Pier Boorsma (1944) dichter en filosoof te Grins. Studearre filosofy yn Amsterdam en Frysk yn Grins. Publisearre twa dichtbondels. Lêste publikaasje (mei Teake Oppewal) Spiegel van de Friese poëzie van de zeventiende eeuw tot heden (1994). Meiwurker fan Tzum, de Riepe en Hjir. |
Peter de Haan (1949) is staffunctionaris bij de Provinsje Fryslân. Publiceerde in uiteenlopende bladen over politiek-maatschappelijke thema's. Was medesamensteller van de provinciale dichtbundel Dit is myn lân (1997). |
Piet Hemminga (1946) is as bestjoerskundige oan de Fryske Akademy ferbûn. Hâldt him dêr benammen dwaande mei de fraach op hokfoar wize it oerheidsbelied oangeande regionale talen yn West-Europa ta stân komt. |
Frâns Holwerda (1938). Studearre sosjale geografy en skiednis yn Grins. Wie leraar/konrektor te Ljouwert. Meilibjend Boarger, Lêzer en Toerfytser en dêrby de lêste jierren warber yn ‘de Fryske skriuwerswrâld’, û.m. skriuwer fan de K.U. Fan him ferskynde de dichtbondel Wâldmans hikke (1997). |
Klaas Jansma (1949) hat in kommunikaasjeburo yn Ljouwert. Is ferslachjouwer by it skûtsjesilen, kollumnist by it Friesch Dagblad en skriuwer fan romans dy't by de KFFB útjûn wurde. Hat frijwat non-fiction en kabaretteksten skreaun. |
Jan Pieter Janzen (1945) wurket as learaar skiednis, maatskippijlear en kulturele en keunstsinnige foarming yn Ljouwert, is (ein)redakteur fan Trotwaer. Skriuwt stikken en stikjes oer skiednis, kultuer, polityk en media. |
Jitske Kingma (1959) wurke op de steds-, kultuer- en einredaksje fan it Friesch Dagblad en wie de lêste jierren sjef fan de redaksje. Debutearre yn 1989 mei it reisferhaal In dûkyn 'e Ganges, foarich jier oanfolle mei In twadde libben. Wurket no by de ynternet-útjouwerij Gopher Publishers yn Grins en is redakteur fan Trotwaer. |
Douwe Kootstra (1951) is publisist, kolumnist en skriuwer fan reisferhalen. Hy makke begjin 1998 de oerstap fan it basisûnderwiis nei GCOfryslân. |
Henk van der Meulen (1925) wie sjefredakteur en resinsint fan de Ljouwerter Krante. Skreau û.o. in monografy oer de keunstskilder Jerre Hakse en wie ko-auteur fan Leeuwarden, beeld van een stad. |
Mette Meinou Piebenga (1944) hat in heale baan yn it basisûnderwiis, helle yn 1997 twaddegraads Frysk en fersoarget no ek kursussen foar de afuk. Skriuwde koarte ferhalen yn ûnderskate sammelbondels en krige twa kear de Rely Jorritsmapriis. |
Durk van der Ploeg (1930). Wennet te Feanwâlden. Wurket as skriuwer. Ferline jier ferskynden fan him Skepsels fan God (roman) en ‘Fedde Schurer: dichter en dieder’ (essay) yn de bondel Ik bin jim sjonger. Yn febrewaarje ferskynde It wurk fan 'e duvel (roman). |
Trinus Riemersma (1938) is húshâlder, boadskiprinder en itensierder te Frjentsjer. Skreau resinsjes foar Frysk en Frij. Fierder is er tige besteld mei it op floppy bringen fan eigen en oarmans teksten en it redigearjen dêrfan. |
Doeke Sijens (1955) is redakteur fan Trotwaer. Fan him ferskynde yn 1998 de ferhalebondel Nei it lân fan palmerûzjen. Hy wurket oan in biografy fan Reinder Brolsma. |
Henk van der Veer (1954) is ûnderwizer, redakteur fan Trotwaer en resinsint foar it Sneeker Nieuwsblad. Besprekt jeugdliteratuer foar Byntwurk. Publisearre û.o. trije dichtbondels en (tegearre mei Doeke Sijens) In útjouwerij fan QuizeQuânsje. |
Baukje Wytsma (1946) wie redaktrise fan De Strikel, wurket as free-lance sjoernaliste foar de Leeuwarder Courant en de Friesland Post, skriuwt kabaretteksten en lieten foar ûnderskate groepen en artysten, publisearre gâns boeken foar bern; yn 1997 ferskynde har seisde dichtbondel, Thúslûd. |