Us Abe
Der binne in pear oerienkomsten tusken Abe Bonnema en de (ferstoarne) Amerikaanske arsjitekt Frank Lloyd Wright. Dy sei oer himsels dat er de grutste arsjitekt fan 'e wrâld wie. flw wie in sjarmeur, spile piano, wie ûnútsteanber arrogant en tagelyk in sjeny. Arrogant is Bonnema seker, piano spylje kin er ek. Boppedat is Bonnema in tige kundich arsjitekt, dy't bysûndere gebouwen op syn namme stean hat.
Wat Ljouwert oanbelanget kleit Bonnema al sûnt jier en dei oer de minne kânsen dy't de stêd him jout. Underwilens hat er wol de Willemskade oan beide kanten sawat folboud. Allinne: mear as de helte dêrfan wol de âld baas net meitelle foar syn ‘oeuvre’, om't dy bousels net foldogge oan it dogma fan ‘funksjonalisme’, de konstruksje dêr't Bonnema - achterôf - in teoretysk kader mei jaan wol oan syn (selektearre) wurk. Mar wat te tinken fan ‘dis-funsjonalistyske’ winkeldochters as de Klanderij, Friesland Bank-assurantiën, it ferskriklike wengebou Willemskade-west en de (yn 'e binnenstêd) noch ferskrikliker passaazje oan de St. Jakobsstrjitte?
It mjitten mei twa maten, dêr is de fakman Bonnema wier in master yn. Nim ek syn hâlding foar de wolstânskommisje Hûs & Hiem oer: paaie en skoppe tagelyk.
By de behanneling fan de Achmea-toer kaam hear Bonnema net nei it buro yn Ljouwert, mar waard de kommisje ûntbean yn Villa Nova te Hurdegaryp. In soarte fan audysje. De kening liet syn ljocht skine. Dochs wiene der noch kommisjeleden dy't net omlyk woenen. Der kaam krityk, somtiden ridlik skerp.
Net folle letter mocht Bonnema yn de Ljouwerter Krante wite en swarte platen foar syn tuorren oanpriizgje. Fan Hûs & Hiem soe er gjin lêst ha, want ‘de welstandscommissie durft alleen de mindere goden aan te pakken’.
Is 't net prachtich? Hear Bonnema dy't him net skammet foar de rol fan swetser en de LC-sjoernaliste, dy't as ‘her master's voice’, dit soppige nijs delskriuwt.
Wêr bringt ús dit skotskrift? It bringt ús, leau it of net, werom nei de fraachstelling: is de opiny fan de hear Bonnema fan belang foar de stêd Ljouwert? Nee, dat net. Bonnema bekroadet him net om dizze stêd; hy is allinne dwaande mei de konstruksje fan syn imago: Ik - de funksjonalist; Ik - de toparsjitekt. As Bonnema yn Ljouwert ‘beweging’ waarnimt, sjocht er kânsen foar himsels. Kânsen om fierder te bouwen oan dat grutte persoanlike stânbyld.
Is Bonnema dêrmei in minne arsjitekt? Fansels net. Hy is ien fan de bêsten. Mar wol in slûchslimme prater. Mear opportunisme as funksjonalisme, soe 'k tinke. En like eigenwiis as Frank Lloyd Wright.
Rein Hofstra (argitekt)