Iepen brief oan Geart fan der Mear
(Nei oanlieding fan Geart fan der Mear syn bydrage oan de rubryk ‘Meiwurkers’ yn nûmer 8 en 9 fan de foarige jiergong.)
Achte Grutmaster,
It is altyd in slimme saak de keizers fan it wurd lijen te sjen. Mar bytiden is dy pine in diggeltsje ûnterjochte.
Underskreane hat, earder yn Trotwaer en letter by it útkommen fan Winterkriik (1987) yn eigen behear, al daliks de poerbêste kwaliteit fan de bondel ûntdutsen, in streksumens dêr't dy fan Reade Star by 't winter net oan tippe kin. Dan moatte jo ta dieden komme as lêzer: bestelle en dat wie yn dit gefal krekt in pear stappen mear as nei de boekhannel.
En sjodêr, no wurdt dy keaperfoar in nul útmakke, negearre, net teld, as lêzer en genieter yn 't foarbygean ombrocht.
Béste konfrater/konfretter, sa geane de grutten fan it wurd dochs net mei elkoar om? Help my út de bedelte fan de sliepeleaze nachten. Ik bin mei in wurdearring fan 5,5 al rêden...
Mei beskuldigjende groetnis,
Jan Dotinga.
Droegeham,
op in treasteleaze Sinterklazedei yn 1999.