De Ljouwerter binnenstêd omheech? (4)
Loftkastielen
Yn it sintrum fan Amsterdam mei net heger boud wurde as de Westertoren. Amsterdam is in prachtige stêd. Yn Washington meie de gebouwen net útstekke boppe it Capitool. Washington is in prachtige stêd.
Yn in part fan New York komt de sinne net. Doe't it gemeentebestjoer dêr efter kaam, hat it regels makke om soks tenei foar te kommen. Te let: New York is in fassinearjende stêd foar in flitsfakânsje of as jo genôch jild hawwe foar in moai heech appartemint.
Wa't yn Rotterdam lâns it sigerige Weena nei it sintraal stasjon rint, lit Abe Bonnema noait wer in toer bouwe tichte by it sintrum fan in stêd. Soe men ferwachtsje. Mar dan ha se bûten Ljouwert rekkene; fan hokker kant jo de stêd ek ynkomme, jo komme foar de winige toer. It duorret net lang mear, dan hat Ljouwert ek syn earste loftbrêge nei it winkelsintrum, om't it ûnder op 'e dyk tusken dy tuorren lang net feilich is.
Lis dan mar ris út wêrom't der destiids gjin loftbrechje oer de Turfmerk komme mocht.
Johanneke Liemburg