As goede reuzen út in mythe.
As seach er hjoed earst! Him wjerfoer
In mûne, in pleats as aventoer.
Ferbjusterjend is it lange fers ‘Mijn schaatsen’, dat yn 'e lêste trije fan de santjin strofen de lêzer opropt om de noed fan de earme man, fral yn 'e winter, net te ferjitten:
Wie den armeren broeder zijn hulpe bewijst
Heeft Jezus gedrenkt, en heeft Jezus gespijst.
Stichtlike dûmnyspoëzij út 'e 19e ieu soe men tinke, mar nee, dizze brave rigels binne fan enfant terrible en bohémien Multatuli!
Een weldaad den armen broeder gedaan
wijst boven een plaats in den hemel u aan!
In ‘jeugdsûnde’, bedreaun yn 1838 (de skriuwer wie dy 18 of 19 jier), alhiel skreaun neffens de toan en yn 'e geast fan de sentimintele, húslike literatuer fan dy tiid, dy't Multatuli letter sa prachtich parodiearre hat yn de ‘Dichtoefeningen’ fan meester Pennewip.
Tusken de Fryske dichters - bekende kanonnen as Obe Postma, Eeltsje Halbertsma, Piter Jelles Troelstra, Baukje Wytsma en Douwe Tamminga - falt de namme op fan de folslein ûnbekende dichter Wiger Zylstra, mei in gedicht oer in tocht op redens dy't er mei syn soan makke. It hat de prachtige titel ‘Winterwaarmte’ en it is yndie in ‘waarm’ en ek hiel tagonklik gedicht, dat grif in breed publyk oansprekke sil. It balansearret op it glêde iis fan it sentimintele, mar de dichter-rider glidet dêr net oer út en streket moai rjocht troch, yn linige kadâns:
It wetter stjurre, glêd en glier
De sinne sprekt mei glâns
Troch 't wite lân te swalkjen.
It heucht my net dat ik it wurd ‘glier’ (blinkend, doorschijnend) ea earder tsjinkommen bin, mar it is in moai wurd en it alliterearet prachtich mei ‘glêd’. Oersetter Jabik Veenbaas is der knap yn slagge om betsjutting en alliteraasje yn it Nederlânsk fêst te hâlden: ‘Op 't water glimt het glad kristal’. Yn syn oersetting fan de tredde strofe makket Veenbaas lykwols in nuvere bûtensprong. Zylstra skriuwt dêr:
Myn jonge krûpt wat út 'e wyn,
Koart tsjin de pûsters yn.
En Veenbaas makket dêr fan:
Mijn jongen kruipt dicht achter mij,
Maar hij houdt mijn slagen bij,
Lang as it kin = Met geheven kin? Om't it Fryske en it Nederlânske ‘kin’ hjir homonym binne, kin de argeleaze Nederlânske lêzer, dy't mei help fan de Nederlânske oersetting besiket it Fryske orizjineel wat benei te kommen, raar op 'e doele reitsje. Boppedat is it fansels ûnsin: ‘met geheven kin’ yn 'e wyn op ride! By Zylstra makket dy jonge bytiden moaie lange streken, by Veenbaas is it in preamkeskower dy't allinne mei koarte streekjes oer it iis knoffelt.
Wol wer tûk is Veenbaas syn oersetting fan de folgjende rigels: ‘Moarn wol hy fêst de kop