| |
| |
| |
Wilco Berga
Liet fan in haven
Der rint in strekdaam fan ús tinzen
wy sjogge nei it skip dat lytser wurdt.
Fan hjir út kinst it eilân sjen, twa oerkes
farren, weagjend efter glês; sa lang
giet men op streamen fan ûnwissens,
ûnbalâns - de kime gjin hâldfêst,
en sels de sinne kin men net op oan.
Wy ite wat by de Sinees dy't syn
karakters yn it havenwetter spegelet,
lykas juster op it eilân, dêr't wy
by de fjoertoer ieten, efter glês;
men seach de fûgels op 'e wyn,
elk yn gedachten op it skip dat lytser
waard, fan dêr út wie it lân te sjen,
en dizze stêd koe men suver rikke.
Lit ús de tafel nimme dêr't wy sicht
ha op it wetter, each yn each,
lit ús fisk ite, wyn as wetter drinke,
mar wysels moai efter glês wannear't
de dei ferdwynt mei 't ôfgeand tij.
As skippen yn 'e nacht weisinke,
sjogge wy ússels yn 't rút, wy beide
oan 'e mul ta yn 'e haven, alles farrend.
| |
| |
| |
Liet fan in sleat
Om de safolle meter stiet er stil en
bucht foaroer, lyts, it jak allike skier
de eagen boarje yn it troebel wetter,
sykje yn it wâld fan wier,
út en troch sjocht er omheech, de loft
dy't oan 'e kime ta sa griis is as
Hy hat leard dat hjir in see lei, mar
de sleatten wiene letter groeven,
mar hy sjocht gjin boukeet of masines.
Salamanders, kikkertfiskjes doarmje
as in fleantúch troch lûdleazens,
sykje dekking yn it fine tek fan
En hy wit: hjir is in lyk fûn, in piloat,
de klean blaugriis, lykas de wolkens
kaam dy op in dei oer see.
It stikje parasjute hat er alle dagen
twaenfyftich jier sjocht er omheech,
in lytse swel dy't yn 'e storein
hastich oplûkt, dan wer dûkt en dûkt.
| |
| |
| |
Liet fan in winkelfaam
Mei rûne rêch stean se te gnizen,
twa fammen, de hân as kape tsjin
it wang. Se skrikke op myn lûd,
ik bin de lompe mei it boadskip,
men wol moedich wêze yn dy eagen,
blau, djipbrún, dy't har betrape fiele;
ien flechtet, wylst de oar de wimpers
delslacht, fluch as swellewjukken.
De fine hannen piele doelleas mei
papier om, strike tearen triljend glêd,
of is it de geheime gleonens fan har
ik keapje, sy ferkeapet, mar ús tinken
is ferflein, wy reitsje elkoar oan mei
lytsjild, hân op hân, en ûnbeskamsum
stjit it laad har yn 'e lea,
wy streakje elkoar de hûd mei wurden,
wy ferpakke it momint yn sêft
kadopapier, oan it lêst ta stelle wy it út,
wat men keapet, wat men kriget.
|
|