Dwersreed
Jan Pieter Janzen
Gjin promoasje
Gjin feestlike byienkomst fan skriuwers, útjouwers en lêzers as start fan de Fryske Boekewike, mar in flitsende presintaasje fan de nijste boeken yn in spesjale ôflevering fan it televyzjeprogramma Sadwaande. Dat soe neffens de Stichting It Fryske Boek in stap foarût wêze. In folle grutter berik: sa'n tritichttûzen sjoggers yn stee fan in seal mei goed hûndert fans en in pear stikjes yn 'e krante. Kosten: f 6000 eks. btw. (want je moatte der bij Omrop Fryslân tv soms wat foar oer ha om der foar te kommen).
En wie it yndie in stap foarút? No nee. It gong op woansdeitejûn 23 maart fierste te min oer Fryske boeken, lit stean oer de nijste.
In item oer Frysklêzen, in petearke oer de produksje, Joke Keizer oer har Súdwesthoekster ferline, in besite oan de Koperative Utjowerij, in petearke oer oare útjouwers en debutanten, de oanbieding fan it boekewikegeskink, Akky van der Veer mei in taljochting, twa koarte resinsjes fan Kunera en tuskentroch muzyk (fan de ûnûntkombere Bennie Huisman).
Op papier like it sa gek noch net. Yn 'e praktyk pakte it ferkeard út: de boeken kamen amper yn byld, wêr't Joke Keizer har nijste oer gie bleau de fraach, de lju fan de ku sieten wer ris te seuren oer âld sear, in Pippi Langkousachtich famke krige tefolle romte om sjen te litten hoe muoilik dat frekte Frysk wol net is en wat de nijsgjirrichste nije titels wienen waard net dúdlik.
Dat lêste wie mei myn eigen skuld. Ik wie ynhierd ‘foar oankundiging en besprek fan nije boeken’. Dat kaam der net fan. Mei troch tiidkrapte. Soe 'k earst tsien minuten krije, yn it foarpetear bliek it te gean om twa kear trije-en-in-heale minút, bij de opname wienen dat twa kear trije wurden. De fraach nei ‘in maklik lêsber boek’ koe 'k noch al beäntwurdzje, mar dat wie tagelyk de lêste kâns om wat oer de aktuele produksje te sizzen. Gjin wurd dus oer Tsjits Peanstra har samle fersen, oer nije berneboeken, oer de lêste romans fan Durk van der Ploeg, Trinus Riemersma en Johan Veenstra en oer al dat oare moais dat foar my op 'e tafel lei (mar dat net yn byld kaam).
‘In amateuristysk programma, dêr't my de teannen krom bij lutsen’, reagearre in saakkundige kollega de oare deis. In oaren-ien, minder goed op 'e hichte mar wol ynteressearre, wie mylder: ‘Ik fûn it heel aardich. Dochs mar wer ris in Frysk boek lêze, tocht ik nei ôfrin.’ Dat wie fansels in hele treast.
Boekepromotor Durk Hibma wie net tefreden oer de gong fan saken: ‘Wy ha de ûnderwerpen wol oandroegen, mar úteinlik te min direkte ynspraak hân. It einresultaat foel ús ôf. Der wienen tefolle minsken mei oan 'e gong dy't te min affiniteit mei it Fryske boek ha. It bliuwt skipperjen. Wy sille de formule takom jier oanpasse moatte.’
De boeken serieuzer nimme as de omballingen en sjen en hearre litte wat der te keap is. Dat soe de promoasje te'n goede komme (kinne).