Altyd wat!
Tr. Riemersma
Ferlettefoldoggers
Yn De Noasdrip, húsorgaan fan it Skriuwersboun, seit Koop Scholten: ‘Sa'n lêzer wol lêze, boeken sonder yngewikkeldheden, flot ferteld, mei in skepfol spanning, in rûske romantyk en in snúfke - oannimlike - seks. Leafst foar in konkurrearjend pryske. Oan dat ferlet moat foldien wurde.’
Wêrom is dat sa? As ik mei it baarnende ferlet omrin om by myn buorlju troch de brievebus te migen, ropt Koop dan ek grutmoedich: Oan dat ferlet moat foldien wurde!?
Mar lit ús earst sjen hokker lêzer Koop winliken op it each hat. Hy hat it earder oer ‘De doelgroep fan sljochtweihinne Frysk-lêzers’ en oer ‘It Fryske lêzerspublyk’. Dat binne net bjuster ferhelderjende oantsjuttingen. As Koop fan ‘It Fryske lêzerspublyk’ beweart dat it him net om dit en dat bekroadet, is er grif mis. Hy hie skriuwe moatten: net it hele Fryske lêzerspublyk bekroadet him om alles. Ungemurken wei liket Koop wat er earst noch oantsjut as de ‘doelgroep fan sljochtweihinne Frysk-lêzers’ fuortdernei mar lyk te slaan mei it hele Fryske lêzerspublyk. Wat net in sljochtweihinne lêzer is en gjin sljochtweihinne literêre easken ûntwikkelt, fâlt by Koop bûten de boat, is in quantité négligeable.
Dat is gjin nij stânpunt. Yn 'e tritiger jierren stienen de faksistyske folk-yn-'e-kont-krûpers in folkske (ja, Postma) literatuer foar en de KFFB leit al fyftich jier krûm foar in folksaardige literatuer. Neist dat ferskil folksk/folksaardich binne oare ûnderskiedingen: de foaroanmannen yn 'e tritiger jierren woenen de ‘hege’ literatuer yn 'e groppe rêgje en de folkske literatuer op 'e troan sette. Sa heech hawwe de KFFB-ers it ornaris net yn 'e plasse hân, sy earbiedigen - alteast mei de mûle - de hege literatuer. In oare ûnderskieding is, dat der oars as yn 'e tritiger jierren gjin ‘grutte figueren’ oan it folkske/folksaardige gedoch meidienen. Sûnt 1945 hat de literatuer him mear en mear rjochte op de streamingen yn West-Jeropa en de kffb is akseptearre as in grif needsaaklik kwea.
Allegear dus schon dagewesen en neat nijs. Of it moat wêze dat it pleit foar it foldwaan fan sljochtweihinne ferletten fierd wurdt yn it ‘húsorgaan’ fan it Skriuwersboun. Binne de leden fan it Skriuwersboun ferlettefoldoggers fan it lamliddige lêzerspublyk? Dan sit ik ferdomd foar de tredde kear by de ferkearde klub! Ik tocht dat it by it Skriuwersboun gyng om de behertiging fan 'e literêre belangen fan syn leden en net om lêsbefoardering fan it kloatsjefolk.
It giet fansels net om ‘sljochtweihinne Frysk-lêzers’. Dat is in misliedend eufemisme. It giet om normale minsken mei in normale yntelliginsje dy't de krante lêze, NOVA folgje, yn ferieningen en organisaasjes meidraaie, mar dy't sadree't se in boek lêze - net allinnich in Fryskenien - it ferdomme om har yn te spannen en in folslein passive hâlding oannimme: skriuwer, besykje my mar te fermeitsjen, ik sels stek gjin yntellektuele poat út.
Wa't oan 'e ferletten fan sokke luie soademiters foldwaan wol, moat syn gong gean. Om my it hele Skriuwersboun. Mar warskôgje my dan even.