Tegels
Meinou P.
Ik haw in prachtich âld sparpotsje. It is in Buisman's G.S.' blikje (Verbetert de Koffie - Bespaart op Koffie). Wat der yn sit, is myn jild net. It is fan suster Michaela fan de Stichting Wereld Dorpen voor Kinderen. Om de safolle tiid stjoert se my fiifentritich sinten... omdat ik wanhopig ben en het risico maar moet nemen dat sommige mensen er voor kiezen om dit geld niet naar my terug te sturen, skriuwt se. Want dan kin se Susana bygelyks net mear helpe. En dy har heit is altyd dronken en har mem slacht har en no is se fuortrûn en telâne kommen by dy leave suster.
Razend wurd ik as ik dat lês! Ja, ek wol op dy sûplap fan in heit en dy dweil fan in mem, mar noch folle mear op suster Michaela. Wat docht se my dat jild ta te stjoeren? Ik haw al sa grouwélich it mier oan administraasje en no wol se dat ik derfoar soargje dat sy dat luzige bedrachje werom krijt... deze 35 cent kan een kind als Susana helpen ontsnappen uit een leven vol armoede... Wêrom yn godsnamme moat dat jild dan earst de heale wrâld oerreizgje?
Dat hoe ymmoreel it ek is, ik ferpof it en wurkje mei. Mar om it jild no yn 'e bûse te stekken, dat giet my ek wer te fier. Sadwaande haw ik myn âld Buismanbuske opsocht en sparje ik wer lykas eartiids. Allinnich mar jild fan de suster. Ik kin hast net wachtsje oant der wer wat komt. En wat ik der mei doch stiet noch hielendal iepen, dat makket it sa spannend.
Faaks jou ik it oan de ambassadeur fan de Nederlandse Sponsorloterij, Johan Cruyff. Fan him krige ik sa'n aardige kaart.
Beste M.M.H. Piebenga, skriuwt dy. Hy freget oft ik meidwaan wol oan dy lotterij, want dan kinne se yn Madagandapali it Johan Cruyff Education Centre bouwe... dan helpt ú de kinderen van India en kunt u binnenkort al een auto met 1 miljoen gulden winnen, mevrouw of meneer Piebenga!
No, dat wol ik wol. En suster Michaela fynt it fêst ek fijn dat grutte talinten yn earme lannen dan oplaat wurde kinne ta fuotballer fan de ieu. Mar it is wol wer in protte gedoch.
Ik moat trije geluksdagzegels ynfolje, útknippe en wer earne oars opplakke. Dat wurde myn lotnûmers. Dêr wurd ik wer razend fan. Want jo kinne like goed jo geloksdagen drekt op it plak delsette wêr't se hearre. Wat miene se wol net, dat ik myn tiid ferdoch mei fröbeljen? En om it noch slimmer te meitsjen, jouwe se foarbylden fan wat geloksdagen wêze kinne soenen. Jo troudei, of de bertedagen fan de bern... of heeft u heel andere geluksdagen? Ja hear, de dei dat ik dy auto win, mar dat duorret noch wol efkes. Want yn it potsje sitte seis kwartsjes en seis dûbeltsjes en ien sa'n lot kostet in tsientsje. Dat ik tink no dat ik myn buske leechsmyt yn de kollektebus fan Jantje Beton. Of sil ik mysels dochs mar traktearje op in iisko?