Lof fan it oersetten
Jabik Veenbaas
Oersette, dat is de mûnts dy't op syn keamer sit, efter it blauwe finster mei de wite letters. De keamer, dat is syn kleastersel, mar syn bea is ierdsk, syn wurk komt út 'e ierde en giet nei de ierde ta: alle boeken binne fergonklik.
Oersette is tsjinje. It is jo eigen ik op it twadde plan sette, it is sykje om de oar, it is harkje, nei bedoelingen freegje, it is iepenstean, it is alles begripe wolle.
Oersette is ek antwurdzje. It is it eigen ik krêftich ynskeakelje, it is in petear, it is sizze: dus, do bedoelst dat, dus dat wolst útdrukke, dat is de djippere sin fan dyn wurden.
Poëzij oersette, dat is wrakselje. It is sykje om in rym dat natuerlik oandocht, nei in sin dy't soepel falt, nei in wurd dêr't alle lagen en boppetoanen yn weromkomme. It is sykje om in lykwicht, in balâns. As ik dit wurdsje út dy rigel weihelje kin ik it in rigel earder miskien kwyt. As ik de alliteraasje yn dizze wurden ferlies, kin ik him yn dy wurden weromwinne.
It is ek it feest fan de ynfallen. Fan de dingen dy't op har plak bedarje, de dingen dy't dy ynienen yn 't sin komme, soms op in ûnmooglike tiid, wurdst midden yn 'e nacht wekker en dan witst it ynienen. Dan der dochs mar efkes ut om in notysje te meitsjen. Stel je foar datst it moarn fergetten bist.
Oersette, dat is: yn de kultuer stean. It is: bydrage oan it erfskip, it is wurk tagonklik meitsje foar minsken, doarren iepensette dy't earder sletten wiene.
Oersette nei it Frysk, dat is: dûnsje op it sloppe koard. It is: in frjemde kaart mei grutte wite plakken, it is ideeën by de rûs hawwe, mar dan freegje: wêr komt it jild wei, hoefolle ferlet sil der fan dizze útjefte wêze, hoefolle minsken sille it keapje. Oersette nei it Frysk, dat is: in died stelle, it is sichtber bydrage, dochst it net foar neat. It is ek: dysels fragen stelle: wêr dochst it foar, foar mear as in hantsjefol Fryske yntellektuelen? It is dysels fersette: it is it mier hawwe oan de wet fan it grutte getal, oan de taal fan de macht, it is it ûn- en minmachtige dat syn wearde hat.
Oersette út it Frysk, dat is: mei in protte ynset faak in bytsje berikke, it is potsjes oanboarje, útjouwers oertsjûgje dy't leaver út it Ingels oersette, it is foaroardielen moetsje, it is: reëel wêze, net al te folle ferwachtsje. It is ek de eare oan dysels hâlde, it is grutsk wêze, net altyd bûge as in knipmes. In Frysk boek is net allinne mar weardefol as it ek yn it Nederlânsk ferskynt, lit ús dat net ferjitte.
Poëzij oersette, dat is: witte datst in reëel maksimum berikt hast, datst der alles úthelle hast wat dy mooglik is. It is: bekritisearre wurde: op elke poëzij-oersetting is krityk mooglik, it is altyd in kwestje fan foarriedich, want oer tsien jier sil der ien komme dy't it oars docht as dy, better miskien. It is soms ek wurdearring krije, en hjoed is it sels in priis winne.
Mar in priis moat gjin stoel wêze om op te sitten, it moat in hynder wêze dêrst nije fierten op yn 'e mjitte fjouwerest. Yn novimber ferskynt in kar út it wurk fan Tamminga by Utjouwerij Frysk en Frij, mei Nederlânske oersettingen fan myn hân. En der binne noch mear plannen, dy't hooplik realisearre wurde kinne.
Poëzij oersette, dat is foar my benammen: fan moaie dingen moaie dingen meitsje. Graach wol ik jim in part foarlêze fan myn Fryske werjefte fan ‘The lovesong of J. Alfred