Trotwaer. Jaargang 32
(2000)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 65]
| |
Nei bûten ta, de grinzen oer
| |
2.Ik soe hjir it ien en oar sizze kinne oer de poëzij, mar wat deroer te sizzen, as it wêzen fan poëzij him per definysje net sizze lit? Ik haw it withoefaak besocht - Sânris yn 'e ivichheid rûnom, om in rigel fan Douwe Tamminga oan te heljen - mar as ik in antwurd op dy fraach jaan moat, nee, dan komt der altiten wer in baas, grutte tsjusternis oer my hinne. By wize fan kompensaasje soe ik wat ljocht smite kinne op de foarm, de styl, de technyk, ensfh., mar dan kinne Jimme, leau ik, dochs mar better telâne by Vestdijk of Wadman. Nei aard en wêzen is de poëzij like tsjuster as de Tiid, de werklikheid. Beide binne net foar ien útlis fetber. De tiid dat wy noch sliepten as in roas op in krâns fan gebed, burgen yn in boeretiid op God's tsjil, sa't in rigel yn it fers ‘Nacht oer Greonterp’ seit, dy tiid is foarby. Wy binne de wrâld ynlutsen en foargoed ‘ontheemd’, om der ris sa'n smoarch wurd om te sizzen. De tiid draacht tûzen en ien gesichten. Yn dat doalhof, dat lykas de poëzij gjin útgong ken, is it yn it foarste plak de taal dy't de werklikheid problematysk makket. Altiten wer is der de ôfstân ta de Oare en de Dingen om ús hinne. Gjin wurd ofit docht de macht fan stilte tekoart, om noch mar ris in kear út ‘Nacht oer Greonterp’ te sitearjen. Guon dichters hawwe dêr de konsekwinsje ut lutsen troch te ferdwinen yn aloan ûnbegrypliker taaleksperiminten. Oaren leinen de pinne del en diene der fierders it swijen ta. In lêste kategory lykas Cesare Pavese en Ingeborg Bachmann namen it tekoart sa letterlik dat se harsels èk tekoart diene. In oplossing? Ik wit it net. De driuw en it ferlangen om troch taal gear te fallen mei wat bestiet en bestien hat, is en bliuwt fansels in yllúzje. Dochs hâld ik driftich oan dat ferlangen fêst. Fan datoangeande is it skriuwen fan poëzij foar my ek in foarm fan ferset tsjin in allegeduerigen op 'e loer lizzende | |
[pagina 66]
| |
sinleazens. In skoftlang haw ik it besocht en skriuw dêrom - letterlik - ûn-sin. Klanken, oerklanken en oare oergjalpen. Mar dat rûn út op in poëzij, dy't sa ûnbegryplik wie, dat it op gjin inkelde wize mear beäntwurde oan it kritearium fan in beskate fersteanberens. | |
3.Ik haw min ofte mear al sein dat ik mear tosken yn 'e mûle haw as taal, as it om de boarnen fan 'e poëzij giet. Dochs kin ik it net litte en helje yn dit ferbân in rigel oan út it gedicht ‘P.S.’, dêr't de hillige Jan fan 't Krús yn sitearre wurdt: De nacht [lês: de poëzije] is tsjuster en ferljochtet de nacht. In paradoksale, mystike sin, dêr't ik dit fan sizze woe: Ik skep taal en taal skept my. In wûnderlik soart befruchtingsproses, of sa't Josef Brodsky it ea sei: O, hoefolle ljocht wurdt der nachts wol net berne, litsto de inket mei it dûnker gearstrjemme. It moaie fan it meitsjen - it skriuwen - is no ienkear dat it bytiden in lading yn him hat dy't net wêzentlik ferskilt fan de koïtus. Ko-itus! Ja, Achterberg sei it al: De dichter is in Ko, it dier dat alle kearen as it wer oan it foerstek fan de poëzij stiet, ropt en balt fan: ‘O, do, Ko... Ko! Itus!’ Mar dat tusken heakjes. Skriuwen makket jin bytiden in bytsje sljocht. Mar der binne ek de mominten dat men fan opteinens, sis mar, healwei bûten sinnen rekket. Poëzij as in foarm fan ekstaze? Ja! Ien fan de betingsten om jinsels ta dy hichten te bringen, is de hertstocht. Sûnder passy gjin poëzij, al freegje ik my bytiden wolris ôf: Hear Hettinga, hoe fier gean Jo dêrmei? De obsessy foar taal hat sa ek syn destruktive kanten. It hat mei om 'e poëzij west dat ik dingen stikken makke haw; minsken dy't ik leaf hie en dy't my leaf hiene, haw ik oan 'e kant reage. Dan slacht wolris de twivel ta. Want wie it dat allegearre wol wurdich? | |
4.De Taal! Mei it Frysk haw ik yn it foarste plak in suver estetyske ferhâlding. Neist de gefoelsmjittige bining mei de taal sels is it de rykdom en skientme fan it Frysk dy't der foar soargje dat ik net op it Nederlânsk of Ingelsk oergean. Dochs kom ik der net ûnderút en stel mysels de âlde klassike fraach wat winliken de maatskiplike posysje fan de skriuwer is. It idee dat de keunstner de maatskippij feroarje kin, haw ik al skoften lyn farre litten. It iennige dat ik ta myn gading haw is de macht fan it Byld, it Lok fan it sjen en it skôgjen. De poëzij dy't dêr mei mank is, is oan 'e iene kant it risseltaat fan in krityske refleksje op wat oaren, earder foar ús, út 'e wei setten hawwe, en oan 'e oare kant in krityske ferwurking fan de eigen tiid. De man nei wa't dizze priis ferneamd is, wie part fan de Fryske Beweging; as dichter brocht er ek fersen nei foaren dy't yn tsjinst stiene fan dyselde Beweging. De Ferbining is lokkigernôch allang ferbrutsen. Mar as men sjocht hoe hurd de macht en de status fan it Frysk ôftakje, dan soe men de fraach stelle wolle: De Fryske skriuwer, soed er net wer ris wat mear ‘Bewege’ moatte? Lit ik my yn dizzen as sjoernalist beheine ta it hurd efterút buorkjende gebrûk fan it Frysk yn de media, en dan yn 't bysûnder it skreaune Frysk. De kranten moatte konkurrearje tsjin grutmachten as De Telegraaf en it Ynternet. Dogge se dat net, dan wurde se hjoed of moarn opfretten. In terjochte eangst, mar ientsje dy't wol fangefolgen hat dat it Frysk hieltiten minder oan 'e bak komt. De yn it Hollânsk stelde oankundiging fan 'e Fedde Schurerpriis yn de Fryske deiblêden is in lyts, mar tagelyk ek in symptomatysk foarbyld fan de Grutte Treurichheid. Schurer, hy soe him as âld-haadredakteur fan de Friese Koerier yn syn grêf omdraaie, as er gewaar waard hoe't syn erfenis stadichwei yn 't fersmoarkjen rekke is. | |
[pagina 67]
| |
Debutant Eeltsje Hettinga mei de oarkonde fan de Fedde Schurerpriis; rjochts deputearre Bertus Mulder; op 'e eftergrûn Jabik Veenbaas, winner fan de oersetterpriis, en syn frou Christa Brinkhuis (foto LC/argyf flmd)
| |
5.Wa't in minderheidstaal oan de frije merke oerlit, jout him oer oan in rare foarm fan kannibalisme. De etter fan it frije-merktinken, sa't dat yn 'e jierren njoggentich op 'e Fryske media loslitten is, is troch guon Fryske kultuerpolitisy ferkocht as wûnderoalje. Kwaliteitstydskriften as Frysk en Frij waard min ofte mear hjitten om harsels te bedrippen. It risseltaat? De Grutte Kealslach. Neffens de allang ferrinnewearre gedachte dat ‘het volk kan opgevoed’, moast de basis fan it Frysk ferbrede wurde. Kwantiteit waard foaropsteld. It wie dizze kultuer-polityk dy't risseltearre yn leechdrompelige stikken | |
[pagina 68]
| |
foar it gemene folk, Fryske pulp. Underwilens ferspriedt it hurd ôftakjende ferskaat oan Fryske publikaasjemooglikheden - snúf, snúf - in frjemde lyklucht. Bytiden tink ik wolris dat de geast fan it Lyts Frysk Deadeboek fan Jan Wybenga silger noch nea sa libben en ynkringend oanwêzich west hat as hjoed de dei. Hawar, moat men de frije merk dan mar radikaal ôfwize? Nee. Ik soe wolle dat de oerheid mear prikken yn it wurk stelde om yn oparbeidzjen mei it Fryske bedriuwslibben in romte te skeppen wêryn't it Frysk mear lucht kriget as yn it klimaat wêryn't it no funksjonearret. Giet it spesifyk om de Fryske literêre blêden, dan soe ik sizze wolle: Literatuer is bytiden - letterlik - in eigen-wize, en sa út en troch, ek in elitêre oangelegenheid. Yn myn eagen heart dêr ek in kwaliteitstydskrift by, bygl. mei in redaksje dy't de regio fierder de grinzen oer skoptGa naar eindnoot1. Sa'n blêd sil gjin steat meitsje kinne op grutte kloften abonnees, mar dat mei gjin behindering wêze. Nee, om koart te kriemen: In kultuer dy't himsels serieus nimt, soarget derfoar dat se in breed ferskaat oan media hat c.q. oerein hâldt. Dat dêr jild by moat, is dúdlik. De pekunia sil fan 'e oerheid komme moatte. As de provinsje dat jild net hat, dan leit der de útdaging, foar safier't it gjin plicht is, om yn oparbeidzjen mei it bedriuwslibben de Fryske taal, mear ‘bek’ te jaan. | |
6.As lêste. Oft dizze priis foar my in oantrún of in drompel wurde sil by it meitsjen fan in nije bondel, de tiid sil 't útwize. Nochris, ik bin der bliid mei. Dochs wol ik der oan tafoegje dat ik yn it generaal in wat skalk each haw op dizze fear-yn-'e-broek stekkerij, al wie it mar fanwegen it feit dat ik leaver net yn it fêstbûsje fan de Oerheid sit. Oerheden heart men per definysje te wantrouwen. De Fedde Schurerpriis is in aardige opkiteling. In earstling is moai, mar arrivee binne wy fansels nea. De bêste arrivee is, tinkt my, noch altiten hy dy't noflik ûnder de seadden leit.
(Justjes ynkoarte tekst fan de taspraak, holden by de útrikking fan de Fedde Schurerpriis op it Provinsjehûs te Ljouwert, 21 oktober 1999). |
|