| |
| |
| |
JanMurk de Vries: hieltyd yn beweging
Henriëtte Bollée
In dreaune man fan tachtich jier. Opfallend fit en brún fan 'e sinne. Hy makket lange dagen, wurkjend oan syn nijste opdracht, in skieding foar it stiltesintrum op 'e lofthaven Schiphol. De skieding bestiet út seis akrylpanelen, allegearre in foech twa meter heech en hast in meter breed. Hy hat in masker op om him sa folle mooglik te beskermjen tsjin fergiftige dampen. It is in moaie opdracht dy't foldocht oan syn djip religieus bewustwêzen, dat him as motor oandriuwt. De bûddist, de kristen, de joad, de moslim; sy moatte harren stik foar stik yn it stiltesintrum thúsfiele, wachtsjend op de reis.
It hat derfan as mei de jierren de dochs al grutte en alsidige produksje fan JanMurk hieltyd flugger oanwint.
Njonken it skreppen om al dy opdrachten foar monumintaal wurk klear te krijen, fynt er noch de enerzjy en de driuw om te skilderjen, te tekenjen en les te jaan.
Syn artistike libbensrin fan nei de oarloch foldocht oan it romantyske byld dat de leek fan in echte keunstner hat. Iensumens, earmoed en geastlike striid, allegear fuortkommend út syn kar foar it keunstnerskip. Foar dy tiid ferkocht er stedsgesichten en tekeningen foar skaplike prizen. Wat hie er dêr maklik mei trochgean kinnen, dat meitsjen fan dekorative skilderijen dy't ‘mei in goede list deromhinne’ ferkeapje soene as wie 't neat.
JanMurk keas dêr net foar, en gong definityf it ûnwisse paad fan it echte keunstnerskip. In tiid lang wie er bot iensum, sykjend om in eigen styl, gauris gjin jild foar materiaal, ienfâldichwei yn it lijen troch honger en kjeld. In foarbyld fan dat sykjen toane de skilderijen dêr't de ynfloed fan Picasso en Braque yn te sjen is.
Sunt de ein fan de fyftiger jierren wurdt de karakteristike styl fan Jan Murk de Vries sichtber. De namme JanMurk kaam yn 1953. Earder wurk is sinjearre mei Jan de Vries. Murkje wie de namme fan syn ierferstoarne mem, dy't er och sa miste. Stadichoan wie er him bewust wurden fan syn homoseksualiteit, en, wittend dat er nea bern krije soe, keas er foar de tafoeging Murk en foar it weilitten fan syn efternamme. It waard JanMurk en dy namme wie heel fluch ynboargere.
Yn de katalogus fan in eardere tentoanstelling yn it Gemeentemuseum Hannemahuis te Harns (1989/1990) skriuwt Huub Mous oer syn libbensrin:
Nei in koart ferbliuw op Skylge en in jiermannich yn Warkum ferfear JanMurk yn 1952 nei Ljouwert. Yn dy tiid, dy't oan 1964 duorje soe, koe er him folslein ûntjaan. Syn earste stee fûn er yn it Keunstsintrum Prinsetún, dêr't er in hoartsje in wente en atelier hie. [...]
In tentoanstelling yn dat Keunstsintrum, dêr't in op grut formaat skildere Mariafiguer opfoel, wie oanlieding foar syn earste opdracht. Der soene noch in soad bykomme. Mar ek mei it frije wurk hie er súkses. [...] Stúdzjereizen nei Noarwegen, de Pyreneeën, de Dolomiten, Venetië en Parys joegen gâns yndrukken dy't yn sketsen en
| |
| |
tekeningen ferwurke waarden. JanMurk sette him yn 1964 yn Harns nei wenjen: dêr soe er 22 jier wenje en wurkje.
De flugge ûntjouwings fan de sechstiger jierren yn 'e keunst hiene gjin ynfloed op syn wurk. Mar dat betsjutte net dat er gjin each hie foar foar fernijing of him distansjearre fan in nije generaasje. Krektoarsom, jonge keunstner waarden wakker troch him oanmoedige en koene altyd rekkenje op in belangeleas advys. It keunstklimaat feroare yn de santiger jierren, benammen troch de tanimmende ymmigraasje fan artistyk talint út it westen wei. It wurk fan JanMurk is in foarbyld fan it wurk fan de âldere generaasje, wurk dat yn in ekspresjonistyske tradysje sterk oan Fryslân bûn bleau. Troch it ferhúzjen nei Furdgum yn 1986 einiget de Harnzer tiid.
| |
Oer styl
‘Dêr haw ik nea sa oer neitocht. Ik wurkje wakker op it gefoel. Moatst as byldhouwer, skilder of glesker it eigen wezen fêstlizze kinne, oars wurdt it in deade boel. It wêzentlike doel út dysels wei is de draachkrêft fan de kreativiteit.
Lang lyn makke ik in soad nei. Us heit hie in abonnemint op it tydskrift Licht. Dêrút skildere ik in soad nei, om it plezier, gewoan omdat ik skilderje woe. Pieter de Hoogh, Hendrickje Stoffels, it skilderij dêr't sy foar Rembrandt de rôk omheech docht. Dy haw ik hierskerp skildere. In soad dêrfan joech ik wei.
Myn ferve kocht ik by fervewinkel Tjallema yn Snits. De eigneres rette my de skilderijen yn de etalaazje te setten. Dat wie yn 'e oarloch. Se wiene samar fuort en fan de opbringst koe ik wer ferve keapje.
Ik skildere eins alle dagen bûten, ik wenne doe hast in jier yn Utert, en ferkocht skilderijen foar fjirtich of sechstich gûne. Dat wie doe in soad jild. Ik hie wat betocht om twa dweiltrochwiete skilderijen meinimme te kinnen nei myn souderkeammerke yn de Staalstraat. Ik koe wurk krije as kitschskilder, mei in fêst ynkommen en provisy. Doe hie ik les fan Tjomme de Vries en dy griep yn mei de wurden: it is no dyn gouden oere, do moatst fan 'e strjitte ôf!
Dêrnei kaam in perioade fan grutte earmoed, dat wiene drege tiden. Mar ik haw sels foar dit libben keazen, ik kin dat net op in oar skowe. Echt ûngelokkich haw ik der nea troch west, ik wit wa't ik bin en wat ik kin. Ik bin in optimistysk minske, in bliermoedich minske.
Ik bin gjin fernijer yn 'e keunst, gewoan mar ien fan de miljoenen skilders op ierde. It hat neat te betsjutten. Bist neat mear as in part fan in grut geheel.
De ympresjonisten fûnen in wêzentlike foarm en in wêzentlike oandwaning njonken it “gewoane” ljocht. Tanksij it útfinen fan de tube koene dy de natuer yngean om te skilderjen, en ûntdieken se it echte ljocht. De winst fan de Cobra-skilders is dat de ferve by harren in eigen elemint waard, sy gongen it gefjocht mei it materiaal oan.
Eltse ieu binne it mar in pear dy't fernijende spoaren lizze. Picasso, Chagall, Pollock om mar in pear te neamen. Dy diene dat. Sy brochten fernijing yn it byld fan de keunst. Sy hawwe neibauwers krigen. Meisty troch harren ynspirearje litte, en dat doch ik noch altyd. Mar do moatst it op dyn eigen wize ferwurkje. De basis fan alle keunstuterings is it harkjen nei dysels en de oar, wêrtroch beide gearrane.’
| |
Oer monumintale keunst
‘It begjin fan in opdracht is it dreechst, it romtelik oanfielen. Romte is wakker belangryk. De arsjitekt bepaalt de romte. Nei in opdracht ik earst altyd in pear oere yn dy romte sitten om mei in sketsboekje de romte ôf te taasten, as it
| |
| |
JanMurk ein-foarich jier yn syn atelier yn Furdgum oan 't wurk mei in akrylaatpaneel foar it stiltesintrum op Schiphol. (Ut: Pieter M.G. Exter e.a., JanMurk ‘in wide bôge’, een halve eeuw kunstenaarschap; foto W.F. Proost)
| |
| |
kin. It wurk mei gjin etiket op de romte wêze. Meist it wol in besterking fan de romte neame.
Ja, ik bin in ambachtsman, dat wurd sprekt my mear oan as al dy ferheven keunstpraatsjes! Fakman, ambachtsman, tûzenpoat, ja dat bin ik wol.
It is begongen doe't ik grutte panelen makke mei de mjitte fan in doar. In grutte Mariafiguer yn waaksoalje waard yn 'e Prinsetún útstald. Dat wie it begjin fan de opdrachten. De earste opdracht wie foar in húshâldskoalle, dy woene glêsrútsjes. Nee, ik haw der nea foar leard, ik diè it gewoan. Ik haw in grut tsjerkerút yn Sappemear makke. By technysk betûfte minsken fan in gleskersbedriuw yn Grins haw ik myn ljocht opstutsen. Ja, dêr wie wol moed foar nedich. Ik bin ek samar mei houtplastiken begongen. Ien fan de earste opdrachten wie it houtplastyk by de Fiskfeiling yn Harns. Ien prosint fan de boupriis wie yn dy tiid foar keunst frijmakke, en se kamen gewoan by my del. It hat in groeiproses west.
Foar de koperen fûgel is seishûndert kilo koper brûkt. It is it iennige wurk dêr't in útfierder by helpe moast. Ik haw earst in ûntwerp yn karton makke. Wy wurken mei platen koper fan sa'n twa meter lang, dy't wy mei in dékûpearseage bewurken. De losse stikken waarden stik foar stik set. It bûgjen moast ik fansels allinne dwaan. Trije moanne lang haw ik dêr alle dagen oan arbeide en doe wie it safier klear.
De fûgel soe in plak op in peal fan trije meter boppe en fjouwer meter ûnder de grûn krije. Mar earst moast er yn 'e wurkpleats op 'e grûn delset wurde; oant dat momint hong er oan in keatling. De grutte fraach wie wat it ding dwaan soe, soe it falle? Hy trille justjes en bleau doe op syn eigen gewicht op in kante meter stean! Seishûndert kilo koper! Dat wie in bjustere ûnderfining. Mei de tiid moat er noch grien wurde. Ik hoopje dat ik dat noch belibje. It leafst doch ik de muorreskildering. Dat is prachtwurk!
Moatst nea it gefoel hawwe dat it sa geweldich is watst dochst, nea foaropsette dat it goed wurdt. Sok tinken is ferkeard. It giet om it materiaal en om it ambacht.’
| |
Oer waaksoalje
‘Yn de fyftiger jierren hie 'k gjin jild om materiaal te keapjen. By in fervewinkel yn Ljouwert seach ik ynienen it kryt fan Caran d'Ache. “Waxoil” stie derop. Ferhip, tocht ik, dat kin ik oplosse mei terpentyn. Myn need twong dêrta, mar ik sjoch it hieltyd mear as in folweardich middel, net as in needoplossing. Ik brûk it noch altyd. Dat oaren dat net dogge hat my altyd fernuvere. It produkt is foar hûndert prosint folweardich en kleurecht. Dingen fan mear as tritich jier âld sjogge derút as wiene se juster makke.
Ik meitsje der grutte panelen mei, it is wakker moai wurk. Panelen fan twa-en-in-heale meter heech is dochs heel wat oars as op doek skilderje. It foldocht oan it ferlet om in rút of in muorreskildering te meitsjen. It rekket oan it monumintale gefoel.’
| |
Oer de bôge
‘Op tekeningen is de bôge der al fan 1951 ôf, op skilderijen sûnt 1974. Ik bin altyd dwaande mei de romte en de ierde.
Doe't ik in jonge fan fyftjin wie krige ik samar in ûnbidich leech gefoel, as betocht ik mar fan alles, dat der neat wie, dat ik sels net bestie. Ut dat gefoel wei bin ik wekker wurden, mar dêrnei wie der altyd dat kosmysk fielen. Ik bin bang dat soks wat oerdreaun heart, mar sa is it wòl. Ierde foar planeet oer, ljocht foaroer tsjusterte. Ljochtsjende ierde, tsjusterte yn de kosmos. Miskien haw ik dêr te folle oer skildere, lykwols, Picasso skildere ek gauris deselde ûnderwerpen.
| |
| |
De minske giet oer de ierde, mar kiest de romte. It Ikarustema hat my yn 'e besnijing. Ikarus en syn heit binne ballingen op in eilân. De soan krijt it idee om himsels wjukken oan te mjitten en fuort te fleanen. De heit seit: nee jonge, dat kin net, dy wjukken hâlde net! Dochs bout Ikarus dy wjukken en de waaks, dêr't se mei fêstsitte, raant. Ik fyn dat dit ferhaal in wier ynhâldlike betsjutting hat en dêrom skilderje ik it. Wat wy oan romtefeart en ûndersyk nei de romte dogge sil faaks wol troch ús kreativiteit en foarútgong komme, mar wy hearre op dizze planeet. Wat wy ek dogge, wy miterje as in Ikarus op 'e ierde werom!’
| |
Oer kleur
‘Ik lit my noch wolris troch blau liede. Dat hat altyd sa west. It is in kleur dêr't jo it romtelik fielen better mei stal jaan kinne. Ik striid dêr wolris tsjin... dan haw ik ferve op it palet... en besykje mei sin in oare kleur te kiezen... mar dochs nim ik blau. It spilet in grutte rol.
Der wiene resinsjes dy't my ferwieten dat it te bot oanwêzich wie. Dat haw ik my foarhinne wol oanlutsen. Troch it wurk waard my dúdlik dat ik dêr gjin noed oer hawwe moast. Chagall hat ek hast allinne mar blau brûkt. Blau is de djippe ûndertoan yn myn skilderijen.
Earder naam ik it mear suvere, net mongen blau út in tube, miskien mei in bewyske wyt. No nim ik net inkeld donker- of ljochtblau, mar mongen blau, net allinne prusysk blau, ultramaryn of kobaltblau. Gauris nim ik twa of trije blauwen om in nij soart blau te meitsjen. Ik doch der sels wolris wat read by. Of ik nim in beskate blauwe kleur, lit dy yndroegje en beglânzgje it dêrnei mei donkerblau. Dan skimeret it ljochte blau troch it donkere hinne. Ut harsels binne dat trochskinende kleuren. Dan krijst dy moaie effekten.
Ik hâld ek fan gele oker, it is in moaie ierdekleur, hoewol't ik it minder brûk as eartiids. No doch ik der chromaatgeel trochhinne.
Read is net aardich. Foarhinne brûkte ik it hast net, de lêste tiid wat mear. Wêrom? Efterôf is it miskien maklik om dêr wat fan te sizzen, mar moatst der gjin ferlechje by optinke. Nimmen is om moaie ferhalen ferlegen... Lit my neitinke. Read is technysk sjoen in lestige kleur. Ast it moai skilderje wolst moatst earst in wite ûndergrûn meitsje. Ast oer in oare kleur hinne skilderest, slacht it sterke fan it read de oare kleur stikken.
Ast moaie kleuren meitsje wolst, dyn eigen hânskrift, moatst gjin fabrikaazjekleuren nimme, mar sels minge.’
| |
Oer it iepen krús
‘Dat is karakteristyk foar my. Fjouwer jier lyn krige ik de opdracht om in krús yn in âld tsjerkje yn Ealsum te meitsjen. Yn in tichtmitsele rút woene se it krús hawwe. Ik wist daliks wat ik dwaan moast. It wie yn in âld preesterkoarke, oan de eastkant om it opkommen fan de sinne, de opstanning, de ferrizenis.
Dy tsjerkfâld sei: “Foar in horizontale en in fertikale balke kinne wy ek nei de meubelmakker gean! Wy wolle it wat meijaan.” Fuortendaliks wist ik wat ik dwaan moast. Op grûn fan de kristlike oertsjûging dat wy troch it krús hinne nei it ljocht geane. Der is ljocht as wy stjerre. Miskien sjoch ik dat sa omdat ik it graach wol.
Ik haw it krús iepen makke. It hinget wat fan de muorre ôf, moatst it skaad sjen kinne. Sûnt meitsje ik alle krusen sa.’
| |
Oer religy
‘Ik gean net nei tsjerke ta om 'e tsjerke, mar om my op 'e mienskip ta te lizzen. De roomske tsjerke is net beklonken tusken dogma en muorren. De eucharisty hat my der ynmoedich ta oanset om roomsk te wurden. Kinst it alle
| |
| |
dagen fiere. It geheim, dat oer de hele wrâld yn deselde hanneling útfierd wurdt, is hast net út te lizzen. Dat hat myn driuwfear west: deselde hanneling. De eucharisty is dat stikje god yn dysels en dat as sadanich sichtber wurdt. It giet my net om de pracht en preal. By de stille mis binne ornaris mar in pear minsken, gesang is der net en it duorret mar tweintich minuten. Dat rekket my it measte.
It wurd is it meast minsklike dat foar minsken bestiet. De taal, it wurd, de byldfoarm. Ik bin in prater, mar it swijen fyn ik hieltyd belangriker. De lêste tiid haw ik ôfbyldings fan bûddabylden opsocht en besjoen. Dy stille gesichten, se lykje op inoar, se wurde allegear ien, dat kinst net mei wurden omskriuwe, dêr binne gjin wurden foar.’
Sûnt Galileï en Descartes is it begryp fan in wrâld as in einige, oardere kosmos ferfongen troch dat fan in ûneinige, geometryske romte. En it begryp beweging, as in proses dat op in doel rjochte is, is ferfongen troch dat fan in neutrale tastân. Dy neutrale beweging is yn it hele wurk fan JanMurk sichtber. Sa as hy syn learlingen foarhâldt, dat elts skilderij begjint yn de ûnsichtbere trilling fan de hân, dy't de kwast beethâldt mei dêrop de ferve. It docht jin dan ek net nij dat it wurk fan in keunstner as Jan-Murk, sa oandien troch romte en kosmos, hieltyd yn beweging bliuwt.
(Oersetting Jelle Breuker)
|
|