De Ljouwerter binnenstêd omheech? (5)
Foarop sein fyn ik dat Bonnema moaie gebouwen makke hat; it is in arsjitekt dêr't je net omhinne kinne. Mar dat je emoasjes ha bij in hiel hege kolos sa middenyn 'e stêd yn in betreklik leech gebiet, dat begryp ik net. Faaks wurde emoasjes bij keunstwurken omset yn konkrete foarmen. In ûntwerp kin dan emoasjes losmeitsje, mar as je de boel in set besinke litte geane je faaks rasjoneler mei je ûntwerpen om en sjoen de skaal dêr't de toer fan Bonnema komme moat, freegje ik my ôf, is dit echt nedich op dit plak of wol de opdrachtjouwer de grutste en de heechste wêze en yn it sintrum in statussymboal delsette? As ik yn 'e ried sitten hie, hie ik sein: mear nei de bûtenkant fan 'e stêd. Mar dan noch: is it nedich is om gebouwen oer in ôfstân fan fjirtich kilometer sjen te litten?
Ik fyn wol dat je nije gebouwen tusken de âlde bebouwing yn sette kinne. Dat kin hiel goed kwa skaal, sfear en yntinsje en winliken is de emoasje dan noch grutter om't der in bettere relaasje ta stân komt. En om de fout yn te gean, hoe lang duorret sa'n fout dan wol net? En dat in stêd net beweecht en deagean sil, hat fansels neat te krijen mei 113 meter hichte of mei in trêde part dêrfan.
Der is niks mis mei ús platte lân mei skjinne kimen. Je sjogge no ek al wat dy turbines fan sechstich meter wol net foar ynfloed hawwe. Yn Akkrum sjogge je dat kring yn 't Hearrenfean al stean te opfallen en te meallen. - Net seure, ok, mar wol kritysk bliuwe.
Ids Willemsma (byldzjend keunstner)