stik oer It jubeljier fan Simke Kloosterman. En beide ha deselde fisy op keunst.
It útgongspunt fan EBF is ‘Swakken hat de Heare leaver as sterken’ (183). Ut syn hiele wurk sprekt in meilijen mei it swakke Fryslân. Hy ferwyt Kloosterman dat se net genôch begryp foar har net-kristlike karakters hat, dejingen dy't de slach oan 'e ein fan It jubeljier ferlieze sille. Lolle Nauta fynt it sa goed fan Dostojevsky, ek al wie dy kristen, dat er safolle begryp foar syn net-kristlike karakters hat.
De kristlike foarmjouwing fan it humanistysk ideaal fan EBF hat it lykwols ferlern fan de humanistyske en dy litte we dêrom gewurde. De gelikensen fan Lolle Nauta binne baas yn 'e moderne wrâld en skriuwe de kranten fol. Hokker fisy op keunst is de basis fan har krewearjen? Ik sil no sjen litte dat Nauta, krekt lykas EBF, swakkens idealisearret (Nauta brûkt it wurd ûnmacht). It idealisearjen fan ûnmacht is it keunstsinnich ideaal fan Nauta, sa't er de lêzer op siden 44-45 fan Stasjonearre yn Fryslân te witen docht.
De kontekst is in diskusje oer engaazjemint. Oars as Sartre skrillet Nauta der foar werom om fan in keunstner engaazjemint, solidariteit mei de ferdrukten, te easkjen. Sa'n eask soe ommers frijwat tirannyk oerkomme, en soks is net fan ús tiid. Dan komt in fantastyske searje trúks om deselde eask fan solidariteit mei ferdrukten fia de achterdoar wer binnen te heljen. Dat giet sa.
Earst seit Nauta dat it tsjinoerstelde, keunst út solidariteit mei ferdrukkers, net bestiet. ‘It is ûnfoarstelber, dat in keunstner hjoed de dei partij kieze soe tsjin de ferdrukten en foar de ferdrukkers. Sadree't er dat docht, is er gjin keunstner mear,...’. Mei oare wurden, de keunstner wurdt oan 'e iene kant gjin solidariteit mei ûnderdrukten oplein, mar as er foar de oare partij kiest, is er gjin keunstner mear. Yn 'e praktyk betsjut dit gewoanwei dat de eask fan solidariteit oplein wurdt, mar it mei net hurdop sein wurde want dat liket sa tirannyk.
Mar yn alle earlikens, wat hat keunst eins te krijen mei ‘solidariteit mei ûnderdrukkers’ of ‘solidariteit mei ûnderdrukten’? As we genietsje fan moaie muzyk, binne we dan solidêr mei ûnderdrukkers of ûnderdrukten? Binne we solidêr mei ûnderdrukkers of ûnderdrukten, as we genietsje fan spannende literêre wurken lykas Moeder en Zoon, ‘De skriuwer foar it doarpsbelang’, Tobias en de Dood of Felix Krull?
Neffens Nauta sjocht elkenien yn ‘dat yn dizze tiid de grutte keunstner him altyd ynset foar de minske dy't lijt’. Dêr wurdt er ta twongen, troch himsels. Meilijen soe syn boarne fan ynspiraasje wêze, of wol, solidariteit mei de ûnderdrukten.
Mar keunst kin likegoed syn oarsprong fine yn bewûndering, lilkens en ferachting. Nim it ‘Hooglied’. Dat is net ynspirearre troch meilijen mei de minske dy't lijt mar troch bewûndering foar de minske dy't genietet. Itselde jildt ek foar in protte lyryske poëzy. Nim de Max Havelaar. Hoefolle lilkens sit dêr net yn, lilkens tsjin de autoriteiten dy't de ambysjes fan Havelaar dwersbongelje. Nim it wurk fan Riemersma, in seldsume kombinaasje fan oergeunst, wredens en ferachting, mei, tajûn, hjir en dêr in sparkje meilijen mei swakken, en fral, selsmeilijen. Keunst kin oare boarnen ha as inkel meilijen mei de minske dy't lijt.
Nauta wol dus gewoanwei in diktatuer fan it meilijen oplizze, faaks omdat meilijen modieus is of omdat it syn eigen dominante emoasje is: meilijen mei de swakken. Dy psychologyske need wurdt it djoere wurd ‘engaazjemint’ taskikt, en dat wurdt dan de iennichste mjitstêf foar keunst makke. De kritikus hat neffens Nauta ‘...yn it foarste plak oan de eask fan it engaazjemint te foldwaan. Foar safier't it in li-