Trioel
Selsmoard fan in klumnist of omheechstrikeljen is libbensgefaarlik
Doe't ik it meanen fan ús heit learde - ik wie alve miskien tolve, de leeftyd dat er it sels leare moast mei't er foar ien gûne yn 'e wike by in boer kaam te wurkjen yn Achlum (1919) - wie it earste wat er sei: ‘Ast de seine strikelest moatst him skean nei ûnderen hâlde, want ast him rjocht omheech setst bist yn in omsjoch dyn hân, dyn fingers of dyn holle kwyt.’
Dy warskôging skeat my yn 't sin doe't ik de klum ‘Slimme taal en net te domme Friezen’ fan Hylke Tromp lies (LC 14/1/2000). Nei in tige betize earste helte komt de klumnist foar it ljocht mei syn argewaasje: Trotwaer wol himsels opstrikelje om mear lêzers te krijen.
De artikels fan redakteur Sjoerd Bottema en meiwurker Eric Hoekstra wurde fertocht makke. De mannen hawwe ‘ferbeelding’ en se brûke tefolle frjemde/slimme/útwrydske wurden. Se binne eins te yntellektualistysk. Dat kinne jo fansels net rjochtút skriuwe. Dat moat humoristysk brocht wurde, want oars kin it sûne folksgefoel der net by. It ienfâldige folk - ‘jim binne wiswier net dom, ik fyn slimme taal ferskriklik, sjoch mar hoe't ik hjir skriuw - wurdt brûkt om Trotwaer in mes tusken de ribben te triuwen. Sterker, mei it brûken fan it tiidwurd ‘omheechstrikelje’ winsket er har selsmoard ta. Op humoristyske wize fansels. Tromp is humorist, tinkt alteast dat er dat is.
In humorist gûchelet mei wurden. Hy boartet mei wurden mei't er dûbele en trijedûbele betsjuttingen út har ferbân hellet, sadat der in komysk effekt ûntstiet. In goeie humorist stikelet en strikelet. Guon hawwe dat yn 'e fingers, yn 'e mûle of yn de pinne.
Youp van 't Hek is in humorist dy't dat hat. Hy seit de meast freeslike dingen op in wize dy't de minsken komysk fine. Se laitsje har dea om Youp, en om harsels. Youp van 't Hek brûkt spegels, foaral de achterkant. Op it toaniel rôlje de wurden út syn mûle. Yn de krante (alle wiken yn de nrc) skriuwt er op sa'n wize - humoristysk, komysk, iroanysk, sarkastysk - dat de lêzer genietet fan dit boartsjen mei taal. Hy is in master op de koarte baan, mei de mûle en mei de pinne. Hy behearsket de taal oant yn syn fingerseinen.
Foar de radio wie Hylke Tromp soms humoristysk. Sprutsen taal wurket wat dat oanbelanget direkt. Jo hearre de wurden, jo sjogge se net. In skriuwende humorist moat folslein oars wurkje. Dat hat foaral te krijen mei de styl, mar ek mei de taalbehearsking en sels mei de taallogika. It net behearskjen fan de taal liedt ta selsmoard. De bedoelde humor fan Tromp wurdt helendal ûndersnijd troch it minne taalgebrûk. Tromp fersûpt yn syn taal. Mei't er himsels omheechskriuwe wol nei it nivo fan in Youp van 't Hek, mar dêrfoar de kapasiteiten net hat, feroaret er yn in omheechstrikelder.
De kearnfraach is hjir: wêrom wol Hylke Tromp oergean ta selsmoard? In analyze fan syn tekst jout oan dat dy fraach legitym, pardon, rjochtfeardige is. In stikmannich foarbylden:
- | De titel: Slimme taal en net te domme Friezen. Dom, mar net tè? Wurdt dommens fuortfage as men der foar leard hat? (It Frysk wurdt in taal foar lju dy't der foar leard ha.) |
- | Mar in man offrou dy't net les hân hatyn it Frysk, soe dan gjin weet ha fan ús taal. Mar is hjir brûkt as want, der is gjin tsjinstelling mei de foarige sin, earder in reden of oarsaak. |