Trotwaer. Jaargang 32(2000)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 50] [p. 50] Willem Schoorstra Inkeld dan dyn hûd de nacht hie dy en my út 'e rânsel skodde, op 'e grûn goaid, lidden mjukse ta in puzzel dy't wy gleonhjit oer d' ierde skoden, mei tjirgjende ljisken in moarn makken út moude en dauwe yn 'e woastyn fan 'e dei wie ik dyn skorpioen, gefaar foar de foet dy't my trêdzje woe, de hân om my te bringen nei it boarst, de spien om oan te sûgjen, de nâle om my yn te kanteljen mar dyn molke haw ik preaun, en de dea haw ik yn dy jage, oantsto stoarn wiest en wer opstiest, dyn hûd ferstrûptest mei de slang dy't yn dy wie, de glêde boal, it fonnis dat er yn syn tonge hold de ferriederlike dy't him oanbea oan de gier dy't de jûntiid fallen die, dy yn de kloeren naam en op 'e nij beskûl brocht yn 'e rânsel fan de nacht my inkeld dan dyn hûd yn 't sân noch liet [pagina 51] [p. 51] Har wiete lea foldie sa spraat it waad de skonken om de basalten pier, de rysdammen, flijt mei de amme fan 'e moanne it wetter fan har skie no tsjin de stiennen, blikke prikken, it lân dat leit te wachtsjen, de slinken dy't harren bedrinke sille oant se weiwurde yn de krampen fan hertstocht, de oerfloed as sâlte sjampanje oer harren hinne spielt en kriezjend derboppe de kobben wite skaden fan ûnrêst, finzen yn 'e kouwe fan ferwachting dy't wolkjend oan 'e sinne hinget, en, mear noch, tsjin de mjitlatte fan de einder, in skym fan eilannen hymjend tsjin it boarst fan 'e see, de glandige dy't har wiete lea foldien wer fan it lân weromlûkt, it puollemûlkjend lizze lit Vorige Volgende