daliks oan 'e slach. Hy krige in aardich lean fan de widdo fan de fytsemakker. Mear as heit ut 'e steun krige yn elts gefal en dêrom wie Jabik jûns ek net langer wolkom tusken de brommers en de trekkers dêr't er jierrenlang tegearre mei heit oan pield hie.
Mem tocht dat as hy sa trochwurke de saak nei in jier as wat wol oernimme koe. Dat alles gie dat it slydjage.
Jabik syn suster woe nei Grins ta. Heit en mem seagen it nut dêr net fan yn, mar nei in soad gesanger en getsier krige se it dochs klear: Jabik bleau ommers thús wenjen en mei syn bydrage oan de húshâlding koe sy dochs moai fuort? Hy wie ek noch bliid dat er har stypje koe. It wie per slot in aardich fanke. Hy krige der allinnich net bot hichte fan wat se dêr no krekt bestudearre.
Manlju, yn elts gefal. Se kaam hast elk healjier thús mei in oare fint mei sêfte hantsjes: In dokter yn oprjochting of in tredde generaasje advokaat dy't noch krekt net út it aai kaam. Mem klapte yn har hannen as der wer in nijen troch de keukensdoar ynskode, steefêst mei in bosk roazen yn 'e hân. Dy blommen hiene fansels neat te krijen mei it fatsoen fan sa'n jongkeardel. It wie syn suster dy't it krekt op tiid yn it sin skeat as se it benzinestasjon by Paulusgea foarby rieden, mar mem die krekt as hie se dat net yn 'e gaten. Se skille yn elts gefal daliks it sjongen ôf.
Heit gong sa gau er de kâns krige mei in fleske bier nei it hok. Jabik seach nei syn swarte wurkklean en tocht sines derfan. Hy hold net fan it maartske gemjek fan syn suster. It wie gjin gehoar as se Hollânsk prate. It wie wol fjouwer toanen heger as gewoanwei.
Dochs wie it op sa'n jûn, dat er nei it iten, doe't de frjemde jongfint wer ris it grutste stik fleis opiet, nei syn souderkeamer gong en syn tekendoaze ûnder it stof wei fandele. Sneontemiddei oan 'e itenstafel by de widdo seid er dat hy middeis frij nimme soe. Hy moast nei de stêd om wat fan dy koppelingsstikken op te heljen, se wist wol hokker. De widdo knikte en romme de tafel ôf. Jabik helle syn koppelingstikken, mar ek in hânfol túbkes.
Hy doarde it potlead sawat net op it papier delkomme te litten. Hy hie in frjemde knoop yn syn mage, dy't der pas út woe nei't er in fleske bier op hie en de earste linen op it as snie sa wite flak stiene.
Nei in kertier hied er troch dat it der net op passe soe. Hy lime fjouwer stikken oan inoar en prippe de grutte lape papier mei punêzes oan 'e wand. Ja, dit wie better. De linen waarden wisser en breder. Hy hie de romte om te dwaan wat er woe. Nei in heal oere rûn er de trep ôf om noch in pilske út 'e kelder te heljen, foardat er de earste kleur der op smarre soe. Hy kaam mem tsjin yn 'e gong. ‘Oer in kertier ite,’ sei se. Jabik knikte fan ja mar hie