De Ljouwerter binnenstêd omheech? (7)
Nee, ik doch der net oan mei en meitsje Abe Bonnema ta de Mephisto fan Ljouwert. De man dy't it hert fan dizze ‘stad met karakter’ omsmelte wol ta in Babylon fan swart spegeljend glês.
De ambisjeuze stedsbestjoerder seach himsels yn it spegelrút: hy seach in aardich, bytsje eigenwiis gesicht. Der sil noch in kantoartoer komme moatte, wie doe syn beslút. En noch ien. En noch ien. En noch... Mar hy wist, ienfâldiger soe it wêze en lit de snor stean. En draach in hoed.
Nee, perfoarst gjin tuorren bouwe, heger as hûndert meter. It mocht de stêd ris boppe de skyline fan it gewoane úttille. Hear se eameljen oer de monuminten leech by de grûn. En at se de moed ha en hef it kopke, is dat allinne om te sjen dat in loftbrêge it histoarysk útsicht op in tsjerketoer bedjerre sil. In toer dy't mei foarútsjende blik it bûgjen sels oars net frjemd wie. Wer moat Ljouwert it ôflizze tsjin in hantsjefol eigensinnige stedshistoarisy. Dy't swarre, mei hoed of baret op it hert: wy dogge dit út leafde foar Ljouwert. Was sich liebt das neckt sich.
‘Sjoch dizze stêd; sjoch wat der rûnom bart. It âlde spegelt him yn wat de takomst hat’, dichte Piter Terpstra. Zadkine makke gewoan in byld sûnder hert. Yn Ljouwert leit de arsjitektuer fan 'e takomst ûnder trije meter grûn bedobbe.
‘Staak it razen fan de barrikaden.’ We witte no wol dat Amicitia it lilkste gebou fan 'e binnenstêd is. Net ôfbrekke dus, it jout it ekskús om oan 'e Skrâns krekt wat minder mâle gebouwen del te setten. Untwurpen troch arsjitekten mei in opfetting ynstee fan in fisy. En foarsjoen fan it giele earmerk fan Hûs en Hiem.
‘Ik ben hier niet gekomen om te breken maar om te bouwen’, sei boargemaster Van Maaren. Mar om bouwe te kinnen moat je earst brekke, sei de arsjitekt mei fisy. Plat dus mei dy troep om De Harmonie hinne, sadat de Ljouwerter skouboarch einlings de romte en it oansjen krijt dy't er fertsjinnet.
Lit it barre. Bou dy toer en noch in toer. En sels wa't springt sil net sûnder namme bliuwe. Wa nimt de muoite en spring yn fredesnamme fan de Aldehou. Ja, foar in stoer deroer.
Laat het gebeuren. Laat het een keer fout gaan. Als een stad niet beweegt, gaat-ie dood. Each man kills the thing he loves. Ljouwert hat te folle beminden.
Henk te Biesebeek (sjoernalist)