| |
| |
| |
Samle poëzij fan Tsjits Peanstra
Op in tinne tried lâns
Harmen Wind
Tsjits Peanstra, Neierhân. Samle fersen. Mei in ynlieding fan Tineke Steenmeijer-Wielenga. Utjouwerij Frysk en Frij, Ljouwert 1999. 506 siden. f 75.
By gelegenheid fan har 75-ste jierdei binne de fersen fan Tsjits Peanstra (T. Jonkman-Nauta) útkaam yn de tsjokke sammelbon del Neierhân, mei 530 Frysktalige en 83 Hollânsktalige fersen, gronologysk oardere. Sa'n 220 fersen wurde hjir foar it earstpublisearre. Taheakke binne noch 28 bernefersen. It gehiel is moai fersoarge troch Goasse Brouwer, mei in kreaze, wiidweidige, ynlieding fan Tineke Steenmeijer-Wielenga. In boek as in monumint.
De titel docht my nij. Dy suggerearret foltôging, in balans dy't opmakke wurdt. Mar de dichteresse is neffens my net utpraat. Ek al ferskynde har lêste bondel, Oanspield, tolve jier lyn, út de jierren dêrnei steane oer de hûndert gedichten yn dizze útjefte. Ik gun it de dichteresse graach dat se sels har wurk oant no ta sa prachtich ynbûn trochblêdzje kin. Mar der sil dochs net in sinjaal bedoeld wêze as: It hat moai west, Tsjits! Of soe se dy titel sels... Docht se de doar ticht? Dat liket my sterk. Dizze samling bewiist it plan-út: Tsjits Peanstra har hâldfêst is de pinne:
Ik skriuw omdat ik it net litte kin
en sykje wurden foar myn djipste fielen (373)
Yn ‘Poëzij is...’ definiearret se har skriuwen as:
Op in tinne tried lâns rinne,
op in tried fan fantasij,
wurden dy't ik skriuw foar dy
sille sa har reis begjinne. (366)
It wol my net oan dat se dy tried kwyt is. Yn har meast resinte wurk toant se oan dat se net te kerbintich is foar it poëtysk koarddûnsjen. En har tsjinstberens (‘foar dy’) sil har net tastean om de pinne del te lizzen. Ik tink nammers net dat dy tried spûn is fan fantasij, it is de tried fan de libbensûnderfining.
It aardige fan de gronologyske opset is, dat de lêzer in soarte fan (gefoels)libbensoersjoch krijt. It oeuvre is sterk autobiografysk. Der sitte amper hiaten yn har skriuwerij. Allinne de jierren 1954, 1960-'61, 1965-'64, 1966 en 1969 ûntbrekke. Fan in reduksje yn produktivens troch de jierren hinne blykt neat. Dúdlik wurdt, dat Peanstra har dichtsjen breanedich hat om troch de tiid te kommen. Der sit in soad ferwurkjen yn har wurk.
Yn har jierren as wyksuster yn Aldeboarn, fan '52 oant '59, rûchwei myn legere-skoallejierren, hat se by ús oer de flier west doe't us heit, dy't timmerman wie, by it molkfabryk fan it dak ôf foel, in hichte fan goed seis meter, en allinne nei hûs knoffele. Ik sjoch him noch de keamer ynkommen. ‘Ik bin fallen’, brocht er út. Doe gong er troch de knibbels. My stiet by dat ‘sus- | |
| |
ter’ mei in tobbe wetter omsloech. Heit moast wosken wurde en de klean woene min út. De sike-auto brocht him nei it Diakonessehûs yn Ljouwert. Mem gong mei en sy bleau by my en myn bruorke. In frjemde fertroude frou. Soarchsum.
Hunderten fersen hie se doe al skreaun. Se publisearre yn De Stiennen Man en De Tsjerne en har debútbondel Underweis (1955) wie op kommendewei. Mar wat wisten wy dêrfan?
En dat de oanlieding ta har baan as wyksuster yn Boarn lei yn it mislearjen fan it plan om har mei in freondinne as ferpleechster yn Denemarken nei wenjen te setten - wy hiene der gjin weet fan.
| |
Brutsen leafde
Ofgeand op har lyryske ik moat men oannimme dat Tsjits Peanstra yn dy fyftiger jierren in swiere tiid meimakke:
Gûl ik omdat ik berne bin,
foar de hate en de wredens
dy't ik spylje moat. (140)
De Boarnster tiid hat net de maklikste west. It liket der in soad op dat it om in ferbrutsen freonskip gong dy't leafde hjit.
O, famke kom werom, do leafste fan myn herte,
myn siele skriemtfan smerte, o, famke kom werom.
Kom ienkear noch werom, lit ús de leafde drinke,
lit oere en tiidfersinke, kom ienkear noch werom. (64)
No kin yn sa'n fers fansels net samar it ôfrinnen fan in lesbyske ferhâlding lêzen wurde, benammen om't dizze dichteres harsels faak identifisearret mei oaren en har hjir dus mooglik ynlibbet yn in man. Mar der is wol in opfallend oantal ‘freondinnefersen’, ek yn it lettere wurk.
Do draachst de waarmte oan,
Yn ‘Liet’ (262) besjongt se har leafde as in earbetoan:
'k sjong, ik sjong in lietfoar dy.
Mei dat ferwurdzjen sitte wy al yn de santiger en tachtiger jierren.
It gong nei alle gedachten om in leafde dy't yn de fyftiger jierren noch folslein yn 'e taboesfear siet. It ferbrekken dêrfan klinkt noch lang nei yn de fersen.
| |
Engaazjemint
Har kosmopolityske ynslach foarmet in spanningsfjild mei har leafde foar Fryslân.
| |
| |
Tsjits Peanstra (foto argyf flmd/Jaap Schaaf, 1997)
Wat hieltyd wer spilet is de belutsenens mei it wrâldbarren en fral mei minsken yn 'e knipe. Yn sokke gedichten krûpt se yn de hûd fan dyjingen dy't se beskriuwt. Se belibbet ynkringend wat harren oerkomt. Ik jou in stikmannich foarbylden:
Sij ús hûd dan net blank en ús hier dan net ljocht,
ús hoop is dochs harres allyk,
o Hear, meitsje ienkear de wegen ús sljocht,
lit ús wêze yn wêzen gelyk! (174)
No't elke dei deselde wurden is
en rein of sinneskyn der net ta dogge,
no't ik de maten en defreonen mis
en wy de tiid mei oare eagen sjogge,
no set ik kofje en ik waskje ôf (247)
| |
| |
Dy't earst ús buorman wie, wol ús no sjitte,
hy is ús fijân en hy is soldaat
en mei him prate kinn' wy wol ferjitte,
Hy is in Serviër, wy binn'Kroaat (372)
Sa folslein slacht se har faken lyk mei de ‘slachtoffers’. Dêrneist binne der in grut tal fersen dêr't se it probleem gefoelich beskriuwt fan har eigen perspektyf út. Sa nimt se har standpunt yn yn kwestjes as: Joadeferfolging, kearnenerzjy, it sljochtsjen fan 'e muorre, de ekonomy fan it genôch, ferkrêfting, miljeufersmoarging, projektûntwikkeling, ensfh. Se sjocht wat der bart, lit it op har ynwurkje en kin der net oer swije.
oant ik folsûge bin (176)
Yn literêre kringen yn Nederlân hat in polemyk west oer de fraach: Moat in skriuwer syn fysje jaan op de Kosovo-krisis? Foar de 74-jierrige Tsjits Peanstra gjin punt. Sy docht de mûle iepen en lit har hert sprekke. Op minsklike mjitte.
Hoe moatt' se it libben stjoere,
witte wer fan tiid en oere
en de takomst wer begjinne
yn it lân fan Kosovo? (405)
| |
Romantyk
De realiteit spilet net min by yn dit dichtwurk. Lykwols, dat makket Tsjits Peanstra net ta in realiste. Krekt oarsom, se is in romantika yn ieren en sinen. Ek har ‘protestfersen’ woartelje yn har duorjende ûnfrede mei it hjir en it no. Se idealisearret it ferline, by útstek de natoer yn syn hear en fear út har bernejierren, der is in soad persoanlike gefoelslyryk, weemoed oer it foarbygean. ‘Weltschmerz’, sentimint, ek. De measte romantyk fine wy yn it âldere wurk, mar dy ynslach bliuwt oanwêzich. Wat priuwkes:
Ik dream fan dy myn âld skier berteplakje,
omrûze fan it wetter en it reid.
Ik dream fan dy en fan dyn fredich marke,
dat simmerjûns sa stil te blinken leit. (67)
Yn rêde flecht ûntkamen hja it libben,
om, as de hjerstwyn oer de fjilden gong,
te kearen, jimmer ien en nij besibbe:
loslitten bern, yn leafde ivich jong. (155)
Litte wy ús nei wenjen sette yn in hûs by de see,
dêr't bolsterige stoarmen om 'e doarren spoekje
en 't sâlte wetter bluist'rich tsjin 'e ruten slacht.
Litte wy ús nei wenjen sette yn in hûs by de see,
want dan is elke dei in wûnder aventoer. (295)
It is mar in greep. It tilt op fan dizze ‘klassike’ (en gauris tradisjonele) romantyske fersen. Dream, tinzen, siel, aventoer, rûzje, ivichheid, it binne kearnwurden yn it grutste part fan dizze poëzij. Se lûkt har, út selsbehâld en om te boarnen, geregeld werom yn har ferbylding, it wûnder fan it ûnthâld en de rykdom fan 'e taal.
| |
Fakfrou
Want dat bewiist dizze bondel ek: Tsjits Peanstra is in fakfrou. Se beoefent sawat alle poëtyske genres: fan ballade oant haikû, fan sonnet oant villanelle, fan rondeel oant senryû, fan oade ta limmerik. Gjin nee te keap. Sletten metryske fersen en frije foarmen wikselje elkoarren ôf en ûnderwerpen binn' der by de rûs.
No liedt dat gepiel mei dy haikû('s), tanka en villanellen trochstrings net ta heechsteande
| |
| |
poëzij. Houtsje-toutsjefersen, literêr makramee.
Myn suster wol de fjouwerdaagse rinne,
As se goed traint, dan moat dat grif wol kinne. (327)
Jim kinne har fansels no wol, myn suster,
Wat koe se pronkje mei har blauwe duster. (329)
Dat hie ta in pear (bettere) foarbylden beheind wurde kinnen. De herhelling is, en dan funksjoneel, winliken ien fan de wichtichste stylmiddels foar Peanstra. De fersen mei repetitio binne meastentiids ynkringend en ha gauris it skaaimerk fan in liet. Se krije ek wat beswarrends.
as tear de stilte groeit.
as bliid dyn tinken bloeit.
dy't dy oan 't libben bynt.’ (151)
Se hechtet in fers faak ôf mei in herhelling fan (in diel fan) de earste strofe en bewurket sa in syklyske foarm. It stylmiddel wurdt spitigernôch wolris in keunstgreepke. En dat falt nammerstemear op by it lêzen fan etlike gedichten efter elkoar.
Der is frijwat gelegenheidswurk by, bygl. skreaun by in ferstjerren (‘In memoriam’), of gewoan ‘Foar....’. Ek komme wy bewurkingen (‘frij nei...’) tsjin, bygl. fan gedichten fan Slauerhoff, Carl Budich, Obe Postma, Gerrit Kouwenaar.
| |
Hollânsk
Ut dit lêste wurdt wer dúdlik, hoe't de belêzen Tsjits Peanstra har net bûn fielt oan grinzen. De memmetaal is har dierber, mar har ambysjes rikke fierder. Krekt as de lokaasjes fan har fersen: se nimt de lêzer mei nei Frankryk, Denemarken, Ierlân, Noarwegen, Kreta, Zimbabwe, de Sahel, East-Dútsklân, om úteinlik dochs wer yn har ‘eigen doarpke’ (sunt 1964 Raerd) werom te kommen.
Mar wat de taal oanbelanget, yn de bondel binne 83 Hollânske fersen opnaam, faak mei in Fryske fersy, mar in grut part bestiet ek allinne yn it Hollânsk.
Ien fan de neidielen fan de gronologyske opset is dat de beide fersy's faak fier fan elkoar ôf stean, bygl. ‘Kamer’ (208) en ‘Flat’ (223), ‘Soms binn’ der dagen’ (233) en ‘Soms zijn er dagen’ (260). Ut de santiger jierren stean der mear as tweintich efter inoar (203-214).
Oer it generaal moat sein wurde, dat de Hollânske fersen, hoe goed technysk ek opboud, minder binne as de Fryske. Se meitsje faak de yndruk fan in fyts dêr't de bannen net hurd genôch fan oppompt binne, se misse draachkrêft en spanning. Boppedat dogge se âldmoadrich oan. Wurden as ‘der≿ (van de), ‘doch’, ‘gerucht’, ‘gij’, ‘huiv'ren’, ‘bezwangerde’, meitsje de measte fersen wat retoarysk en patetysk. En besiket de dichteres om deistige wurden te brûken, dan binne dy wer net sprekkend genôch:
Om langs de vloedlijn naar wat moois te speuren,
kleden wij ons met warme sjaal en jas,
we lopen moeizaam, om het hout te keuren
dat voor de open haard zo bruikbaar was. (259)
Het is zo stil om huis en haard,
er zingt geen vogel meer, er waart
een grote droefheid om de dood. (392)
| |
| |
Gauris heart de lêzer it lûd fan Bloem, Nijhoff of Achterberg. Dy lêste hat ek ynspiraasje jûn ta Fryske fersen, en dan fral syn bondels Stof en Energie. Dêryn brûkt er ‘wittenskiplike’, dus ‘ûn-poëtyske’ termen om syn sintrale tema stal te jaan. Tsjits Peanstra docht it sa:
De dei is in endoksam-ynjeksje,
in sykloan. It lichem komt yn ferset,
de sellen brekke ôf (228)
Oer dyn wrâld leit in skaad
Sokke fragminten jouwe wer oan, dat dizze dichteresse har net beheint ta it poëtyske jargon en ek hjir grinzen oerstekt. Mar om op de Hollânske fersen werom te kommen, yn de seleksje hie dit wurk wol wat kritysker hifke wurde kinnen en ik hie it better fûn as it in aparte ôfdieling wurden wie, krekt as dat bard is mei de bernefersen.
| |
Bernefersen
Yn dy de ôfdieling ‘Fersen foar bern en grutte bern’ toant Tsjits har talint as (humoristysk) poëtysk fertelster. In swak stee is meastentiids de ‘klû’. Sterk binne, ek hjir wer, de metryske hechtens en it klankespul.
heit syn dogeneat, syn gút,
Dêr is 't búkje, fol en rûn,
beide fuotsjes op 'e grûn,
en no stappe, stappe. (430)
Dêrneist toant se ek hjir har ynlibjend fermogen yn bern (‘Eksamen’, ‘Húswurk’, ‘Panyk’) en bisten. It bêste yn dit wurk misstiet net neist dat fan Tiny Mulder.
| |
Wurdearring
Ik ha yn 1953 in suster moete dy't ús heit syn skansearre ribbekast wosk. Yn dit sammele wurk falt de soarchsume tawijing fan de wykferpleechster gear mei it ynlibjend langstme fan de dichteresse.
‘De grutte wearde fan dit oeuvre leit foar my lykwols net yn de technyske feardigens, mar yn de minsklike kwaliteiten dy't út de fersen sprekke. Yn it wurk fan Tsjits Peanstra moetet de lêzer in frou dy't harsels yn har fersen doart út te leverjen’, skriuwt Tineke Steenmeijer-Wielenga yn har ynlieding. Dat is wier. Mar om dat ‘moetsjen’ en ‘útleverjen’ oertsjoegjend stal te jaan is poëtyske feardigens nedich.
Bin ik wer better, seisto - bin ik better -
ik doarst de stilte amper te ferbrekken,
ik wist myn eangstme ek net út te sprekken,
ik koe dy inkeld by de hannen krije
en hiel ticht by dy wêze, mei dy swije,
wiest mar wer better, tocht ik - wiest mar better - (290)
Tsjits Peanstra op 'e tried. Se docht mear as har keunsten fertoane. Se lit harsels sjen. Sadwaande is Neierhân mear as in monumint. It is in libbensaventoer. En dêr sjitte poëtyske mjitstêven gauris tekoart. Faaks is yn dizze útjefte wat te folle opnaam. Mar dat der út har ferskaat mar ien fers (In memoriam foar Anne) trochkrongen is ta de Spiegel van de Friese poëzie, docht har perfoarst, ek literêr-kwalitatyf sjoen, te min rjocht.
|
|