Tegels
Meinou P.
Dreamde ik? In âlde muoike dy't noch net sa lang lyn stoarn is, stie nêst myn bêd. Se wie krekt as in nije barbiepop hielendal yn sellofaan ferpakt, dat boppe har kreas griis permanintsje byinoar bûn wie mei linten yn deselde kleuren as har streekjesmantelpak. Rêst Sêft stie op ien dêrfan.
‘Ik moat dy wat sjen litte,’ sei se, ‘rin mar achter my oan’. Ik gong der ôf en foar't ik it wist wienen wy bûten. It like as stie se op in rinnende bân, ik seach har pumps net fan de grûn ôf kommen, mar dochs hie se de gong deryn.
‘Witst wol dat ik dea bin?’ frege se.
‘Jawol’, sei ik, ‘ik haw ommers op muoike har begraffenis west.’
Tagelyk betocht ik dat as it dan al mooglik wie om in petear mei in ferstoarne te hâlden, ik leaver hân hie dat ús mem dêr foar my út gong. Fuort wie muoike. Lilk fansels, om't ik myn oandacht der net by hie.
Ik fûn mysels wer werom by it fuottenein fan it bêd, iiskâld. Ik moast nei it húske. Der waaide in izige wyn troch de gong. De foardoar stie iepen.
Doe't ik Zuiderkruis fan Pauline Slot lies, wie ik it hielendal iens mei de frou dy't har broer it leksum lêst, om't er op in kremaasje yn syn rede de ferstoarne streekrjocht oansprekt.
...mijn cynische broer Jan die gevoelvol tegen een stapeltje brandhout en een lijk staat te praten... ropt se. ‘Hoe durf je!’ Se giet sels sa fier dat se him tsjin it ankel skopt.
Dat hat er der fan, tocht ik.
Minsken dy't advertinsjes yn de krante sette litte yn de rubryk In Memoriam lake ik fjouwerkant út. No is 't al in jier lyn en wy misse dy noch sa... Miene se dat sa'n berjocht de kosmos ynstjoerd wurdt? Sneupe se letter alle paadwizers troch om't se in wurdsje werom ferwachtsje? Bespotlik!
Mar ik bin finaal feroare. Ik móat nochris kontakt mei muoike ha. Ik haw op it tsjerkhôf dêr't se begroeven leit te preuveljen stien, ik bin dwaande west mei in mediamike freon om har geast op te roppen en ik sykje wit-ik-wêr nei in e-mailadres foar oer it grêf. In berjochtsje yn De Telegraaf dy't ik om de namme keas mar ek in bytsje om't net ien fan de famylje dy lêst, ...ik soe sa graach wer ris mei jo prate wolle... levere my nettsjinsteande dat allinnich mar in soere opmerking fan myn suster op. Se wist net dat ik sa wiis west hie mei muoike...
Ik doar net yn 'e sliep te fallen om't ik har dan faaks net merkbite sil, mar ik wol ek net wekker bliuwe, want dan is myn geast te kritysk. Muoike kin myn dea wol wurde, mar ik moat witte wat se my sjen litte woe!