| |
| |
| |
‘It libben is goed!’
Liesbeth Brouwer
Lolle Nauta, Stasjonearre yn Fryslân. Essays, besprekken en polemiken, Fryske Akademy, Ljouwert 1999. 234 siden. f 32.50.
Op fersyk fan de redaksje fan de Holderrige hat Lolle Nauta in kar makke út syn essays oer en besprekken fan Fryske literatuer út de jierren '50 en '60. Dy binne gearbrocht yn de bondel Stasjonearre yn Fryslân. Essays, besprekken en polemiken. We meie tankber wêze foar dit inisjatyf, want, sa as Nauta it sels seit yn syn foaropwurd, sûnder de oantrún fan de redaksje - benammen fan Babs Gezelle Meerburg -, wie it der net fan komd.
Nauta hat in skoftsje aktyf west yn it Fryske literêre fermidden, en is dêrnei oare wegen gien. Hy hat him langer minder dwaande hâlden mei proaza, poëzij en literatuerkrityk en him talein op bredere politike en sosjale tema's. Sintraal yn syn wurk stean politike en sosjale emansipaasje en de betingsten foar rjochtfeardige polityk. We kinne it spitich fine dat er him ein jierren '60 weromluts út de Fryske république littéraire, mar better is it bliid te wêzen dat er dêr in skoftke yn tahâlden hat. En, om mar direkt mei myn oardiel oer dizze bondel foar it ljocht te kommen: ik tink dat de bondel net allinne nije belangstelling foar in stikje Fryske literatuerskiednis oproppe sil, mar dat dy ek refleksje op it gebrûk fan de literatuer ta gefolgen hawwe kin. De essays binne in Fundgrube foar de literatuerhistoarikus, omdat se tagong jouwe ta it libbensgefoel fan de jierren '50 en '60, mei syn tsjinsin tsjin falske mienskipsideologyen en syn modernistyske klam op de krekte utering fan gedachten en ideeën.
De bondel jout ús, behalve essays, besprekken en polemiken, in bibliografy fan Lolle Nauta syn wurk oer en nei oanlieding fan Fryske literatuer. Fierder fine we in ynlieding op de bondel dy't Nauta yn 1997 skreaun hat. Hjir fertelt Nauta ús hoe't hy as jonge Grinzer teologyen filosofystudint yn de Fryske letteren telâne komd is, wêr't hy doe by belutsen waard en wat hy der no, weromsjend, fan tinkt. Dat weromtinken konsintrearet him op syn algemiene oertsjûging fan it politike karakter fan literatuer en jout in útwurking dêrfan foar wat der yn de literatuer yn Fryslân barde om '60 hinne. Oan al de trije ûnderdielen fan de bondel sil ik omtinken jaan.
It is net alhiel dúdlik hoe't de kar fan de essays presys yn syn wurk gongen is. Nauta seit dêroer dat der oerlis mei de redaksje west hat en dat syn besprekken hifke binne op hjoeddeiske literêre relevânsje. Wy kinne ús ôffreegje wat de bydrage fan Nauta sels yn dat oerlis west hat, want sels mjit er him sa'n oardiel net oan. Ommers, sûnt de jierren '70 folget hy de Fryske literatuer net mear. It liket der dan ek op dat wy de redaksje foar de kar fan de essays ferantwurdlik hâlde moatte.
Yn de bibliografy bin sa'n 55 opstellen opnomd; foar it grutste part binne dy oan de Frys- | |
| |
ke literatuer wijd, mar soms hawwe se ek in algemiener karakter en binne se yn de bibliografy opnomd omdat se yn in Frysk literêr tydskrift ferskynden. Trije fan dy algemiene opstellen binne yn de bondel opnomd ûnder it kopke Literatuer en polityk. As wy de opstellen dy't net eksplisyt oer der Fryske literatuer geane fan it totaal ôflûke dan bliuwe der 42 oer; dêrfan binne 30 opnomd yn Stasjonearre yn Fryslân. It is my net rjocht dúdlik wêrom't de redaksje net ta yntegrale werprinting fan Nauta syn Fryske opstellen oergongen is. De 12 dy't net opnomd binne lykje my, ôfgeand op 'e titel, krekt like nijsgjirrich as dy dy't wol opnomd binne. Wat bygelyks te tinken fan in titel as ‘Rabberij oer D.A. Tamminga yn libben dichter to Ysbrechtum’?
It hie aardich west as de redaksje fan de Holderrige har ideeën oer it belang fan de essays yn in redaksjoneel taljochte hie. As it har bedoeling west hat de lêzers yn de kunde komme te litten mei in nijsgjirrige essayist, dan hie der ek in soad foar te sizzen west en jou syn ‘Fryske’ wurk yntegraal út. Koartsein, redaksje, wat wiene de motiven om no krekt dizze opstellen fan Lolle Nauta te bondeljen?
Dat liket my in fraach yn de geast fan de skriuwer sels - as dy earne it mier oan hat dan is dat wol oan arrivee te wêzen, om op autoritêre en konvinsjonele grûnen omheechstutsen te wurden en om foar literator hâlden te wurden, wylst er allinne mar ‘mei in stik of wat algemiene gedachten tusken de fersen trochskarrelet’ (191). Sa karakterisearret Nauta yn syn besprek fan Wankend Stomp fan Steven de Jong syn eigen besprekkerswurk. Pleatst foar de op dat stuit nije poëtyske uteringen as dy fan De Jong of Hessel Miedema, besiket er in antwurd te jaan dat noch modieus ferhearlikjend is, noch tradisjoneel fersmitend. Lolle Nauta nimt poëzij serieus en ferhâldt him der iepen en earlik mei.
Dat it is it earste dat opfalt oan de opstellen: se binne oer alle bûgen earlik, analytysk en eksplisyt. Nauta freget him tsjin de literatuer oer eat ôf, tinkt der oer nei wêrom't er boeid wurdt en leit himsels iepen foar de lêzer. Mei dy earlikheid balansearret er lykwols op it skerp fan de sneed: soms wurdt syn eksplisiteit wat skoalmastereftich. Dy kant fan syn persoanlikheid hat er grif yn de jierren tusken '67 en no fierder ûntwikkele, want benammen yn syn essay fan '97 is syn styl botte didaktysk.
| |
Polityk
Nauta syn opstellen binne oardere yn fjouwer parten: Literatuer en Polityk, Frysk proaza, Fryske poëzij en Polemiken. Binnen de lêste trije parten is de folchoarder min of mear gronologysk. Mar frjemdgenôch is yn it foarste part - Literatuer en Polityk - de folchoarder net troch de gronology beskaat. Yn dit part ûntwikkelet Lolle Nauta syn fisy op literatuer, en op de ferantwurdelikheid fan de besprekker fan literatuer. Sydlings komme ek syn ideeën oer yndividu en mienskip oan de oarder. Hiel moai is de yndividualistyske libbenshâlding dy't hy as sines beskôget, ferwurde yn it essay ‘De frijheid yn spegelbyld’ út 1955. Oanlieding foar it essay wie de ynstelling fan 5 maaie as de nasjonale befrijingsdei.
Nauta freget him ôf wat befrijing is, foar wa't der befrijing wie en foar wa net. Hy keart him tsjin it taeigenjen fan oarloch en befrijing troch in kliber dy't him net hoegde te ferdigenjen en stelt him op it stânpunt dat wij eins net witte wat frijheid betsjut: it is in wurd skreaun yn spegelbyld en it is mei allinne de spegel fan de ûnderfining te ûntsiferjen. Hy set him ek ôf tsjin in nasjonaal fieren fan befrijingsdei, omdat ús maatskippij net mear ‘de ferbûnens hat dy't noadich is foar in mienskip- | |
| |
lik idealisme en in mienskiplike skiednis’ (32). Om dy reden hawwe dyjingen dy't de striid allinne fan hearren sizzen hawwe neat mear te krijen mei dyjingen dy't him striden hawwe. Hy merkt op dat de ûnderfining fan striid en befrijing frijwol net oer te bringen is, mar ‘sa no en dan ferskynt efter de befrijing it gesicht fan in minske, dêr't syn ûnfrijens noch op te lêzen falt’(32). Hy doelt dan op beskate literêre wurken dêr't de ûnderfining fan it ûnbeskerme de oarloch yngean en it ûnbeskerme ferwurkjen dêrfan, yn oerbrocht wurdt. De literatuer fan de Twadde Wrâldoarloch is literatuer dy't gjin antwurd jout op de fraach nei it wêrom fan de striid, dêr't gjin helden yn foarkomme, mar allinnich yndividuen, allinne ûnder de ‘uncurious stars’. It stânpunt dat Nauta yn dit essay ferwurdet is, fyn ik no, strang en skerp. It liket de mooglikheid fan identifikaasje út te sluten, wierskynlik út eangst dat identifikaasje taeigening wurdt. Mar tagelyk is it ek optimistysk: it set de mooglikheid fan de minske om yndividueel te oardieljen en analysearjen tige heech.
It twadde opstel draacht de titel ‘Literatuer en engaazjemint’ (1960). Hjir ferhâldt Nauta him mei Jean Paul Sartre en dy syn ideeën oer it engaazjemint fan de literatuer. Nauta freget him ôf wat engaazjemint foar in keunstner betsjut. Sartre skriuwt de skriuwer in frijheid ta dy't hy net hat: de keunstner stiet ûnfrij foar himsels oer. Syn engaazjemint bestiet deryn keunst te meitsjen, neat oars. En dat docht er troch net te witten wat er wol. De keunstner is in ûntdekkingsreizger, hy wit net wêr't er telâne komme sil, mar hy moat fierder.
Nauta yillustrearret syn fisy oan de figuer fan Dostojewski - ek it ûnderwerp fan it tredde essay, út 1954. Dostojewvski wie engazjearre, hy hie in boadskip, woe it Russyske folk bekeare, it beskermje tsjin westerske oanslaggen as it kommunisme en it ‘Russysk’ hâlde. Mar as syn romans allinne dat boadskip brocht hiene, seit Nauta, dan wiene se ‘yn de wrâld likemin opmurken as de Fryske literatuer’ (42). Omdat Dostojewski trou wie oan wat literêr sjoen moast, oerstige hy it programma dat er foar him sels ûntwurpen hie. Mar wat is no: trou wêze oan wat literêr sjoen moat en wêrom liedt dat der altiten ta dat - sa as Sartre seit, en dêr't Nauta mei ynstimt - in goede roman nea konservatyf wêze kin? Alle goede romans sette har yn foar de ferdrukte minske of de minske dy't lijt. Dat hat te krijen mei it ferskynsel dat de keunstner in minske is dy't net de beskikking hat oer himsels, oan himsels oerjûn is en himsels de ûnmacht de wrâld nei syn hân te setten tastean moat. ‘It engaazjemint fan de keunstner bestiet yn syn ûnmacht as minske.’ (44)
Nauta soe Nauta net wêze as er dêr tefreden mei wie, want wat is syn engaazjemint as besprekker fan literatuer dan? Mei er him de posysje fan de keunstner wol taeigenje? Nee, seit er, de kritikus moat ree wêze de dupe te wurden fan wat er lêst, want allinne dan ‘kin it wêze, dat er mei de minske dy't lijt in lyts bytsje solidêr is’ (46).
Yn de earste trije essays fan it skift Literatuer en Polityk komt de Fryske literatuer allinne sa sydlings oan 'e oarder. Lykwols it fjirde essay - ‘It smelle front fan de intelligentsje’ út 1957- hat it wurk fan de skriuwer, dichter, essayist en kritikus Anne Wadman ta ûnderwerp. Dy hat dan twa fersebondels, in boek mei koarte ferhalen, in mânske dissertaasje, in roman, in blomlêzing fan de Fryske poëzij en in grut tal kritiken op syn namme.
Nauta hat Wadman heech, net omdat al syn fersen, ferhalen en skôgingen it nivo berikke dêr't se foar ornearre binne, mar omdat Wadman der yn Fryslân - op dat stuit - lykme allinne foar stiet de hâldberheid fan syn literêre en krityske idealen te ûndersykjen. Nauta lit sjen
| |
| |
dat Wadman net, sa as in soad minsken tinke, op arrogante wize de Fryske literatuer op in heger plan bringe wol. It is earder oarsom: elts nij Frysk wurk bepaalt oant op grutte hichte Wadman syn nivo, ‘om't er as skriuwer telâne kommen is yn kontreien, dêr't er it net noflik hat en dêr't er dochs thúsheart’ (73).
| |
Proaza
De ôfdieling Frysk proaza fyn ik de minst nijsgjirrige fan de bondel. Oars as Wadman lit Nauta him net syn nivo foarskriuwe troch wat der op literêr mêd ferskynt yn Fryslân. Hy siket op wat him op 'e ien of oare manier noasket, omdat it aardich is of krekt net. Wat it proaza oangiet binne dat de roman Hoeder en Skiep fan Watze Cuperus, twa ferhalebondels fan Jo Smit, in ferhalebondel en in roman fan Anne Wadman, Jan Piebenga syn essaybondel Omgong en trochtocht en it essay oer de moderne Fryske literatuer, ‘Préokkupaesje of frije kreativiteit’ fan Ype Poortinga. Nauta hifket it proaza mei de betingsten dy't hy yn syn essays oan literatuer stelt.
Watze Cuperus syn roman wie in ferrassing foar him, hy ferwachtte in ferhaal skreaun neffens in tradisjoneel-stichtlik prosedee, mar fûn in roman mei in haadpersoan dy't net yn it klisjee past. Nauta yllustrearret hjir syn ideeën oer de ûnfrijheid en ûnmacht fan de skriuwer nochris. Cuperus hie miskien wol in stichtlik boadskip, mar skriuwenderwize makke dat plak foar in sykjende, iepen hâlding dy't late ta in nijsgjirrige karaktertekening fan de haadpersoan fan de roman, de dûmny Tinga.
De ferhalen fan Jo Smit befalle Nauta út soarte. Se hawwe faak as tema de ferhâlding fan kollektiviteit en yndividu. Troch Smit syn suggestive wize fan fertellen noadigje se de lêzer út ferskillende ynterpretaasjes te besykjen, mar jouwe se him ek de frijheid it troch de tekst oproppen probleem it probleem te litten, te akseptearen dat it der is, om lykwols dochs beseffe te kinnen dat ‘it libben goed is’ (84). Jo Smit syn twadde ferhalebondel ferget Nauta wer op syn rol as besprekker. Konfrontearre mei Smit syn ta op in hichte betsjuttingsleaze, ûnpersoanlike en abstrakte ferhalen, freget Nauta him ôf wa't hysels is: moat er him - op in Rodenko-eftige wize - beheine ta in technyske, formele analyze fan de ferhalen, of moat er ‘lâns persoanlike wei kompenseare foar it betsjuttingsleaze’ (106)? Hy kiest foar dit lêste en sjocht de ferhalen as spegels fan syn eigen skuldbesef: alle ferhalen hawwe in moraal, mar dy stiet sa fier ôf fan de gewoane moraal, ‘dat er allinne mei de dûbelsinnige koade fan it eigen libben te ûntsiferjen is’ (111).
Yn it essay dat Nauta wijt oan Jan Piebenga syn Omgong en trochtocht, lit er sjen hoe't it net moat. Net allinne binne Piebenga syn ideeën benypt en anty-modern, se binne dat fral ek troch de wize dêr't Piebenga syn taal op brûkt. Yn dit essay presintearret Nauta him as ‘rasechte’ modernist en ferset er him tsjin bombast en de wegering om de wrâld om jin hinne te analysearjen. Tsjin dat soarte fan skriuwen set er dat fan Anne Wadman ôf. Lykwols is syn oardiel oer Wadman syn ferhalen net alhiel loovjend. Syn ferhalen misse noch alris needsaaklikheid; faaks binne de personaazjes isolearre fan har omjouwing. De bêste ferhalen fynt Nauta dan ek dy dwêryn't personaazjes yn ut har isolemint helle wurde en net mear op harsels besteane. ‘Er ontstaat een realiteit die anders is dan onze dagelijkse wereld, waarin wij onder eigen naam schijnbaar zelfstandig rondstrompelen’ (97).
| |
Poëzij
De besprekken yn it part Fryske poëzij falle rûchwei yn twaen útien: besprekken fan dich- | |
| |
ters en gedichten út de quatrebrasgroep en fan dichters dy't net ta dy groep hearre. Lykwols stiet yn de hiele ôfdieling de problematyk fan it persoanlike sintraal. De kwestjes dêr't Nauta tsjinoan rûn yn de ferhalen fan Smit fynt er yn namste ferheftiger foarm yn poëzij - wierskynlik de reden dat er de ferhalen fan Smit poëtysk neamt. De problematyk fan it persoanlike wurket Nauta út foar de dichter sawol as foar de besprekker - en krekt om dat lêste fyn ik se sa weardefol. Op ferskillende plakken ferwiist Nauta nei de Ingelske dichter en estetikus T.S. Eliot, dy't it romantysk tinken oer persoanlikheid ferskode en poëzij sjocht ‘not as a turning loose of emotion, but an escape from emotion; it is not the expression of personality, but an escape from personality’ (127).
It earste besprek yn dizze ôfdieling jildt net sasear poëzij, mar in essay oer poëzij:. It giet om Fokke Sierksma syn Bern fan de ierde oer it wurk fan Obe Postma. Nauta syn besprek is út 1954; yn 1958 skriuwt er nochris oer Obe Postma, dan oer dy syn bondel Fan wjerklank en bisinnen. Nauta is net in kritykleas bewûnderer fan Obe, hy fynt benammen de lettere fersen te glêd. It giet yn de poëzij om de spanningsferhâlding tusken minske en dichter. Yn Obe Postma syn wurk is dy spanning soms fielber, mar faak ek net: de dichter fertelt oer syn belibjen fan poëtyske mominten, mar slagget der net altiten yn dat belibjen oer te bringen yn syn fersen. Uteinlik hat dat te krijen mei Obe Postma syn eigen ienheidsbelibjen: by de âldere dichter liket de spanning fuort, ‘minske en dichter ha ôfakkoarte’ (129).
Yn it essay fan Fokke Sierksma fynt Nauta in hâlding fan de kritikus foar poëzij oer, dy't him befalt en dy't him ek ta foarbyld wurdt. Fokke Sierksma ferstiet better as wa ek de fersen fan Obe Postma en lit dat blike yn it essay sels. Mei Sierksma sjocht Nauta it doel fan de poëzij yn de moeting tusken tekst - dy't ‘werom wiist nei de minske, dy't it makke’ (126) - en lêzer. It giet net oan nei te sizzen wat de dichter faak better sein hat, de lêzer moat it fers konfrontearje mei wat himsels beweecht.
De moaiste oantsjutting fan wêr't it om giet yn literatuer en poëzij fine we yn it besprek út 1958 fan twa berneferskebondels, De Mâlbroekmich fan Diet Huber en Juffer Kuorkebier fan Tiny Mulder. Nauta syn foarkar giet út nei Diet Huber har wurk. Har ferskes binne kolderich, se drukke ús bestean út foarsafier it net betekene is, net ynfold mei rjuchten en plichten, mei ferwachtingen en aspiraasjes, mei nammebuorden en funksjes; se roppe it fûgelfrije bestean fan de minske op. Dy selde romte naam ek Jo Smit yn, of better sein, tsjutte ek Jo Smit oan yn syn ferhalen. It is de romte aan gene zijde, de romte dêr't it libben is. As der ien medium is dat dy romte wit op te roppen, dan is it it artistike. Dizze romte aan gene zijde is it betingst foar keunst. Dy romte is net foarbehâlden oan de keunstner, mar dyjinge dy't dy romte wit te ferbyldzjen is keunstner, sa soene wy Nauta syn fisy gearfetsje kinne.
Sjoerd Spanninga is de dichter dêr't Nauta it meast mei op hat. Hy neamt it lêzen fan dy syn bondels ‘onvergetelijke ontmoetingen’ (137). Yn de rin fan de jierren besprekt er trije bondels fan Spanninga en hy ferwûndert him yn alle trije gefallen oer it ûnpersoanlike, abstrakte - allinnich mar poëzij - fan de fersen. Sa ûnpersoanlik binne dy dat er him ôffreget oft de dichter eins wol bestiet. Yn syn besprekken fan Spanninga syn wurk komt it besprekkersprosedee fan Nauta it bêste foar it fuotljocht: de fersen binne net Frysk en se binne ek net eksoatysk, se binne net benypt en helje har ynfloeden net bewust út oare literatueren. Ek hjir wer oerstiigje se de simpele - en ideologyske - tsjinstelling tusken iepen en sletten, Frysk en
| |
| |
ynternasjonaal. Spanninga syn poëzij wol niks oars wêze as puere poëzij en brûkt dêrfoar alles wat mar om omtinken freget. It is de poëzij fan de stilte, fan de iensumens, as resultaat fan alert omtinken.
In hiel moai besprek wijt Nauta ek oan de bondel Sa Sydlings fan Freark Dam. Oertsjûgjender en simpeler as Riemersma yn syn Proza van het Platteland, lit Nauta hjir yn sjen wêrom't yn in lytse taalgebiet it skriuwen op himsels mear in died fan belang is as yn in grutter taalgebiet. Nearne fine wy by Nauta dat twangmjittige stribien nei in folwoeksen literatuer. Ek dy tsjinstelling lost hy op: it probleem dat de Fryske literatuer sjenres oan de boppeen ûnderkant mist, blykt formalistysk gejeuzel.
Yn earste ynstânsje falt de kwasy-moderne poëzij fan de eksperimintelen fan de quatrebrasgroep Nauta raar op 'e lea. Hy sjocht it as tendinspoëzij dy't yn it foarste plak teken is fan in feroarjende maatskippij. It is de poëzij fan de spikerbroekegeneraasje dy't alle war docht om út de beheindens fan de Fryske kultuer te brekken. It is ek poëzij mei in heech persintaazje eschatology: alles moat oars en al is it mar in bytsje oars is, dan wurdt it al geweldich fûn.
Yn de rin fan de tiid lykwols begjint Nauta ûnderskied te meitsjen. In dichter as Jelle de Jong, mar ek Steven de Jong en yn it foarste plak Hessel Miedema, sjocht er har geandewei literêr ûntjaan. Hieltiten mear each kriget Nauta foar de koartsichtige ôfkar fan dizze nije poëzij troch it Fryske literêre establishment, dêr't er, troch syn redakteurskip fan De Tsjerne, by heart.
Nauta syn essays litte sjen dat de konfrontaasje tusken eksperimintelen en establishment net in saak wie fan seks allinne. Wichtiger is dat de dichters fan de quatrebrasgroep eins gjin relaasje hawwe ta de âldere dichtersgeneraasje. Se jouwe troch har wurk, har kultuer en har programma's blyk fan in, net iens bewust, negearjen fan de Fryske literêre skiednis. Schurer, Tamminga, Postma, it binne harren foarbylden net, noch om har tsjin ôf te setten, noch om nei te folgjen; dy wenje, sa as Nauta it sa treffend seit, oan de oare kant fan de Ofslútdyk. Dit jildt lykwols net allinne foar de saneamde eksperimentele poëzij. Nauta sjocht itselde ferskynsel yn it wurk fan twa, troch him wurdearre dichteressen, Tiny Mulder en Tine Bethlehem.
| |
Polemyk
Yn de essays dy't de redaksje as Polemiken karakterisearre hat, is it oerhearskjende tema it swijen, of better sein, it stilhâlden. Nauta ferbrekt yn syn besprekken de stilswijende ôfspraak om, tsjin better witten yn, in ‘positive grûnhâlding’ oan te nimmen tsjinoer alle literêre oanslaggen yn Fryslân oer. Hy lit sjen dat dy grûnhâlding him beheint ta wurk dat in bepaald klisjee oer Fryslân en de Friezen werhellet: it agraryske lân mei de ynbannige minsken. Om dy positive grûnhâlding skamje yn Fryslân guon minsken har net om dingen te skriuwen dy't ‘yn in oar taalgebiet in goed deiblêd net iens opnimme (soe)’. Hoe beheind as dy grûnhâlding is, wurdt dúdlik as dêr wat skreaun wurdt dat ôfwykt fan dit klisjee en ek net yn de tradisjonele sin ‘goed’ is, sa as Spanninga goed is, of Obe Postma. Dan is it net bêst, sa docht bliken út de grutte ûnrêst dy't de seksueel minder omfloerste fersen en ferhalen fan de modernen in pear jier letter oproppe sille by de selsbeneamde, Fryskliterêre autoriteiten.
Yn it besprek fan Mei de pinne helle (1957) en it antwurd op de krityk dy't dat lêste besprek úthelle, ‘Diskusje oer in kanarjeboekje’, beide út 1958, giet it om it ferswijen fan it tekoart oan kwaliteit fan de koarte ferhalen dy't nei oanlieding fan de Rely-Jorritsma-rally skreaun binne.
| |
| |
Yn ‘It bearen fan lilke Douwe’ út '65 giet it om de reaksjes fan it Fryske literêre establishment op it essay fan Bauke de Jong oer E.B. Folkertsma syn antyisemityske tinkwrâld - ek hjir wer wurdt de bringer fan it boadskip diskwalifisearre, opdat de ikoanen fan Fryslân mar net ynstoarte en dêrmei har eigen hâldfêst. Sa sydlings lykwols distansjearret Nauta him wol fan Bauke de Jong syn fisy op Folkertsma.
Yn ‘Zuivering van eigen nest’ en ‘Geen gekonkel, wel contact’ (1967), spylje de fúzjeplannen fan de literêre tydskriften De Tsjerne, quatrebras en Asyl op. Nauta is glêd foar dy fúzje, en lang om let is de Tsjerneredaksje oerstaach gongen, mar dan grypt it bestjoer fan de subsidiearjende stichting Je Maintiendrai yn en kitst de fúzje dochs noch ôf. It die bliken dat de ûnôfhinklikheid fan de redaksje fan De Tsjerne net folle om hakken hie. En ek dat mei net sein wurde, sa as Tamminga en Schurer harren besykjen dizze ferfelende skiednis ûnder it taffelskleed te skowen sjen lit.
| |
Hybride bern
As Nauta it hat oer it politike karakter fan de literatuer, dan hat er it net oer polityk dy't ferwiist nei programma's, eksplisite fisy's en opfettingen fan politike partijen, mar doelt er op maatskiplike ferhâldingen yn it algemien. Dan hat er it oer de relaasjes tusken persoanen, groepen en ynstituten, en oer de wize wêrop dy relaasjes belibbe, oantsjut, stipe en oanfallen wurde. Yn dy romme opfetting fan polityk is de literatuer ien fan de betsjuttingjouwers, en dêrmei in politike faktor. Net ien mei altiten itselde gewicht, dat ferskilt fan plak ta plak en fan perioade ta perioade.
Nauta syn Frysk skriuwerskip foel yn in perioade dat de literatuer in relatyf grut belang by it ferwurdzjen fan maatskippijkrityk hie. Hy hat tsjûge west fan de polityk konfliktueuze tastân, dy't wy sa maklik ôfdogge mei de term ‘de sechtiger jierren’. De situaasje doe wie sa konfliktueus, krekt omdat it belibjen fan de sosjale ferhâldingen sterk ôfwykte fan de foarstelling derfan. Dat wie oanlieding foar fûle krityk. Sa ferheftich wie dy dat dy ek trochwurke yn de politike arena sels en feroaringen ta gefolgen hân hat yn de politike kultuer yn ingere sin.
It probleem fan de Fryske literatuer fan de sechtiger jierren wie kompleks: de emansipaasje fan de Fryske taal en de brûkers dêrfan wurde ek troch polityk woltinkende minsken ferdigene, mar dy koenen har mar min foarstelle dat de Fryske literatuer en taal har hanthavenje soene yn in moderne, iepen maatskippij. Foar it fuortbestean fan de Fryske taal en literatuer - en har emansipaasje - wie nei alle gedachten ek it fuortbestean fan in bepaalde mienskip noadich. Dêrom wie foar harren de feroaring dy't jonge skriuwers en keunstners brochten en dêr't de jongerein mei fuortrûn, foar har sa bedriigjend. ‘En sa wie har posysje troch en troch paradoksaal: hja woene literêr ynternasjonaal wêze en de Fryske “Heimatliteratur” efter har litte en tagelyk oan de tradisjonele idee fan de Fryske mienskip fêsthâlde’, skriuwt Nauta yn syn ynlieding (15).
Hoewol Nauta syn observaasjes fan no oer in stikje Fryske literatuer en kultuer fan doe nijsgjirrich binne, befrediget syn ferklearring fan it ferskynsel my net hielendal. Om dat lykwols hjir út te wurkjen soe it ramt fan it besprek te bûten gean, dat dat moat dus noch eefkes wachtsje.
|
|