'e oarder, dus ek de ferhûddûke argeologyske ôfdieling. De Kostúmkommisje en de provinsjale museumkonsulint, dy't Van Krimpen der foar 1 maart út hawwe woe, krije útstel oant takom jier.
Op de dei fan de folkstimming sei Van Krimpen mear as ien kear dat er och sa foar ‘in iepen diskusje’ is. Dêr wie yn it it tv-programma De Plantage, dat de útslach live bekend makke, lykwols neat fan te fernimmen. De wize dêr't Van Krimpen syn opponint Meindert Schroor op besocht leech te lizzen, koe Paul de Leeuw noch wat fan leare (al moat ik tajaan dat dy bij de presintaasje fan de Fryske bijdrage oan it Nederlânske Songfestival yn ‘westerske’ arrogânsje net foar him ûnderdie). At it oan Van Krimpen lein hie, wie Schroor trouwens helendal net yn byld kommen: yn Hilversum woed er net oan ien tafel sitte mei de man dy't yn de Volkskrant skreaun hie dat hy better opstappe koe. Ek foar it radioprogramma ovt, earder dy deis, woe de ‘iepen’ museiimbaas net yn diskusje mei dy Fryske dwerslizzer.
It is Van Krimpen ek de ôfrûne moannen wer slagge om it Frysk Museum op de ferkearde manier yn it nijs te bringen: troch konflikten en ynsidinten, troch op arrogante en ûnreedlike wize regaad te meitsjen, troch minsken en ynstânsjes rücksichtlos op it sear te kommen en troch te dwaan as wie it Frysk Museum earder niks en kaam der noait immen. De direkteur sels sjocht dat oars: ‘Het is geen hobbymuseum meer, maar sommige mensen hier hebben kennelijk moeite met de voortschrijdende tijd. Ik denk dat men toch eens de gedachte moet overwinnen dat het Fries Museum er is voor de Friezen.’
Krekt as soe hij de moderne keunst yn Fryslân yntrodusearre ha. Krekt as soenen der foar syn tiid gjin aktuele tentoanstellings west ha. Fan Thom Mercuur bygelyks, de man dy't bij it opsetten fan in echt eigentiidsk museum bij Oranjewâld fan dyselde Van Krimpen gjin inkelde stipe krijt. Krekt oarsom.
En it besikersoantal? Dat bliuwt ek sûnt de entree fan Van Krimpen stykjen op 55 tûzen. Dit jier sille dat der faaks 60 tûzen wêze - tanksij in demagogyske publisiteitsstunt en in gratis drankje.
Van Krimpen is twa jier lyn nei Ljouwert ta helle om it Frysk Museum en it Prinsessehof nije ympulzen te jaan. Foar nij libben hat er ûnderwilens seker soarge, foar ferrassende tentoanstellings ek. Mar in nij imago hat it Frysk Museum noch net - mei tanksij de negative publisiteit dy't Van Krimpen sels losmakket. Elk wit no wer even dat it dêr noch altyd in nearzige boel is. It wurdt mei de dei dúdliker dat de direkteur fan de Rotterdamske Kunsthal hjir as dieltiidmuseumbaas net op syn plak is. Syn hert leit bij de moderne keunst, net bij de Fryske kultuerhistoarje. Syn krêft is it meitsjen fan spektakulêre útstallings, net it liedingjaan oan in provinsjaal museum en it oparbeidzjen mei oaren yn de regio. Nei it safolste bewust Frysk-ûnfreonlike en dus sfearbedjerrende akkefytsje wurdt it tiid om dat fersin rjocht te setten en dizze egosintryske museumdirekteur te freegjen syn hobbys hjìr net mear út te libjen.
Eins is it spitich foar Van Krimpen dat de stimming yn syn foardiel útpakt is. Oars hied er in moai ekskús hân om mei slaande tromme út dit achterlike oarde te fertrekken. No moat er nòch in jier (want syn kontrakt rint noch oant yn 2001).