gentjinde-ieuske bebouwing, op guon plakken ferfongen troch nijbou dy't dêr by past. Op dizze brêge moat Piter Terpstra stien ha doe't er de Ljouwerter stedsspreuk betocht: Sjoch dizze stêd, sjoch wat der rûnom bart - it âlde spegelet him yn wat de takomst hat.
De grutte skaal fan de tuorren oan de súdkant fan it wetter foarmet in gril kontrast mei de folle lytsere skaal fan de binnenstêdsbebouwing. Mar it past, de heechbou smoart de leechbou net, tanksij it brede wetter fan de grêft dy't dêrtusken leit.
De maksimum bouhichte fan 25 meter, ea ynsteld om de binnenstêd te beskermjen tsjin te hege nijbou, hat der foar soarge dat oan de binnenstedskant fan de Willemskaai moderne stêdeskientme ûntstean is. Dêr steane fjouwer ûngefear like grutte gebouwen mei foarmen dy't op inoar oanslute en yn in prachtich kleurepalet: oranje, donkerrôze, stienread en bêzje. De bouhichte fan 25 meter is noch krekt net sa dominant dat de harmony mei de rest fan de binnenstêd fersteurd wurdt.
Ik wol net beweare dat de Fryslân Bank oan de Willemskaai perfoarst net de hichte yn meie soe. Mar ik woe it punt fan diskusje wol graach dúdlik ha. De fraach is net oft in kantoargebou fan fyftich meter op dat plak past, want it antwurd dêrop is nee. De fraach moat wêze oft de gemeenteried in fersteuring fan de harmony yn de bebouwing en fan de skientme fan dit stik Ljouwert - it toeristyske kapitaal fan de stêd! - mei dêrby de presedintwurking en de kâns op mear heechbou binnen de grêften, minder wage litte wol as de belangen en aspiraasjes fan de Fryslân Bank, dy't by einsluten fansels ek in Ljouwerter belang binne.
In oare fraach is oft de FB helder hat wat syn aspiraasjes no eins binne. Want sis no sels, it wurdt dêr op it FB-blok tusken Beurs, Saailân, Suderstrjitte en Willemskaai fansels wol wat in raar argitektoanysk griemmank. Wêrom kin de FB net allinne it monumintale stedshaadkantoar út 1936 oanhâlde en in moai-bylkjend nij haadkantoar fan tachtich meter (of heger!) bouwe op in boppeslachs-lokaasje yn de buert fan it stasjon?
Sa'n tsien jier lyn koe de plannemakkerij fan de nij te bouwen Harmonie en it dito Gerjochtsgebou net by inoar brocht wurde, mei as gefolch dat dy twa gebouwen no hiel ûnhandich op elkoars plak steane. Wa wit is der hjoed de dei mear mooglik en stiet der mei fjouwer jier in nij haadkantoar fan de FB oan it Suderplein.
Teake Oppewal