De sniewinter fan 1979 - tsientallen doarpen wiene doe in lyts wike fan 'e bûtenwrâld ôfsluten troch sniestoarmen en dúnfoarming - brocht it proses nei mear stjoertiid yn in streamfersnelling: Radio Fryslân wie doe de hiele dei yn 'e loft as in soarte fan koördinaasjepunt foar ynformaasje oer de ‘tastân’ yn it ûndersnijde Fryslân, de nijste ûntwikkelingen, fragen om help en antwurden op fragen. ‘... nei 5 dagen “snieradio”,’ skriuwt programmalieder Rein Tolsma, ‘wist hiel Fryslân dat der regionale omrop wie. Soks wie mei in djoere reklamekampanje noait slagge.’
Under it publyk wie it ferlet nei mear stjoertiid losmakke. Mar de meiwurkers wiene dêr ynearsten net sa happich op. ‘Mear oeren yn 'e loft sûnder it jild dat derby hearde wie in skrikbyld.’ Yn 1980 kaam it earste middeisprogramma, fjouwer dagen yn 'e wike in healoere. Yn tsien jier gong de stjoertiid omheech fan 8 nei 25 oeren wyks. ‘Stadichoan waard de hele moarn fold en sûnt 1 jannewaris 1994 ek de middeis.’
Omrop Fryslân is merklieder yn de eigen provinsje: tusken de 20 en 25 persint fan de harkers stimt ôf op de Fryske stjoerder. Omrop Fryslân rint dêrmei fier op kop en hat allinne serieuze konkurrinsje te duchtsjen fan Sky Radio, dat in merkoandiel hat fan tusken de 15 en 20 persint.
Op it mêd fan de stjoertiid is der yn in heale ieu dus gâns feroare, fan marzjinaal nei breed, en de ynhâld fan de programma's is derby oanpast: yn 'e rin fan 'e jierren ferskoot de klam hyltyd mear fan ‘kultuer’ nei aktualiteit, sport en benammen ferdivedaasje: ‘gesellige’ tillefoanpetearkes en -kwiskes en oare babbelruntsjes dy't har as in besmetlike sykte oer de Fryske eter útwreide ha. Omrop Fryslân is dêrmei echt in brede publike omrop wurden, mei in soad ôfwaaid praat fan en foar âlde wiven. Fan beide seksen fansels - en fan alle leeftiden, soe ik der hast oan tafoege ha, mar dat lêste giet yn dit gefal net op: ûnder de jeugd is der net folle belangstelling foar Omrop Fryslân.
Piet Hemminga, foarsitter fan de programmaried, is dat ek opfallen: it is in al wat âlder publyk dat nei de regionale omrop harket en sjocht. Neffens Hemminga is dat op himsels net sa slim ‘om't jongelju yn it algemien de eigenskip hawwe fansels âlder te wurden,’ mar hy wol it der dochs net by sitte litte en fynt dat der mei gauwens in twadde Frysktalige stjoerder komme moat, ien dy't him spesjaal rjochtet op jongeren.
Mei al dy foto's dy't de lju ynstjoere mochten, sjocht it freoneboek fan Omrop Fryslân der oars aardich genôch út, mar dochs wol it mei de ‘nostalgy’ net rjocht slagje. Dêrfoar rekket de sfear fan eartiids tefolle bedobbe ûnder in opsomming fan allerhanne getallen, jiertallen en nammen fan persoanen, stichtingen, ferieningen en organen. De measte stikjeskriuwers funen it kenlik wol sa feilich en maklik om wat feiten en feitsjes op in rychje te setten as om in sfearympresje te jaan.
Sûnder der echt by yn sliep te fallen fersile ik ûnder it lêzen dochs wat yn in slomjende tastân, dêr't ik sa no en dan út opskrille, as der ien wat te melden hie bûten it getalle- en nammesirkwy. Doet Visser bygelyks, oer de bytiden wûnderlike yn- en útrinders dêr't hja as sekretaresse/resepsjoniste mei ompakke moast. Of Heinze Bakker oer Sjouke van den Akker, de toernoaispeaker by it fierljeppen yn Winsum, dy't mei in Japanske kameraploech de ôfspraak makke hie om harren te warskôgjen as der in wichtige sprong komme soe: ‘It wie safier: by de froulju wie de oansteande kampioene oan bar. En Van den Akker wie fan betinken dat soks de Japanske TV net ûntgean mocht. Mei