ferjitten èn de auteur fan de Balladen en oar mear ferheljend poëtysk wurk.
Dy tsjinstelling wol ik relativearje. Ek as lyrysk dichter bliuwt Tamminga de ferteller, dy't er yn murch en bonken is. Nim it lyryske In Memoriam. Foar in grut part binne dat fersen dy't fertelle oer lytse foarfallen út de tiid dat de heit en mem noch in soan hiene.
Fiel ik syn fuotstap nêst my yn 'e rein?
hoe heucht it my: bisiden manljustappen
dat earste dribbeljen en 't aloan snappen
oer grien en geld as er my brócht in ein;
‘Jan seit, in plysje dat is in agent’;
‘it iis hâldt al in bytsje by de brêge’;
soms spile er mei myn gongelstôk de sêge
fan Willem Tell of fan Old Shatterhand;
Mei't er fertelt oer syn soan behellet de dichter de lêzer yn it fertriet oer it ferlies.
Ik wol hjirmei net sizze dat Tamminga mear in epysk dichter wêze soe as in lyrikus. Syn lyrysk wurk is unyk yn de Fryske literatuer fan dizze ieu. Ik wol der allinne op wize, hoe wichtich it fertellende elemint ek yn de pur sang lyryk is. Dit docht ek bliken út it sterk fisuele fan guon lyryske fersen dy't somtiden skilderijkes binne. Sels yn in o sa lyryske syklus as It griene jier is dat werom to finen. Dit leafdesliet fertelt wat in frou trochmakket fan de leafdesmoeting ôf oan oant de berte fan in bern. De lyryk fan de leafde ûntjout him yn fjouwer stadia dy't op inoar folgje as de haadstikken fan in ferhaal: ûntfinzenis, advint, berte en postludium.
Men soe hjir tsjin ynlizze kinne, ja, astû it wurd fertelle yn sa'n brede sin brûkst, dan is eltse dichter in ferteller. In lyrysk gedicht wol altyd wol meidieling dwaan oer eat dat bard is. Nei myn betinken is dat lykwols net it gefal.
Fergelykje Marsman en Nijhoff, beide dichters
Douwe Tamminga beharket Lolle Nauta, syn eardere buorjonge.
(foto Hoge Noorden/Jacob van Essen)
dy't Tamminga beynfloede ha. Nijhoff is in fertellende dichter, lykas Tamminga, mar de ekspressionistyske Marsman is dat folle minder. Binne Lucebert en Hessel Miedema fertellende dichters? My tinkt fan net.
It ûnderskied tusken de ballade-dichter en de lyrikus is dus relatyf, want ek yn de lyryk wurdt ferteld. Dat bringt my ta de fraach, wêroer dan? Wat binne de sintrale tema's yn de ly-