees, net tsjinsteande it natuerlik ferrin en in ferheging fan it lêzersjild mei tweintich gûne). Underwerpen genôch. Dat is it probleem net, at de Fryske kultuer en literatuer mar de rêchbonke bliuwe.
As foarbyld neamde ik de Groene Amsterdammer, it wykblêd dat op kompakte, stikeljende en essayistyske wize it polityk-maatskiplike en kulturele libben folget. Ik hie ek Hollands Diep neamen kinnen, it twawyklikse magazine dêr't ein jierren santich 43 nûmers fan ferskynden. It hie syn tiid hân doe't aloan mear kranten har yn bijlagen yngeander dwaande holden mei de maatskiplike en kulturele ûntjouwing.
Kommersjeel sjoen net de meast gelokkige foarbylden fansels. De Groene libbet al jierren op de grins fan it besteansminimum (wol ferskynt dit wykblêd sûnt koart yn in hânsumer, magazine-achtich formaat, mei as doel ‘zowel een grotere toegankelijkheid als [-] een grotere nadruk op het tekstuele karakter’). Hollands Diep waard opdoekt fanwegen krapte oan advertinsjes. ‘Dat spijt ons,’ skreau de útjouwer yn it lêste nûmer, ‘want het toont aan dat er op het moment in Nederland niet voldoende belangstelling bestaat om een blad als Hollands Diep gaande te houden.’
De fraach is fansels oft dy belangstelling der foar in soartgelikens Frysk blêd wol wêze soe. Fan 350 nei 3500 abonnees moat mooglik wêze, woe 'k foar de regiotelevyzje ha. Justjes oerdreaun, dat jou ik daliks ta, mar net folslein ûnrealistysk. It is it tal dêr't Frysk en Frij mei eini-