Trotwaer. Jaargang 32
(2000)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 147]
| |||||||
TrioelParadise mei slagreamme
| |||||||
[pagina 148]
| |||||||
it fraachpetear. Miskien hie dat better west. Ferline jier wie yn Romein yn Ljouwert wurk fan him te sjen. Doeken mei itenstafels: moarnsiten, middeisiten, jûnsmiel. In tafel mei in flesse wyn, mei of sûnder glês. Hoefolle skilderijen krekt is my fergetten. Het leven zelf. Foar Laverman alteast. Dy doeken en ek guon fersen yn Kophimmelje litte my tinke oan syn eigen ‘joggende vutter’. As dy in dei mei it âldereinreiske fuort is, hat er achternei oars gjin praat as oer it iten. En hoe hearlik oft it wie. Het leven zelf: oan tafel. It echte libben, redusearre ta dat wat noflik yn 'e mage telâne komt. As reaksje op it feit dat genietsjen neffens Bartle syn ûnthâld eartiids ‘sûnde’ hjitte te wêzen. Lekker puh. De triennen spatte him by al dy hearlikheden yn 'e eagen. Ik ha dat mear by guon fan syn fersen. Mar dan oars. ‘Paradise now’? Okee. Mar dan wòl graach mei apeltaart en slachreamme. Gotskes. Bartle is in echte midlife-man. Mar in dichter? Jou him in gripe. Marga Claus | |||||||
Frij-pik foar De Bik en Ko? Literêr-histoaryske notysjes‘It besprekken fan dizze roman sil ek altiten wat sizze oer de besprekker sels. Negatyf of posityf, oer syn geilheid en oer syn geldens.’ (út: Piksjitten op Snyp, side 135, haadstik 36, ‘Porno bestiet net’). De Piksjittersfâle stie iepen. Yn Piksjitten op Snyp (roman, groteske, essay; ku 1999, 510 siden) wurdt û.o. beskreaun hoe't op snein yn Snyp oan de finen frege waard - as se nei har sneinsskoalle gongen - oft se frij-pik joegen. Eins in oerboadige fraach, want daalk nei dy wurden skeaten de sûkerbiten al troch de buorren. De wraak op it smiten mei sân en modderkluten op it glêde iis fan de feart wie fûleindich. No't twa besprekkers - Klaas Jansma en Jabik Veenbaas - yn resp. Trotwaer en de lc - ‘frij-pik’ krigen hawwe foar in besprek fan Piksjitten op Snyp liket it my nijsgjirrich en lis wat literêre feitsjes fêst foar de histoarje. It hat der wol fan oft de duvel der mei boartet no't dizze twa besprekkers foar 't ljocht komme. Ik bedoel, yn de roman komme heel wat ‘kosmysken’ yn subtema's op it aljemint. En ek dizze twa besprekkers falle neffens de kritearia fan de twa haadpersoanen-skriuwers ûnder it begryp kosmysk. Yn de roman stiet: ‘Neffens de Grutsk hawwe de kosmyske genen hawwe in frjemde mentaliteit, soks moat noadich bysteld wurde yn de laboratoria. Sokke hendikaps kostje hannen fol jild, en wurkje negatyf oangeande de keunst en foaral tsjinoer de literatuer.’ (s. 494) En noch in oaren-ien: ‘De kosmyske haat oangeande de anargist moat wol tige grut wêze.’ (s. 498) Wêr komt dat wurd ‘kosmysk’ wei? In fjouwer, fiif jier lyn siet ik nei in Skriuwersbounbestjoersgearkomste yn De Pauw noch wat nei te praten mei Tine Bethlehem en Akky van der Veer. Ynienen stoden der twa manlju yn. It wiene Klaas Jansma en in my ûnbekende Hear. Klaas Jansma wie sa aardich en stel my oan dizze Hear foar. Lútsen Kooistra wie syn namme, de nije haadredakteur fan it Frysk Deiblêd. Nei wat opmerkingen oer it skriuwen, it Boun, de kranten, de maatskippij en foaral oer Frysk en Frij kaam Jansma ynienen mei in steetmint: ‘Josse, wy binne no kosmysk wurden. Lykas Obe Postma. Dy woe ek wat frijer yn de wrâld stean. Yn it kosmyske leit Alles. Neffens my is dat ek wol wat foar dy.’ It woe my mar min oan dat steile grifformearden ynienen kosmysk-panteïstysk yn de wrâld stienen en letter ek sa yn har himel lizze soene. Mar ja, ik haw as anargist-ateïst fan dat | |||||||
[pagina 149]
| |||||||
soarte fan saken ek net sa'n bult ferstân. Dy prachtige sêne lykwols - Klaas Jansma mei in sigaar yn de holle, mei syn seinjende hannen omheech en dêrnjonken de nije haadredakteur fan it kosmysk blêd pur sang yn totale adoraasje - ferjit ik noait wer. Ik fielde hast de kosmyske útstrieling fan dit kosmysk teater. Op dat stuit hie ik al besletten dat myn twa skriuwers-haadpersoanen ek yn de slach soene mei it literêre wrâldsje. As subtema. Skriuwers prate faak oer oare skriuwers, en foaral oer kritisy dy't har foar de hannen rinne. Klaas Jansma joech my de namme foar al dat soarte fan lju dy't tydskriften nei de kloaten helpe, boeken hifkje op morele en etyske grûnen en skriuwers yn 't algemien leechachtsjend behannelje. Yn it toanielstikje ‘De geile aap’ (haadstik 81, side 282, wegere troch Goasse Brouwer foar F&F, omdat er tocht dat er dan helendal gjin subsydzje krije soe) wurdt dizze mentaliteit oan de oarder steld en bemiigd. De kosmysken (© Klaas Jansma) rinne dus op in sydspoar de roman yn. Doe't Jansma frijpik krige om Piksjitten op Snyp yn it febrewaarjenûmer fan Trotwaer te besprekken wist er dat net. De redaksje ek net. Syn eigen-sinnich a-literêr (of dochs anty-?) besprek jout oan dat er faaks al doopsgesind wurden is en net echt mear ûnder de definysje fan kosmysk falt. Nettsjinsteande dat bliuwt hy de auctor intellectualis fan it Snypiaansk wurd kosmysk. De twadde besprekker sjocht sèls ferbiningen mei de roman. Hy is minder boartlik. Ut Jabik Veenbaas syn besprek yn de lc fan 15 oktober 1999 docht bliken, dat er tinkt dat er yn de roman in rol spilet. As kritikus. Hat er himsels werkend? Sa't ik al oanjoech, de twa skriuwers yn de roman diskussearje oer it skriuwen, oer de teksten dy't se elkoar stjoere, mar ek oer de twa kritisy dy't har by de pik hân ha. Yn it boek hite de kritisy De Bik en De Jelluk. Sa't wenst is ûnder skriuwers wurde soksoarte fan kritisy - yn ‘De geile aap’ en op in pear oare plakken - ‘leechmolken, bemiigd en de buorren opstjoerd’ (diel vi, side 245 e.f.). De besprekker Ja-Bik Veenbaas blaast dit subtema geweldich op, mar hy neamt de nammen fan de twa kritisy net. Nee, hy slacht troch: de twa haadpersoanen-skriuwers feroarje ynienen yn de skriuwer-sels, en dêrnei transformearret er de skriuwer yn Mike Tyson (ea wrâldkampioen boksen dy't in kollega in ear fan de kop friet, famkes reepte, ensfh.). De loftse direkte op it kin fan De Bik (ik folgje no de wurkwize fan J.V.) hat foar it besprek desastreuze gefolgen. As jo reept binne, en in ear kwyt, dan is fan nuansearre skriuwen fansels gjin sprake mear. Yn opdracht fan de LC moat De Bik in fyftich persint fan it besprek skrasse. Jo kinne riede wat oerbliuwt: syn lulkens, syn agressiviteit en foaral it ûnnuansearre skriuwen. Hy neamt bygelyks it boek ‘agressyf moralistysk’. Ik tink dat dit slacht op it ferhaal oer de pedofyl en it lytse jonkje De Lytsk. Dat jonkje fynt de ‘behanneling’ troch de pedofyl agressyf, omdat dy him ferkrêftet. De skriuwer lit letter yn it boek pedofilen mei gele plaatsjes om de kul rinne (mei in tsjip), sadat se altiten op te spoaren binne. Miskien is dat wol polityk ynkorrekt, miskien ek wol moralistysk. Mar fan sok moralisme is de skriuwer net fiis. Wol fan pedofilen. Mar ja, hy hat ek in lyts jonkje west! De skriuwer kin yn dit stik fan saken allinne mar herhelje wat yn de roman skreaun is: ‘Skriuwers as do’ - sei er - ‘keutelje allinne mar wat ferhaaltsjes op papier, dêr't de goegemeente om laitsje kin. Wat moraal, in bytsje fermeits, wat mearkes oer Klaas Faak, in heale tyt en in kwart kul, foaral net te djip en folslein befêstigjend oangeande de noarmen en wearden fan de grutte | |||||||
[pagina 150]
| |||||||
kliber mei de klam op de nije kosmos dy't de finen fan eartiids ynwiksele hawwe foar it kristendom. Literatuer is oars en moat oars wêze.’ (s. 28) De Bik fynt dit dus in ‘agressyf moralistyske’ teory. As Veenbaas himsels werkende yn De Bik, alteast oerienkomsten seach - mar der rinne fansels heel wat De Bikken en De Jellukken om - koe er trije kanten út:
Veenbaas is no ien fan de oansketten ezels wurden dêr't Van het Reve mei goed gefolch yn syn ‘Ezelsproses’ tsjin focht (kosmysken-avantla-lettre, sis mar). Yn de nijste printinge fan it Lyts hânboek fan de Fryske literatuer kin no yn de yndeks stean: Kosmysk: sj. Jansma, K.; De Bik: sj. Veenbaas, J. Net alle kritisy berikke dit. De Piksjittersfâle stie iepen (s. 135). Op syn Snypsk. De Bik is der mei iepen eagen yn rûn. It wurket noch altiten. Ienris Piksjitter, foar ivich Piksjitter.
Hendaye, febrewaris 2000 Josse de Haan, alias Mike Tyson (J.V.)/De Jos (K.J.) |
|