| te stellen ûnder lieding fan de Fryske Akademy; |
• | fersykje de wurkgroep om in wurkplan foar dit projekt op priemmen te setten; |
• | en stelle dêrfoar by goedkarren troch PS in oanjaachfûns fan maksimaal f 500.000 beskikber.
en geane oer ta de oarderfan de dei. |
Hoe kaam Rein Ferwerda (rpf/sgp), earste ûndertekener fan de moasje, sa op dat idee?
‘Je binne altyd mei Fryslân dwaande en doe't der ekstra jild frijkaam kriich ik ynienen in ynjouwing: in nije ensyklopedy mar dan fansels yn in moderne foarm. De ideeën fan de fnp foar it brûken fan de nije media om de Fryske skiednis tagonkliker te meitsjen koenen dêr goed oan keppele wurde. It slagge samar om ek de stipe fan oare partijen te krijen. Nuvergenôch op de PvdA nei. Oft dy der wol foar wie? Dat wit ik net. It Kolleezje hat de moasje oernommen, dat der hoegde net mear oer stimd te wurden.’
Ferwerda hat yn 't foar kontakt hân mei de nije Akademy-foarsitter (en âld-deputearre) Kobus Walsma. ‘Dy wie posityf. En der binne ek al minsken dy't it wol útjaan wolle.’ In termyn hat er net daliks yn 'e holle, mar ‘it soe moai wêze at de plannen foar Simmer 2000 rûn binne’.
Dat seker, mar soe de Fryske Akademy sa fluch kinne? De histoarje fan sokke projekten as it Frysk Wurdboek en de Skiednis fan Fryslân makket jin net daliks optimistysk. Dat kealle allegear och sa swier; de boeken wienen fier oer tiid. Dêr komt noch bij dat it produsearjen fan in ensyklopedy hjoed de dei sa'n grut aventoer is dat gjin útjouwer it mear oandoart, alteast net yn papieren foarm.
Elsevier hat syn heil al bij Microsoft socht en foarich jier Winkler Prins-materiaal brûkt om op cd-rom in útwreide Nederlânske fersy fan Encarta op 'e merk te bringen (mei de mooglikheid om it lêste nijs fan ynternet te heljen). Ek de Encyclopaedia Brittanica sil net mear yn boekfoarm ferskine mar allinnich noch op skiif en op it net (www.brittanica. com). De reden: de cd-rom is folle goedkeaper (f 300) en rint gâns better as de rige fan 32 boekdielen (f 3000). In oar ferneamd Ingelsk ynstitút giet noch in stap fierder: de nije edysje fan de Oxford English Dictionary sil allinnich noch on line ferskine en is mei yngong fan maart (foar abonnees) op ynternet nei te slaan.
Spitich, want in neislachboek as basis bliuwt handiger as it sykjen op it wrâldwide web. In kombinaasje fan âlde en nije media soe it moaiste wêze. En dan fansels op net al te lange termyn.
Hat Akademy-direkteur Lammert Jansma syn gedachten dêr al oer gean litten?
‘Jaseker. De Akademy is yn it plan frij prominint oanwêzich, mar we moatte de saak earst wol heel goed trochprate. It bedrach dat frijmakke is, soe allinnich al opgean oan in koördinator, dy't wer tsientallen deskundigen oanstjoere moat. It is in heel kerwei. It begjint al mei it systematysk neisjen fan de eardere útjeften. De Encyclopedie van Friesland [út 1958] wie wol better as de Encyclopedie van het hedendaagse Friesland [1975], mar ek dêr steane nochal wat fouten yn.’
Jansma tinkt oan in ynteraktive foarm mei regelmjittige updates. Gjin boek dus? ‘It kin bêst wêze dat wy oer fiif jier beslute dat dat net mear wêze moat.’
De Steaten witte neffens Jansma net ‘wêr't se oan begjinne’: ‘Der sil in hiel rom budzjet komme moatte. Dat rint yn 'e miljoenen.’ Mar de Fryske Akademy doart it wol oan: ‘Wij binne entûsjast mar skeptysk. Nee, sa is it net: entûsjast mar foarsichtich, prudent.’