| |
| |
| |
De Njoggenskots
Tjitte Piebenga
Hy bekuerde it silhûet fan it bosk, dat swart ôfstiek tsjin it fûleindich baarnen fan 'e Lancaster, dy't mei in slach fan komsa op 'e hichte by de Iselmar delsaaid wie.
Harmen Teades foarseach it geheime V-wapen al, dêr't er sa heal en heal fan ôfwist, de puntige sigaar, dy't Londen nea berikke en dy't mei in fûle flam oan 'e sturt stadich omkiperje en mei in ûnbidige klap foar it Timpeltsje útelkoar spatte soe.
It Timpeltsje soe sa'n hûnderttweintich foet ferskowe, hy rette it, en in pear wike letter, doe't hy en syn húshâlding allang fan ruten spile wiene, joech de skiednis Harmen Teades Pitersma lang om let en breedút gelyk.
It Timpeltsje stie yndie op in oar plak en noch in deimennich letter mitraillearden Mustangs en Thunderbolts it stee yn it bosk, dêr't dy sigaren ôffjurre waarden. Mar de raketten wiene ûndertusken al ferfearn nei kriichswichtiger oarden, sa tocht er, dat Harmen Teades poetste syn ynswarte, knibbelhege learzen op en die syn like swarte unifoarm mei de sulveren tressen oan, de deadskop op 'e pet.
Hy sette it tsjuster fan it bosk yn, tusken de stammen flakkerjend en yn 'e fierte de lôgjende flammen fan de Lancaster, op de strún nei fijannelike piloaten, de njoggenskots los yn 'e holster.
Lang wist se it net, Joukeline Kearewear, sa trochskinend tsjep en fan in stal, dêr't nimmen nei sjen koe sûnder dwyl te wurden en as se foarby kaam foelen de jongfeinten, dy't har begnúfden dêr't se mar koene.
It lange kastanjehier weage har oant op 'e heupen en de griene eagen twinkelen har mei sparkjende ljochtsjes, wylst de rokken har om 'e skonken waaiden. Se seach nei de wolkens, dêr't ea faaks in kante feint út delkomme soe, dy't se mei alles dat yn har wie hoedzje en noedzje soe, dwers tsjin alles yn.
En sa kaam se Harmen Teades Pitersma tsjin, mar doe't se him kundskip die fan 'e oansetten frucht, dy't letter de namme fan Teade Harmens krije soe, seach Harmen Teades it him oan en flechte nei Marseille en hy joech him oan by it Legioen.
It soe lykwols oars útkomme, in maat reizge syn eskapade nei en sadwaande stiene Joukeline Kearewear en Harmen Teades Pitersma dochs noch tegearre op 'e hege graniten stoepe fan it stêdhûs te F., mei de lytse op noch gjin trije moanne.
En dêrfandinne lei se yn it houliksbêd, dy skrinendljochte nacht, de fer- | |
| |
tsjusteringsgerdinen hielendal omheech, it oarlochskrantsje foar har, de fjouwer bern benaud en earmhertich tsjin har oan. Sabeare kalm tearde se it krantsje op en wachte mei ynmoed op Harmen Teades, dy't faaks út it swart berikke bosk wolris wer ferskine soe, in oansketten piloat of sa oer it skouder.
Joukeline naam de bern yn har op, ien foar ien, en lei se op it bêd tichter tsjin har oan, mei in ferheftich klopjen oan 'e sliepen en wachtsjend op it dôvjen fan 'e flammen, dêr't Harmen Teades, swart yn syn hiele hear en fear en mei roet op it antlit, út werom komme soe.
Undertusken swalke Standartenführer Harmen Teades Pitersma troch it bosk, de flammen skimerjend tusken de stammen, wylst er tocht oan 'e V-wapens, dy't komme soene en dy't it hûs tichteby ferrinnewearje en noch mear ruten fersplinterje soene. De hân yn 'e swartlearen glasee op 'e iepen holster.
Hy wist it.
Dy kears betrape er gjin piloaten, dy't er besjitte koe, mar wol in parasjuteharnas fûn er, de piloat der noch yn, dy't tsien tomme djip dwersoer yn it boskleantsje slein wie, de parasjute in eintsje fierderop. Dy fandele er ta in prop byelkoar en doe sette er op hûs oan, dêr't er de iennichste telefoan fan it doarp fan 'e heak naam en it lyk rapportearre.
Doe't de earste dage oan 'e loft kaam belle er noch, de parasjute ferheistere en ferdien yn 'e hoeke fan it kantoar.
It soe him lykwols soer opbrekke dy reis, want jierren en jierren letter, lang nei't er syn tiid efter it stikeltried útsitten hie, skrille er noch withoefaak wekker, om't er dy nachts wer yn 'e loop fan de revolver sjoen hie.
Mei stikkene lea kaam Harmen Teades dan ta himsels yn in heal ferdroege plasse kâld swit. Joukeline op 'e râne fan it bêd, mei grutte eagen op har man delsjend.
Se dipte him in mei rûkersguod besprinkele bûsdoek oer it antlit en fage him stadich en hiel mijen de foarholle ôf. Se glimke bemoedigjend, it hert oerslaand en se frege har ôf, oft dit yn der ivichheid sa trochgean soe.
Se tocht oan dy earste kearen, de waarmens fan syn hûd, it kriuweljen fan syn hier en de ynlike stilte dêr nei. Oan 'e bern tocht se, ien foar ien en oan 'e tiid dat se allinne wêze moast, oan 'e reizen nei de poarte, dêr't hy efter siet, it ivige wachtsjen en oan syn weromkommen, in earmoedige swalker mei in reiden kofferke en in eastfrontpet op it griis wurden hier.
Mar dat wist Harmen Teades noch net, doe't er miende, dat er ferstannich
| |
| |
wie en lân en ûnlân ôfbelle om ferfier, om't er ûnder de kolkjende walmen fan 'e jankende sigaren útkomme woe en om't er ree wie op stel en sprong yn eltse karre, bus of byneed in ballon te klimmen.
Beauftragte Ross skoude him in âlde Störch ta, kompleet mei standerts, mânske kopljochten en in ûnbidich bagaazjerek efterop, mei in uniformearre sjeffeur, lykas dat altiten wenst west hie.
Oars wie der gjin ferfier mear te krijen, útsein in ratteljende heawein mei in krakkemikkich hynder, mar dêr hie Harmen Teades gjin boadskip oan.
Sadree't Harmen Teades, in dei of wat letter, de al te jonge Gefreiter yn Feldgrau de opdracht jûn hie, de koffers en de tassen op it skitterjende chroom fan it efterrek te binen, skoude er, yn boarger klaaid, syn húshâlding op 'e krappe learen efterbank, dêr't Joukeline beret en swijend oarder skoep, trije ticht nêst har en de jongste skriemend op skurte.
Teade Harmens, stiif tsjin it lofter portier oan, dêr't er in wiid útsjoch hie en dêr't foar him it grutte aventoer op begjinnen stie, hoewol't er der doe noch hielendal gjin aan fan hie, dat dizze loop him syn libben lang net ferlitte soe en dat er, jierren letter, sa út en troch oerfallen wurde soe fan dat rûntsje, dêr't er rjocht op ynseach en dat syn begjin fûn yn dy glânzjende Störch.
Under it foarby gean fan fearten en beammen hie er lykwols yn 'e rekken, dat Harmen Teades hyltiid fierder yn elkoar kroep en kuerend oer de beklings fan 'e foarsittings merkbiet er, dat syn heit ynwyt waard en 'e ûnderearms hyltiten krampiger om 'e mage lei, de holle hast tsjin it sêfte lear ûnder it foarrút oan.
It mar krekt útein setten aventoer wie him no al oer en wankelmoedich kipe er nei syn mem, dy't it drok hie mei de skriemende Annigje, dy't se kuozze en stadich hinne en wer widze, en sadwaande prakkesearre Teade Harmens der net oer, mem noch fierder fan 'e wize te bringen, want hy fielde, dat se dêr, yn it deftich-koele lear, net noflik siet. Hy tikke Jannes, de twadde rjochts fan him, op it skouder, wiisde earst op 'e krûme figuer foar harren en dêr nei op harren mem, en lei súntsjes de wiisfinger op 'e lippen. - Der is wat mei heit, flústere er.
Jannes loek de holle tusken de smelle skouderkes en swijde.
Dit hie it doel fan Harmen Teades net west, want hy hie sûnder al tefolle opskuor foar it stasjon te F. oerstappe wollen yn in aapke, dat er besteld hie.
It swarte aapke stie der, twa friezen yn 'e beage der foar en de heechoppe tsjillen sprankelen suver yn it hast te dizenige hjerstljocht. Mar de sa oant yn 'e lytste ûnmooglikheden tarette reis briek Harmen Teades hommels by
| |
| |
de hannen om't ôf.
Amper hiene de Gefreiter en de Standartenführer de bagaazje fan it chromen rek ôf tild en hie de sjeffeur him saluearjend en mei in ‘Heil Hitler’ ôfmelden, of Harmen Teades sakke yn elkoar. En wylst it bloed him út 'e mûle gjalpe en de Störch mei wapperjende standerts yn 'e romme bocht efter it ‘Stasjonskofjehûs’ ferdwûn, wie it Jannes, dy't Joukeline meiloek nei de dûnkerreade plasse tusken de koffers en de tassen, Harmen Teades der rûngear omhinne.
Beret seach se it tastreamend hear oer, plante de noch altiten jammerjende lytste yn 'e earms fan Teade Harmens en sommearre in dokter.
Harmen Teades lei stinnend om syn bloed hinne en hy tocht dwyljend oan de ferinnewearre reis, oan 'e njoggenskots en de minúsje, dy't er mei syn unifoarm en de parasjute yn in hoeke fan in âld kleankast op 'e souder ferside brocht hie. En oan 'e oprop tocht er, dy't er mei in djoer stimpel en de Ryksearn krige hie en dêr't Joukeline neat fan wist. En, wylst Harmen Teades stadich út himsels weisakke, krong der ien wissichheid út 'e fierte ta him troch: dit wie gjin desersje, want hy wist earder fan 'e sigaren as fan it brief mei it Ryksmerk en de Earn.
Wylst Joukeline, de bern wankelmoedich op 'e koffers en de tassen, knibbele by har Standartenführer en syn strik en de boppeste knoopkes loshelle en it bloed fan syn lippen fage, kaam de prottelige Adler mei de mânske gasballon op it dak efter it ‘Stasjonskofjehûs’ wei. Nei in fûl remjen stapte de dokter út, deselde, dy't Joukeline as jongkeardel noch yn 'e widze lein en troch de net sa fûle stoarmen fan har fammelibben troaid hie.
Hy seach it hear oer, betaaste Harmen Teades, tilde syn eachlidden op en ordonnearre, dat hy syn pasjint wol te plak bringe soe, earne yn in optrekje te S., dat Joukeline him súntsjes yn it ear flústerjend oantsjutten hie. Joukeline en de bern klommen yn it aapke, dat fjouwerjend en sawat stuiterjend efter de weagjende en klapperjende ballon om it ‘Stasjonskofjehûs’ hinne wei waard.
En sadwaande belânen Harmen Teades Pitersma en syn húshâlding yn it al te smel arbeiderswentsje te S., dat in muoike fan Joukeline harren romhertich taskikt hie. Mar as Harmen Teades tocht hie, dat er sa noflik en suver ûnsichtber in aardich skûlplak fûn, kaam er raar te pal. Want it lytse opskuor foar it stasjon hie him fansels fierder en fierder praat, dat ear't se sels amper healwei wiene, gie it ferhaal al troch de lytse buorren. En doe't de Adler fan dokter en it aapke suver tagelyk foar it behindige húske ynhâlden, wie de stoarje al mear as folslein.
Men wist it.
| |
| |
En alhoewol't Harmen Teades Pitersma syn opperste bêst dien hie te ferdwinen yn in net nei te kommen neat, lei de Standartenführer yn in himpen bedsteed, dêr't er opwoutere en hoede en noede waard fan Joukeline, de bern under it panstrutsen dak, yn in wachtsjen op 'e hyltiid neier kommende winter.
Joukeline wie wer, dêr't har âlden weikommen wiene, en dêr't by 't tsjuster Swarte Roaitske eltse jûn temûk twa mingelen molke brocht, want de buorren mocht net witte, dat sa'n feroardiele húshâlding ek troch de tiid moast. Joukeline hood har lykwols de hûd stikken, want eltse jûn nei de spertiid ferwachte se learen knokkels op 'e ruten en gystene kolven op 'e doar en learzen, dy't de ynhâlden frede fan 'e húshâlding wreed fersteure soene. Se seach de griene unifoarmen al, dy't by de bakker efter om 'e hoeke oer it dak klimme soene en ynienen op it pleatske stean, wylst tagelyk op 'e foardoar raamd waard.
Joukeline krige diskear èk gelyk. Op in jûn yn 'e dizenige hjerst klapte de doar langút de smelle gong yn en stiene opslach sa'n fiif, seis griene kweajonges mei gewearen en revolvers rûnom yn de húskeamer, dêr't Harmen Teades yn 'e bedsteed lei en de bern sa wyt as lekkens om 'e tafel sieten, de lytse yn 'e widze, yn 'e fierste hoeke fan 'e keamer.
In wat âldere man, mei swiere sulveren epauletten, revolver en Hitlersnor en in offisierspet, trede fuortendaliks stiif nei foaren, reage Joukeline, dy't oan it hollenein fan de bedsteed siet, gysten oan 'e kant en rjochte syn revolver lyk op 'e foarholle fan Harmen Teades.
-Heil Hitler, Standartenführer, kommen sie mit, schnell!
Harmen Teades sette stadich de earmtakken yn 'e matras en treau him ûnder de tekkens in eintsje omheech.
-Warum, darf ich fragen?
Ynienen begûn Gryt, de op ien nei jongste, te razen, de mûle wiid iepen, en wylst it âljen har út de kiel wei spatte seach se mei eagen op stokjes nei de offisier mei de revolver, dy't Harmen Teades kûm hood en it like wol, oft har frisseltsjes ynienen folle fierder fan it smelle holtsje ôf stiene.
De griene, dy't it tichtste by har stie, swaaide mei it gewear, wylst er raasde, dat se das Maul halten soe. Se foel op itselde stuit stil, de griene eagen grut op 'e loop fan it gewear, har triennen bedimjend. Doe sloech se har lyts en triljend hantsje om 'e loop en tearde it gewear fansiden.
- Desertion!, sei de offisier, de revolver feroare ûndertusken net fan pesysje. Hy hood Harmen Teades skerp yn 't each.
Joukeline stie noch altiten nest de stoel, dêr't se sa hommels ôfreage wie, panysk yn harsels fersille. Mar ynienen kaam se by en naam hoeden en mei in yslike kalmte de earm mei de revolver yn de hân en treau dy stadich mar
| |
| |
beret oan 'e kant.
- Setzen Sie sich, Herr Oberleutnant, sei se twingend, wylst se op 'e stoel wiisde, dêr't se noch mar in amerij lyn ôfjage wie.
De offisier seach har rjocht yn 'e eagen, dy't him mei kjeld en spjelden oanstoarren, en houterich, wat ûnwis, liet er him op 'e stoel sakje, de revolver dwersoer op 'e knibbels, wylst er mei in lyts beweegjen fan 'e holle de Gefreiter, dy't Gryt it kâlde swit oandien hie, oan it fuottenein fan 'e bedsteed moanne.
Undertusken seach Harmen Teades út 'e bedsteed wei de keamer oer, en hy tocht oan 'e unifoarm, dy't er mei de njoggenskots en de parasjute ferside brocht hie. It soe him de kraach kostje kinne, sa tocht er, want as er sûnder unifoarm snapt waard, koe Herr Oberleutnant him út it stee sommearje en krekt om 'e hoeke tsjin 'e bline muorre fan de bakkerij sette. It swit briek him út en hy wist, dat er net fier fan 'e dea ôf wie en op 'e iene of oare wize ferret. Ynienen spiet it him, dat er ea dizze dwylsinnige stap setten hie.
- Keine Desertion, er ist sehr krank, biet Joukeline de Oberleutnant ta, dy't mei de revolver omtyske en dy op 't lêst wat wifelmoedich en ûnwis de holster yn moffele.
Se die, al koe 't mar amper, noch wer ien stap op him ta en begûn him út te lizzen, hoe't Harmen Teades yn elkoar siigd wie en hoe't de dokter him bêde. Alles ferdútste se him, fan Beauftragte Ross, dy't harren de Störch taskikt hie en ûndertusken seach se him oan mei de fûlgriene eagen, dêr't Herr Oberleutnant net nofliker ûnder waard. Dat hy ferskikte hyltiten wat op 'e stoel en seach ûnwis nei de grienen, dy't noch rûnom yn 'e keamer stiene.
- Gibt 's hier Telephon?, frege er ynienen.
- Nein, nur in F., blafte de Standartenführer koart.
Harmen Teades plante de earmtakken op 'e nij yn 'e matras en kaam folle fierder yn 'e kessens omheech. Hy betsjutte Joukeline, dat se efterút gean moast en har der fierder net mei bemuoie.
- Rufen Sie Herr Ross an, kommendearre er, mar doe stie de Oberleutnant al, de hakken al bymekoar.
Hy wiisde ien fan de grienen oan en twaresom ferlieten se oeral en yn alle hasten it keammerke.
Herr Oberleutnant en dy oare griene wiene noch mar amper ûnderweis of Joukeline foel sawat skriemend oer Harmen Teades hinne.
Se kniep him yn 'e skouders, tutte him de foarholle en ûndertusken sakke
| |
| |
de spanning stadich út har wei, want se fielde, dat de slach sawat heal wûn wie.
Op itselde stuit sette yn 'e widze lytse Annigje fûleindich mei balten útein. De grienen sprongen opslach nei de widze en de bedsteed, dêr't se Joukeline fan it bêdeguod ropten en de lytse in loop ûnder de kape fan 'e widze stieken. De gewearen yn 'e oanslach en Harmen Teades ûnder skot.
Se bekuerden, ûnder de skier-griene helmen wei mei tsjustere eagen de bern, dy't noch hyltiten lyts en ferbjustere om 'e tafel sieten. En de soldaat, dy't Harmen Teades de loop op it antlit setten hie raasde, dat elkenien te plak bliuwe moast en him sa kalm hâlde as it mar koe.
De helm by de widze liet de loop sakje en rûn nei de bedsteed, dêr't Joukeline noch stie. Hy pakte har rûch beet en sette har tsjin de doar oan en skode de stoel by it hollenein flak foar har oer en gie der op sitten, it gewear yn 'e earmtakke har rjochte op de mage.
- Bleiben Sie steh'n!
En wylst se dêr stie, de doar tsjin 'e kâld beswitte rêch oan, mei dy griene foar har en almar delsjend op dy glânzjend swarte loop, sakke de moed har hast yn 'e teannen. Se tocht oan it bosk en oan 'e brede leane nei de mar, dêr't de readeftige blêden no wisken, en dêr't de jûchheiende lytsen al skoppend yn 'e toarre blêden mâltjirgjend oangean soene, baltend tsjin de mânske stammen. Nei de bern, bleek en hast rûngear oan 'e tafel seach se, en se wist, dat dit byld har ûnthâld nea wer ûntkomme soe.
Ynienen spatte Jannes oerein, mei de holle tusken de skouders stoarte er him mei in fûleindige sprong op 'e griene by it hollenein en feegde de loop mei syn lyts bealchje fansiden, syn klaukes yn it antlit ûnder de helm. En ear't de grienen ek mar wat dwaan koene, flitste Teade Harmens efter syn broer oan, skuorde him fan 'e soldaat ôf en kwakte him wer op 'e stoel.
Op itselde stuit siet Teade Harmens ek al wer te plak, mar de grienen balten en sprongen mei de gewearen foarút en hiene yn in omsjoch de bruorren foar de loop, dy't beide yn in rûntsje stoarren.
De grienen raasden.
- Ruhe!, út 'e bedsteed wei.
De grienen sprongen opslach yn 'e hâlding, de gewearen oan 'e foet en der foel in stilte as iis. Men stoareage mekoar oan, de lippen klam en de tonge droech, en net ien dy't de euvele moed hie, ek mar it lytste suchtsje gean te litten.
- Jawohl, Herr Standartenführer!
De hakken fan 'e learzen klapten fûl op elkoar en it swijen waard ynienen de helte djipper.
| |
| |
It liken tiden en tiden, mar doe't it dûnker grommeljen fan de B.M.W. mei sydspan út it tsjuster wei tichterby kaam, ûntspanden de grienen har en fielden de bern, dat der wat feroare wie.
Joukeline, mei in minlik glimke om 'e lippen, seach Harmen Teades oan en se knypeage nei de bedsteed, dêr't er yn alle noeden fanwege syn unifoarm te hymjen lei. Se kaam by de doar wei en skode de stoel op 'e nij nei it hollenein en se gie der yn folle fleur op sitten.
Doe foel it lûd fan 'e motor ynienen stil en stapten de Oberleutnant en dy oare griene de keamer yn. De man mei it sulveren beslach en it Hitlersnorke die in stap nei foaren en saluearre:
- Wo ist Ihr Uniform?
Harmen Teades bestoar it hast, it swit briek him oan alle kanten út en hy hie de euvele moed net, dy âlde kleankast op 'e souder te neamen, want hy wist, dat soks him de deastek oandwaan soe.
Glimkjend lykwols stapte Joukeline, dy't it hiele trelit mei it swit yn 'e hannen acht slein hie, dimmen nei foaren. En mei in amper bewegen fan 'e holle hiet se Teade Harmens út it stee te kommen en se ornearre, dat er mar efkes op it souderke fan it hok sjen moast en goed om him hinne kypje. In amerij letter wie Harmen Teades werom mei in kleanheakje, dêr't de unifoarm yn syn hiele staasje op en oerhinne hinge, de swarte knibbelhege learzen oan bantsjes der nêst, de sulveren tressen en de pet mei de deadskop dúdlik yn 't each
- Entlassen!, grommele de offisier min ofte mear, wylst er nei de doar wiisde, dêr't de griene jongfeinten yn poepemars, de helmen efter op 'e holle, de gewearen los yn 'e hân en de skouderrimen bongeljend, net al te hastich op ta setten.
- Entschuldigung, Herr Standartenführer, Heil Hitler!, en hy sette op 'e doar ta. Mar ear't er der troch stapte, draaide er him noch ien kear om. De Oberleutnant seach de Standartenführer lang en hast wat meilydsum oan, en wylst er in stap nei foaren die sei er:
- Sie sind fälschlich verraten.
Dy wurden soe Joukeline nea wer ferjitte, en tiden en tiden letter gie se noch altiten alle huzen fan it lytse doarpke nei. Mei de gesichten, dy't by dy klintsjes hearden en se frege har ôf, wa't soks dien hawwe koe. Elts antlit fersmiet se, want se koe har net yntinke, dat der ea ien wêze kinne soe, dy't Harmen Teades in kûgel tsjin in bline muorre fan 'e bakkerij tawinske. Mar se wist, dat der ien wêze moast.
Harmen Teades lei swittend en neitriljend yn 'e bedsteed, wylst er de unifoarm, dy't Teade Harmens ûndertusken oan 'e klink fan de keamersdoar
| |
| |
hinge hie, op ôfstân en mei ferromming beseach.
Hy sykhelle in kearmennich djip en seach nei Joukeline, dy't him bemoedigjend en wat grutsk opnaam.
- De njoggenskots?, frege er.
Joukeline kaam yn alle tsjeppens op him ta en sei, dat er mar op 'e stoel oan it hollenein sitten gean moast. Nei't se him in tekken om 'e lea teard hie, tilde se de matras op en fiske der twa doaskes minúsje ûnder wei en doe de revolver. Yn 'e fierste hoeke skimere noch wat fan wite side.
- Blûskes foar de bern, sei se.
- En dy unifoarm ferknip ik ek, broekjes en jakjes.
Se kroep him oan ûnder de tekken, dy't se om him hinne slein hie en se nestele har op syn knibbels, ticht by him, en se wist, dat se wat ferlern hie.
Earst doe kamen de bern ta harsels, it skrikeftich aventoer efter de rêch. En se kroepen by heit en mem, stiif tsjin mekoar oan en wylst Joukeline de lytse út 'e widze helle, wist se noch net, dat it jierren en jierren duorje soe, ear't it wer sa wêze soe as no.
En moannen letter, allang werom op it mânske stee mei noch mear stikkene ruten, doe't de blauwe overals ynstee fan de ljochtsjende flammen tusken de stammen fan it bosk skimeren, beseach Harmen Teades syn njoggenskots, dy't Ostlandbauer Murk de Jong foar him út Ruslân wei meinommen hie. Harmen Teades weage him noch ien kear op 'e hân en draaide de silinder om en wer om. Doe skeat er noch ien kear yn 'e loft en wylst er âle fan fertriet, smiet er it ding, want dat wie it wurden, mei in lange haal de grêft yn.
|
|