Trotwaer. Jaargang 32
(2000)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 135]
| |
Ferskillende skriuwers/fertellersDer binne trije persoanen dy't in promininte rol yn 'e roman spylje, de Grutsk, de Lytsk en ‘Ik’. Hoe ferhâlde dy har ta inoar? En wa is/binne de skriuwer(s)? Op side 299 skriuwt de Grutsk: ‘Oer de foarm wol ik noch net tefolle neitinke. Yn it begjin. Dat komt letter wol. De foarm sil him sels wol skriuwe.’ Op dat stuit is twatredde fan it boek ôf - fan ‘it begjin’ is hjir allang gjin sprake mear. It leit dan ek net foar de hân om te ornearjen dat de Grutsk it hat oer de roman dy't yn 1999 ferskynd is mei it isbn-nûmer 90-6570-317-9. Ek al seit er op side 357 dat de titel fan syn roman ‘Piksjitten op Snyp’ wêze sil, hy moat op in oare roman doele. De roman dy't de Grutsk yn 'e holle hat, sil bestean út 'e stikjes dêr't de Lytsk haadpersoan yn is. Dy teksten binne - alteast sa haw ik dat begrepen - troch de Grutsk skreaun. Fierders út noch in stikmannich teksten fan de Grutsk: petearen (ek oantsjut as ‘toanielstikjes’), fersen, dokuteksten, faksteksten. En nei alle gedachten soenen der noch folle mear teksten yn dat boek fan de Grutsk komme. ‘Ik’ - de oare skriuwer - seit teminsten dat it yn de Grutsk syn flet fol hinget mei allerhande kladsjes mei teksten dy't er útwurkje wol. Safier is it lykwols noait kommen. De roman dy't foar ús leit, is de Grutsk de Urheber net fan. Alle teksten dy't er skreaun hat, binne der wol yn opnommen, mar dy meitsje mar goed de helte fan it geheel út. De lytste helte fan 'e tekst is net skreaun troch de Grutsk, mar troch in oare skriuwer/ferteller dy't ik mar Jos neame sil. It dwaan en litten fan de Grutsk wurdt ornaris yn 'e hy-foarm beskreaun, en dat hâldt ommers yn dat der boppe de Grutsk in oare ferteller stean moat. Boppedat, de haadstikken einigje mei in stik yn 'e ik-foarm fan de oare skriuwer, en dy stikken hat de Grutsk gjin weet fan. Der is dus in ferteller Jos, dy't in ferhaal fertelt oer de Grutsk, dy't in roman skriuwe wol. De Grutsk syn roman komt net ôf, en dat hindert neat. Mar Jos kin it him net permittearje dat s?n roman stykjen bliuwt. Hy moat der dêrom foar soargje dat er mei de stikken dy't de Grutsk skriuwt en mei de stikken dy't er sels oer de Grutsk skriuwt in geheel kriget dat befredigjend is. Oft dat slagge is, moatte de kritisy besjen. Mar der is mear. Neist en tsjinoer de Grutsk set de ferteller Jos noch in oare skriuwer, te witten ‘Ik’. Dy ‘Ik’ is as skriuwer in parasyt: hy wol in roman skriuwe op grûn fan it materiaal fan de Grutsk en ek noch mei de Grutsk as haadpersoan. It wurdt sa foarsteld as binne de Grutsk en ‘Ik’ beide ôfkomstich út Snyp en as | |
[pagina 136]
| |
ha se likernôch deselde oantinkens. Ik freegje my ôf: moatte wy de Grutsk en ‘Ik’ beskôgje as lykweardige skeppingen fan ferteller Jos? Hawwe se as skriuwers deselde kreative fermogens? Binne de mannen oaninoar weage? Is ‘Ik’ net earder op te fetsjen as in ‘ferklaaiïng/fermaterialisearring’ fan 'e almachtige en alwittende ferteller Jos, bedoeld om syn eigentlike haadpersoan te kontrolearjen? Kwa tekstoanpart is ‘Ik’ fansels lang net lykweardich oan de Grutsk, boppedat jout ‘Ik’ der oan 'e ein fan haadstik acht hookstrooks en sûnder deugdelike motiven de brui oan. It is krekt as hat Jos dy figuer fan ‘Ik’ skepen om in mooglikheid te hawwen om yn te gripen as it mei dizze roman drige mis te betearen. Oan 'e ein fan haadstik acht hat Jos grif safolle betrouwen yn 'e goede ôfrin dat er ‘Ik’ fuortskriuwt. Dit is fansels mar understelling, ik kin wol finaal mis wêze. | |
OarderingNochris werom nei side 299 dêr't de Grutsk beprakkesearret: ‘Oer de foarm wol ik noch net tefolle neitinke.’ Ferteller Jos hat it probleem fan 'e foarm dan allang oplost. Elk haadstik hatyn grutte halen deselde opset: earst komt de Grutsk oan it wurd, dan de Lytsk en as lêste ‘Ik’. Haadstik trije hat dêrnei nochris stikjes de Grutsk en ‘Ik’ en yn haadstik njoggen mist it ‘Ik’-part. (Der komt ek nochris in psyk oan it wurd, mar dat kin neat skele.) Ferteller Jos hat it wiswier net op it rammeljen fan 'e pels oankomme litten, de roman hat in trochtochte komposysje mei in parallelle haadstikopbou. De parten fan 'e trije persoanen binne ornaris ûnderferdeeld yn lytsere tekstparten. By de Grutsk en ‘Ik’ is it tal fariabel, mar de Lytsk syn tekst bestiet yn elk haadstik út trije parten. De teksten oer de Grutsk (ynklusyf de troch de Grutsk skreaune faksteksten, toanielstikjes ensfh.) beslagge 40 persint fan 'e totale tekst. De teksten fan de Lytsk beslagge 47 persint fan 'e tekst, dy fan ‘Ik’ mar 13. It is dúdlik dat ‘Ik’ in marzjinale figuer is. (Foar de goede oarder: ik haw de totale tekst op 460 siden begrutte, de noaten en it foarwurk haw ik net meirekkene.) As helpmiddel foar it berekkenjen fan elk syn oanpart yn it geheel fan 'e tekst haw ik yn 'e ynhâldsopjefte G, L of I achter de haadstikjes set. It liket dan oft de Grutsk foar master opslacht yn dit boek. Der binne 27 L-parten, 25 I-parten, mar wol in 80 G-parten. De oarsaak hjirfan is, dat de teksten fan de Grutsk en fan ‘Ik’ folle mear ûnderferdeeld binne en dus per stik folle koarter. De stikken fan de Grutsk en fan ‘Ik’ binne trochinoar 2,3 siden lang, de stikken fan de Lytsk binne trochinoar 8 siden lang. It is ferliedlik om dêr wer hypotezen oan te ferbinen. Bygelyks: by dy de L-stikken skreau Jos foar it faderlân wei en de stof streamde him oan, mar by de stikken fan de Grutsk en ‘Ik’ heakke it allegeduerigen en dan makke er mar wer in nij begjintsje. In oare, grif steviger hypoteze is: de de L-stikken foarmje de rêchbonke fan 'e roman: 1. de L-stikken foarmje mei-inoar it grutste oanpart yn 'e tekst, 2. de L-stikken binne per stik fierwei it grutst, 3. de L-stikken komme tige regelmjittich - trije per haadstik - oan 'e oarder. | |
TempusIk haw de earste haadstikken krekt besjoen en de folgjende trochblêde. De konklúzje kin wêze dat, ôfsjoen fan in inkelde ôfwiking, de stân fan saken sa is: de Grutsk- en Ik-parten hawwe notiid de Lytsk-parten hawwe doetiid. Neffens Harald Weinrich hawwe no- en doetiid neat mei tiid noadich, mar wy brûke de notiid om de wrâld te besprekken en de doetiid brûke | |
[pagina 137]
| |
wy om de wrâld te fertellen. De opfetting fan Weinrich haw ik altiten tige ferhelderjend fûn. Ik haw ienris in skripsje lêzen dy't yn 'e doetiid steld wie; neffens my wie dat tempus ûngaadlik om te analysearjen, de skripsje begûn út te skaaien nei in romantisearre ferslach. Oan 'e oare kant wit elk dy't wolris in roman yn 'e notiid skreaun hat, dat it in toer is om fuortgong en faasje yn it ferhaal te hâlden. De notiid is statysk, de doetiid is dynamysk. It hert fan it proazaferhaal is de feroaring fan in tastân yn in oare tastân. Der wie ris en doe... Wêr't gjin feroaring is, is yn feite gjin ferhaal, mar is beskôging, betooch, eksklamaasje... De tempuskar fan Jos befêstiget my nochris yn myn miening dat wy mei de de L-parten it wêzentlike, it sintrale fan 'e roman te pakken hawwe. Hjir wurdt ferteld, hjir is fuortgong, hjir bàrt wat. De G-parten en de I-parten binne sekundêre of ôflate teksten. Foar de ferteller Jos kinne se wol it alderwichtichste wêze, en foar in lêzer (besprekker) grif ek wol, mar struktureel sjoen binne se de twadderangs. Men kin it ek oars, en wat pesterich, sizze: de roman is yn essinsje in normale, ‘âlderwetske’ roman mei wat literêre kluchten der omhinne. | |
FertelsitewaasjeFerteller Jos moat it folsleine oersjuch oer de proazawrâld hawwe, syn eachweid moat dat fan 'e alwittende ferteller wêze. Dy alwittendheid hie er by beskate personaazjes frijwillich beheine kinnen ta in personale fertelsitewaasje, mar dat docht er net. Hy hâldt de toutsjes yn hannen. Oer ‘Ik’ kinne wy koart wêze. ‘Ik’ is òf in romanfiguer dy't fan Jos it rjocht krijt om sels it wurd te fieren, òf ‘Ik’ is in ferklaaiïng fan Jos. De kar auktoriaal-personaal (of mear fan it iene of mear fan it oare) spilet by de Grutsk en de Lytsk Oer de Grutsk wurdt ferteld: ‘Hy is wat fuortgroeid út dat libben fan fersen, foarlêzen, ophakkerij, dranknachten en neukpartijen. Dy tiid leit achter him, sa't ek de perioaden fan in regulier houlik, in fêste baan en in foarskreaun wykliks ritme net mear besteane. De âlde doarpkes en de lytse stedsjes hat er ynwiksele foar in toerflet yn de Grutskstêd. Tolve heech mar leafst, kelders en garaazjes meirekkene sels fjirtjin etaazjes.’ (15) Dy opneaming is nei alle gedachten net fan 'e persoan sels, der is gjin reden om dat allegearre op dit stuit te tinken. It is hjir de auktoriale ferteller dy't de lêzer ynljochtet oer syn haadpersoan. Noch in foarbyld: ‘De Baarch wie omleech fallen sa't se dat yn Snyp sa aardich omskreaunen. De Lytsk tocht by dat wurd oan heel wat oars. Ut in beam kneppelje, fan de brêge yn de opfeart donderje of út it sweefbakje sile.’ (23). ‘sa't se dat yn Snyp sa aardich omskreaunen’ kin De Lytsk net tinke, hy wit nammentlik net dat it om byldspraak giet. Hy kin begripe dat De Baarch fallen is, miskien út in beam of fan 'e brêge. Mar hy kin net ‘oan heel wat oars’ tinke, hy wìt net dat it om wat oars giet. Wer heakket de alwittende ferteller ynformaasje ta oan it tinken en it belibjen fan 'e persoan. By beide, De Grutsk en De Lytsk, wurdt de yndruk dat de personaazjes fan bûtenôf ynstee fan fan binnenút beskreaun wurde, befêstige troch it feit dat de ferteller syn susjetten net oantsjut as ‘hy’, mar as De Grutsk en De Lytsk. By de De Lytsk-parten wiist ek it taalgebrûk op in fertellende ynstânsje mei mear taalkennis as in lyts jonkje: ‘Dy wiene ek net daalk grutte foarbylden fan yntelliginsje’ (23); ‘Nettsjinsteande har earmoede die De Baarch oft se út gouden skalen iet.’ (23) - sa tinkt in lytse jonge net. | |
[pagina 138]
| |
Hat Jos dan de ferkearde fertelsitewaasje keazen? Dat hinget ôf fan it doel dat er him steld hat. De auktoriale fertelsitewaasje hat foar, dat de ferteller de personaazjes better yn 'e hân hat en de lêzers mear stjoere kin yn har resepsje, de personale hat foar dat it personaazje folle selsstandiger en yndividueler nei foaren komme en dat de lêzer mear frijheid hat yn it selsstannich realisearjen fan it ferhaal. Dit is net in suvere opposysje, of sels helendal gjin opposysje, it is in kwestje fan mear en minder. By de auktoriale fertelsitewaasje hat de ferteller mear ynbring, by de personale de personaazjes en de lêzers. Ik tink dat Jos út syn bedoeling mei dit boek wei goed keazen hat. Hy woe in boek skriuwe mei in fyzje, in boadskip en dan paste him in auktoriale fertelsitewaasje it bêste. Wat ik niis wat gekoanstekkerich beneamd haw as ‘literêre kluchten’, dat sil dochs wol ynterpretearre wurde moatte as de kearn fan it boek. Net allinnich de persoanen de Grutsk en de Lytsk hawwe gebrek oan bewegingsrûmte, dat hat de ferteller ek. Gewoanlik hat de auktoriale ferteller de mooglikheid om himsels in eigen lûd yn it ferhaal ta te eigenjen, wêrtroch't er syn personaazjes op in (lytse) distânsje besjen kin en de mooglikheid hat ta nuansearring, irony, of wat ek. Dat is hjir ek net it gefal. Ik sitearje de lêste rigels fan side 15: ‘Ek dy sin lêst er in pear kear. Hy knikt mei de holle. Prachtich eins. Yn dy trije sinnen leit in wrâld beskûle. In roman hast. Foldien leit er de pinne del. Dit is net gek nei in heale dei neitinken.’ As lêzer fyn ik dit earlik sein mar in skeamele risping. Mar ik fernim hjir gjin knypeachje fan 'e ferteller, dat ik moat wol konkludearje dat de ferteller dy sin ek prachtich fynt en dit as rispinge fan in heale dei neitinken wol de muoite wurdich achtet. Personaazjes en ferteller sitte dus folslein fêst en se kinne gjin oare kant út as Jos wol. En dêrmei kin ek de lêzer gjin oare kant út as Jos wol. It is bûge of barste. Noch ien ding: trochdat Jos de toutsjes sa strak yn hannen hâldt, kinne de personaazies net ta yndividuele ûntploaiïng komme, haw ik mei oare wurden al sein. Foar de beide skriuwers, de Grutsk en ‘Ik’, hat dat as gefolch dat se net folle fan inoar ferskille. ‘Ik’ lit him der wol op foarstean dat er rasjoneler is as de Grutsk, mar yn de sêne wêryn't ‘Ik’ de Filippynske hoer as demonstraasjemateriaal brûkt by syn lessen, liket er as twa drippen wetter op de Grutsk - dy hie sokke kluchten ek útheve kinnen. ‘Ik’ bringt net echt in alternatyf oan yn dit boek, mar in werhelling. Ik sis net dat dat ferkeard is, ik tink dat Jos dat sa wollen hat.
Mar no bin ik ek oan 'e grins fan 'e krityk kommen, dat ik hâld op. |
|