oars typearret as dat er yn de roman op my as lêzer oerkomt. Auke sjocht himsels as in emoasjeleas wêzen en wol my witte litte dat er alles omtrint meganysk ûndergiet. As wy lykwols sjogge nei syn omgong mei de famkes Martha, Lize en Jeanine, wurdt it dúdlik dat syn hannelingspatroan dêr net mei oerien komt.
Yn de groep fan Claus, dêr't alles draait om it oerlibjen is gjin plak foar swakkere ‘eleminten’. Op it stuit dat dy swakkere ‘eleminten’ lykwols lytse famkes binne, komt Claus Auke op it sear. It is Auke dy't him binnen de groep fan Claus bekroadet om lytse Martha, kreupele Lize en Jeanine ‘mei it domme snútsje’ (s. 232). As de groep - op Lize nei - skoften letter beslút om Jeanine gjin iten mear te jaan - it is dochs allinnich mar in opfretter -, kiest Auke foar Jeanine en ferlit er de ploech.
Ut it ferhaal wurdt dúdlik dat Auke as in grutte soarchsume broer noed stiet foar de trije famkes. En dat wylst er yn syn fertellen oer har gjin of amper emoasjes trochskimerje lit. Sûnder dat er it trochhat sprekt er sa twa ferskillende talen: dy fan foar de klap en dy fan dêrnei. Riemersma lit yn syn haadpersoan hiel moai sjen hoe't jo josels foar de gek hâlde kinne. Wylst Auke tinkt nei de dea fan syn suster gjin gefoelens mear te hawwen, meitsje de famkes yn werklikheid wol emoasjes yn him los. It liket derop dat er ûnbewust yn de trije famkes in stik fan syn ferline en fan syn identiteit werom fynt.
Troch de klap is Auke net allinnich syn famylje mar ek himsels kwytrekke. Riemersma ûnderstreket it ferlies fan syn identiteit byldzjend troch de feroaring fan Auke syn namme. As Mark, in jonge mei wa't Auke nei de klap in skoft oplûkt, him Ake begjint te neamen, fynt er dat wol prima. Ommers, ‘Auke, dat wie it jonkje út Drachten, en dat is der al lang net mear’ (s. 6). Op dy wize hâldt de ik-persoan feilich distânsje fan himsels. Auke is de jonge fan foar de klap, dy't him burgen wist by heit en mem en syn jongere suske. Ake is Auke fan nei de klap, dy't út it berneparadys soald is en no allinnich oerlibje moat. Auke of Ake, dat is in wrâld fan ferskil.
De nammeferoaring stiet symboalysk model foar syn hiele konstitúsje; it ferlies (of miskien better: de feroaring) fan syn identiteit. En ek al docht de ik-persoan sa syn bêst om de identiteitsferoaring yn syn ferhaal ta utering komme te litten, hy oertsjûget my as lêzer net. Syn hannelingspatroan komt ommers net oerien mei wat er seit. Auke brekt yn Ake troch yn syn soarchsumens foar Martha, Lize en Jeanine.
As Jeanine ferstjert, is it Auke oer. Hy hat der gjin nocht mear oan. Jierrenlang hat er syn bêst dien om te oerlibjen en yn earste ynstânsje hat er dêr ek alles by ynset: gjin emoasjes ta litte, net foarút en efterút sjen, mar libje by it no. It slagget him lykwols net mear: ‘Foar mysels woe ik libje en oerlibje. Mar dat is feroare, ik haw gjin aardichheid mear oan myn eigen bestean, it seit my neat mear.’ (s. 214)
No't er net ien mear hat, dêr't er noch foar libje wol, wol er noch mar ien ding: nei hûs ta. En yn dy weromreis nei syn woartels, mei gjin oare takomst as de dea, jout Auke himsels wer de romte om werom te sjen en nei te tinken. Op dat stuit komt er om sa te sizzen wer ta libben.
Riemersma boartet yn de omkear op skrinende wize mei de begripen libben en dea: Auke hat himsels acht jier lang fysyk yn libben hâlden, geastlik wie er lykwols sa goed as dea. Mei syn kar om út it libben te stappen, komt er geastlik wer ta libben.
Yn dizze makabere roman konfrontearret Riemersma de lêzer mei de wêzenlike fraach wat no eins in libbensweardich libben is. Yn de ynderlike ûntjouwing fan Auke jout er ek al in