En Abel? Abel is in romanfiguer dy't - sa wurdt de lêzer dúdlik makke - moai pianospylje kin. Dy't (op de skieding fan syn frou en in pear bern nei...) gjin ferhaal liket te hawwen, gjin ferline hat - en allinne mar by de graasje fan Dynke de Vries oanwêzich is en harkje mei, harket. Hy is in soarte fan referinsjekader. De iene kear dat syn perspektyf honorearre wurdt troch de auteur, dat er sels efkes oan it wurd mei, falt er daalk troch de koer. Hy hat neat te fertellen. Abel kin eins allinne mar passyf wêze, harkje - en moai pianospylje fansels. Ek as er it liif fan syn lotgenoate ferkent, spilet er piano. Fynt sy. Fertelt Dynke.
Jo kinne dêr as lêzer ferskillend oer tinke, mar ik fyn it knap fan Margryt Poortstra dat se, de auteur, op dizze wize de kearn fan har ferhaal konsekwint fêsthâldt. Gjin omballingen, gjin dramatyske tastannen yn de loads, gjin gedonder mei frachten byfigueren: allinne beppe Grytsje, ús mem, ik - en dus eins allinne mar ‘ik’ - dêr giet it om yn De Loads. De hiele roman kin sadwaande beskôge wurde as it ferhaal fan Dynke de Vries, sjoen troch har eigen eagen fansels, mar ek troch dy fan de mem en de beppe. Sa wurdt it libbensplaatsje kleure troch antwurden op dy ivige fraach: wêr komst wei?
Dat De Loads lykwols mear is as samar in libbensferhaal fan samar in frou waard my ynienen dúdlik troch ien sin (op side 97, dus al mear as healwei yn it boek). De legere skoalletiid sit der op en Dynke sil nei ‘de oare skoalle’, yn it doarp acht kilometer fierder. Se krijt in nije fyts fan de âlden: ‘Foar my waard de wrâld grutter, foar harren wie it de earste drompel fan it loslitten.’
Foar my is dat it téma fan dizze roman: it loslitten. Geandewei it libben reitsje jo los fan it measte dat altyd sa gewoan en fertroud wie, fan de minsken om jo hinne: âlden, broers en susters, famylje, skoallekammeraden, guon relaasjes. Meast is dat in stadich proses, in suver natuerlike gong fan saken dêr't jo jo letter pas echt bewust fan wurde en in bytsje fertriet om hawwe, wat mankelyk fan wurde kinne. Alle ferhalen dy't Dynke oan Abel (oan harsels eins, dus) ferteld hat, wize dêr op. Mar soms hat in minske gjin tiid krigen om der ta te wennen, om't dat loslitten in losskuorren is. Sa as mei in ferskriklik barren, lykas it hommels ferstjerren fan de âlden. Yn Margryt Poortstra har roman is it ferûngelokjen fan de âlden mar in koart fragmint, it wurdt soberwei efkes neamd yn it safolste ferhaal dat se Abel fertelt, mar as lêzer fiel ik dat hjir de kearn rekke wurdt: it rimpene ferlies as in soarte fan skuor yn it bestean. Loslitte net mear as in stadige en natuerlike gong fan saken, mar loslitte ynienen as in hurd proses dat trochwurket yn it fierdere libben - oan de dei fan hjoed (yn de loads) ta.
Abel wurdt nei de befrijing út de loads en nei de slagge útfiering fan it sjongstik tige betanke foar syn meiwurking en sa, mar mear as ea in hapke ite tegearre sit der net yn. Hy hat yn de loads syn funksje hân, want Dynke liket fertellendeweis trochkrongen ta de djipten fan har eigen wêzen en dat hat mear as louterjend wurke. Faaks dat se aansen, as it gewoane libben syn gonkje wer giet, geastlik wat frijer werom sjen kin op wat bard is, eartiids.
Margryt Poortstra hat mei dizze roman op 'e nij bewiisd dat hja ta de top beheart fan de hjoeddeiske Fryske literatuer (m/f). Se set sûnder in oerdied oan wurden minsken del dy't earlik en echt oerkomme. Faaks dat De Loads psygologys wat minder djipgong hat as guon fan har eardere boeken, wat iendiminsjonaler is (want eins folslein rjochte op ien minske), mar wat yn dizze roman ferteld wurdt is boeiend en meinimmend. Krekt om't der safolle yn ferteld wurdt.