In favoryt fers aktualisearre
Frâns Holwerda
Foar myn favorite fers ha ik in kar makke út wat ik foar mysels neam ‘de heitefersen’. Ik mien dat wy dêr yn it Frysk hiele moaie fan ha. Sa is der it weemoedige ‘Ast fyftjin bist’ fan Jan J. Bylsma, mar ik nim in fers fan Reinder R. van der Leest, út de bondel Wyn en fearren (1986) en ek opnaam yn de Spiegel van de Friese poëzie (1994).
Famke
bibeth kaam oan de doar om in hockeystick te lienen
gjin bern mear en noch net in jonge frou
ynmoedich stie se foar de drompel
mei grutte eagen dêr't de spyldriuw net yn fonke
mar 't gleonjen fan in djipper koarts
as by in farrende dy't oan de reling
langjend nei de iepen kimen sjocht
en tagelyk de pine fielt om de ferlitten haven
dêr't nea wer oanlein wurdt troch boaten fan de jeugd
bibeth kaam oan de doar om in hockeystick te lienen
En dan tinkst: Tachtiger jierren. Bibeth in jier as fyftjin/sechtjin. Se soe no in tritiger wêze. Miskien sa'n frou fan: Hoe-sil-ik-no-fierder? In bern? In man miskien?... Soe in fers oer har dan no sà skreaun wêze?
Frou
bibeth liet my der yn om in quatre-mains te spyljen
frijfaam noch en al hast in ripe frou
ynmoedich stie se oer de drompel
mei grutte eagen dêr't de spyldrift net yn fonke
mar 't gleonjenfan in djipper koarts
as by in farrende dy't oan de reling
langjend nei de beskûle haven sjocht
en tagelyk de pine fielt om de ferlitten rûge baren
dêr't nea wer dûnse wurdt mei boaten fan de jeugd
bibeth liet my der yn om in quatre-mains te spyljen
(Bydrage oan it Literêr Poadium yn Teater Romein te Ljouwert op 29.01. 2000. Mei tank en ekskús oan R.R. van der Leest.)