Trotwaer. Jaargang 32(2000)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 139] [p. 139] Willem Schoorstra Har wiete lea foldien sa spraat it waad de skonken om de basalten pier, de rysdammen, flijt mei de amme fan 'e moanne it wetter fan har skie no tsjin de stiennen, blikke prikken, it lân dat leit te wachtsjen, de slinken dy't harren bedrinke sille oant se weiwurde yn de krampen fan hertstocht, de oerfloed as sâlte sjampanje oer harren hinnespielt en kriezjend derboppe de kobben wite skaden fan ûnrêst, finzen yn 'e kouwe fan ferwachting dy't wolkjend oan 'e sinne hinget, en, mear noch, tsjin de mjitlatte fan de einder, in skym fan eilannen hymjend tsjin it boarst fan 'e see, de glandige dy't har wiete lea foldien wer fan it lân weromlûkt, it puollemuolkjend lizze lit (Rektifikaasje maartnûmer, side 51) Vorige Volgende