Altyd wat!
Tr. Riemersma
De ideale middenposysje
Yn syn tankwurd by de útrikking fan 'e Gysbert Japicxpriis 1963 sei Jo Smit ûnder oaren: ‘It skriuwen no yn in frjemde taal hat foar dat net de taal de gedachte foarútliicht, lykas oars maklik barre kin. Wa't in stik proaza fan in oar of fan himsels net fertrout docht goed te besykjen it oer te setten yn in oare taal - by fertaling falle hollens en falskheid yn geskrifte meastentiids troch de koer.’
Smit syn obstrewaasje is yn dit gefal grif krekt, mar de ferklearring soe oars kinne. Foar him as prater earst fan it Hollânsk en letter it Midslânzers is it Frysk in ‘frjemde’ taal. Mar it Frysk kin fansels net op ien streek set wurde mei grutte talen as it Italjaansk of Dútsk. It Frysk is in minderheidstaal dy't healweis tusken it dialekt en de kultuertaal yn sit.
Smit syn útspraak soe tinkt my sa nuansearre wurde moatte: it gefaar dat de taal mei de gedachte oan 'e haal giet, fynt men by de kultuertaal, net by it dialekt.
Myn Hollânsk kin gjin sprekken lije, mar doe't ik myn proefskrift yn it Hollânsk oersette en foar in part nij formulearje moast, tocht ik, wat skriuw ik handich, wat falle myn tinzen maklik te plak yn 'e sinnen. Ik hoopje net dat ik sadwaande ta ligen ferfallen bin, mar dat it Hollânsk jin der makliker trochskuort, wylst men dêrfoaroer by it Frysk folle mear wurk hat om krekt te sizzen wat men bedoelt, dat haw ik wol ûnderfûn.
De ferklearring foar dat ferskil liket my te wêzen dat it Hollânsk in hele macht sinkonstruksjes klear lizzen hat foar allerhande sitewaasjes. Konstruksjes dy't troch elkenien brûkt wurde en troch elkenien akseptearre wurde. Hânsume en kreaze ferpakkingen foar kin neat skele hokker ynhâld. Politisy binne bazen yn it produsearjen fan ditsoarte foarprogrammearre konstruksjes dy't har suver fansels folje mei wurden en dêr in sin oan jouwe.
Yn it dialekt wol soks net slagje. Ast yn it dialekt soksoarte út 'e kultuertaal liende konstruksjes brûkst, beart it as skuorde klokken en de harkers freegje gnyskjend oftst it nochris sizze wolst. It dialekt is de taal fan 'e lytse mienskip, it brûken fan dialekt wurdt assosjearre mei it gefoel fan thúswêzen yn 'e rûnte fan famylje en kunde dêr't men ûnder ferkeare kin sa't men is, en dêr't men akseptearre wurdt as men jin foardocht sa't men is. De dialektprater hoecht net te sweeslaan, want wy witte allegearre wol út wat laach as er komt. Hy is ien fan Jan en Hinke fan 'e Pôle, dat doch mar gewoan en stel dy net oan. De kultuertaal is de taal fan 'e kompetysje, fan it jinsels profilearjen, fan it stribjen, de taal fan 'e moaiste broadsjes foar it rút. It dialekt is de taal fan it wêzen.
Ik wit sels wol fan it doarp hoe ferstikkend dy mentaliteit fan ‘doch mar gewoan, wy witte wol wêrst weikomst’ wêze kin. Elkenien dy't nei heger en better stribbet, wurdt yn 'e sompe fan 'e midsmjittichheid weromtreaun. Mar dy mentaliteit hat likegoed ek syn foar, om't er jin ferget op it kommen sa't men is en op it ôflizzen fan falske pretinsjes.
It Frysk nimt as minderheidstaal in ideale posysje yn tusken oan 'e iene kânt dialekt en oan 'e oare kânt kultuertaal. De minderheidstaal yt fan twa wâlen. As taal fan wittenskip, polityk, godstsjinst en kultuer is it Frysk folslein kultuertaal, mar de bannen mei it dialekt wur-