Greet Andringa (1971) is arts by de ferslavingssoarch yn Ljouwert en studearret humanistyk yn Utert. Publisearre yn 1992 it Hollânsktalige ferhalebondeltsje De kristallen stad, mar skriuwt sûnt in pear jier leaver yn it Frysk. |
Henriëtte Bollée (1946) woont in Tytsjerk. Vertaalt Tibetaans-boeddhistische teksten in het Nederlands en Engels. Ontwerpt en voert ze uit in authentiek Tibetaanse boekvorm. Schreef drie romans, maar weet (nog) niet of ze de moed en de lust heeft om daarmee te leuren bij uitgevers. |
Joop Boomsma (1945), learaar Nederlânsk oan in fierste grutte skoallemienskip yn Ljouwert. Publisearret yn 't Frysk (yn alle mooglike rubriken) sûnt 1968, mar it ourûne desennium benammen as misdiedauteur. Wennet yn Menaam. |
Sjoerd Bottema (1948), learaar Nederlânsk en Frysk yn Ljouwert en redakteur fan Trotwaer. Debutearre yn 1994 mei It fertriet fan dokter Kildare, ferhalen út Westerwierrum. Yn 1998 ferskynde syn twadde boek, Neaken as in ierdbei. |
Eeltsje Hettinga wenne(t) yn Los Angelos en wurket as freelance sjoernalist. |
Eric Hoekstra (1960) studearre Ingelsk en algemiene taalwittenskip. Wurket by de Fryske Akademy. Is dwaande Nietsche syn Also sprach Zarathustra yn it Frysk oer te setten. Fan him ferskynden Dat zijn nou typisch Friezen (1998) en koartlyn De floeibere bân (fersen). Is ferbûn oan M3. Frysk Literêr Blêd foar it Tredde Milennium. |
Jan Pieter Janzen (1945) wurket as learaar skiednis, maatskippijlear en kulturele en keunstsinnige foarming yn Ljouwert, is (ein)redakteur fan Trotwaer. Skriuwt stikken en stikjes oer skiednis, kultuer, polityk en media. |
Lolle Nauta (1929) studearre filosofy en sosjology, wie heechlearaar filosofy yn Grins en Lusaka (Zambia). Is hjoed de dei aktyf as polityk filosoof en essayist. Wie in de jierren sechtich redakteur fan De Tsjerne en fan it Literair Kwartier fan de Regionale Omroep Noord en Oost. De stikken út dy tiid binne bondele yn Stasjonearre yn Fryslân (1999). Yn it febrewaarjenûmer fan De Gids ferskynde fan him it essay ‘Schaduwen van de moderniteit’. |
Mette Meinou Piebenga (1944) hat in heale baan yn it basisûnderwiis, helle yn 1997 twaddegraads Frysk en fersoarget no ek kursussen foar de afûk. Skriuwde koarte ferhalen yn ûnderskate sammelbondels en krige twa kear de Rely Jorritsmapriis (1990 en 1993). |
Willem Schoorstra (1959) is tiimlieder by de Flaggesintrale yn Dokkum en sûnt twa jier yntinsyf oan it skriuwen. Debutearre yn 1999 mei poëzy yn Hjir en Trotwaer, wûn in Rely Jorritsmapriis foar in koart ferhaal en krige in priis foar Proms 2000. Hy besiket no stil te libjen fan de ynkomsten út ien en oar. |
Jabik Veenbaas (1959) studearre lngelsk, Frysk en wiisbegearte, skriuwt toanielstikken, ferhalen en skôgings, publisearre yn Hjir en Trotwaer, wurket as oersetter en makke in grut part fan de fertalingen foar de Spiegel van de Friese poëzie (1994). Is resinsint Frysk fan de Ljouwerter Krante. |
Henk van der Veer (1954) is ûnderwizer, redakteur fan Trotwaer en resinsint foar it Sneeker Nieuwsblad. Besprekt jeugdliteratuer foar Byntwurk. Publisearre û.o. de dichtbondels Skrousk, Je mutte hore wie ut seit, Dàt ok noch en deagewoandea en (tegearre mei Doeke Sijens) In útjouwerij fan QuizeQuânsje. |