Trotwaer. Jaargang 32
(2000)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 109]
| |||||||||
De oarlochsstikjes fan frou Rienks
| |||||||||
[pagina 110]
| |||||||||
Nederland. Alhiel neffens it twingend mal fan de Winterhilfe sil hjir no fan boppen ôf oplein wurde hoe't de Nederlanners harren plicht tsjinoer har minder bedielde neisten nei te kommen hawwe. Lês hoe fyntsjes de rubrykskriuwster yn har ‘Jo en ik’ fan 30 novimber 1940 dêr tsjin opkomt: Yn Dútsklân hawwe se al gâns ûnderfining mei de ‘Winterhilfe’. It soe lyts wêze dêr net fan leare te wollen, mar it moat ek doel ha. Sa't in Dútske frou breidet handiget ús froulju b.g. net. Op ús eigen wize lykwols hawwe wy like fluch in priem út en it resultaat is itselde. Wat in gebroddel, argewaasje en tiidferlies soe it jaan, as wy no stafen-af Dútsk breidzjen leare moasten. As wy dêrom it ien of oar op ús eigen fertroude wize opknappe kinne, is der gjin reden om net yn deselde wei fuort te farren. Ik leau, dat dêr wol wat mear om tocht wurde kinne mei. Lju mei niget oan de eartiids ‘foute’ kant fan it Fryske literêre libben kin ik frou Rienks har kommentaar op bygelyks de útrikking fan de Harmen Sytstra-priis oan Reinder Brolsma en wat dêrmei mank wie fan herten oanrikkemandearje. Oer de taspraken by dy plechtichheid is hja min te sprekken: Wêrom moast it Fryslân fan fóar 1940 sa leechlein wurde? Hja moat har pleatsferfangend skamme hawwe, meitsje ik op út har ‘Jo en ik’ fan 18 novimber 1941: My tinkt, op dizze dei, dy't dochs in feestdei hjitte te wezen, waard tefolle it near op Fryslân lein, sa fan prof. Kapteyn, as fan de hear Kiestra, benammen yn dy syn artikel yn it Brolsmanûmer [...] Is soks earber, jin heal út te klaaien dêr't frjemd by sit? Ien dy't ynearsten mei swiete praatsje sit folk foar it nazisme besocht te winnen wie de troch Hitler hjir oanstelde Reichskommissar Seyss-Inquart. Noch mar amper oan de macht hâlde er in blomrike rede û.o. oer ‘lokkige memmen fan grutte húshâldingen’, om dêroan de winsk te ferbinen dat ek foar de Nederlânske fammensbern sa'n lok ienris weilein wêze soe. De grize moat frou Rienks oer de grouwe gien wêze, sa feegde hja deryn yn ‘Jo en ik’ fan 8 juny 1941: De winsk hâldt noch al wat yn foar dizze tiden, al binne ús famkes fuort net sa fier. As der wat fan op 'e hispel komme sil, sil it lûd fan de frou as mem opklinke moatte. Oars soe it ek nochris sa beteare kinne, dat hja it lok allinne yn 'e gruttens fan 'e húshâlding fine en har beleaven net ôffreegje moat ta hokker doel dat skielk brûkt wurde sil. By wize fan útsetter in fûl protest tsjin de rassewaan fan de nazi's. Frou Rienks lies earne yn in reportaazje oer ‘Praach by jûntiid’ dizze mislike karakteristyk fan ‘de Slaven’: ‘de kleau dy't der bestiet tusken Noarderlingen en Slaven hat de kastlein likegoed besef fan as wy. En hy hâldt en draacht him dêrneffens, net as kastlein, mar as tsjinstbere’.... Mei ynhâlden irony mar ûnferbidlik jout hja op 22 febrewaris 1941 de nazi-reporter syn fet: Dêr wurdt men as Noarderling dochs effen oars fan, fan dy kleau. Sa op 't stuoltsje set te wurden komt jin alle dagen net oer. Wat kin in podGa naar eindnoot*) him al opblieze! Jan Hus, wie dat ek net in Tsjech? Ut klearebare slaafskens is dy fêst yn 1415 de marteldea stoarn. Comenius, de ferneamde grûnlizzer fan de moderne opfiedkunde, is grif ek om syn ûnderdienigens yn 1620 út it lân weiband, om Masaryk mar net te neamen. Tolstoi, Dostojevsky, Toergenjef, Russen, mar yn grutter ferbân ek Slaven. Hawar, de ferslachjouwer hat mûlk, doe't hy oan it skriuwen ta wie, wat dwyl yn 'e holle west, dat komt mear minsken oer yn dizze gryptiid. In mennich kanttekeningen ta beslút:
| |||||||||
[pagina 111]
| |||||||||
|