De skriuwer, it famke en de dea
Jitske Kingma
Wilco Berga, It krantefanke. Utjouwerij Fryslân, Ljouwert 1999. 205 siden. f 27,50.
As Albert Nicolai sechstjin is, rint er al mei gedichten yn 'e bûse om. Hy sil dichter wurde. De skoalle wol him stjoere yn in rjochting dy't er net wol en dêrom stapt er dêr op. It is in machtich momint, it begjin fan in grutte takomst dêr't er in roman yn skriuwe sil. Dat bliuwt der lykwols by, hy moat earst it libben kennen leare om der gedichten oer skriuwe te kinnen.
De skriuwer, it famke en de dea, dat binne de tema's yn Wilco Berga syn nijste roman It krantefanke. De roman hat trije spoaren, dy't yn 'e rin fan it ferhaal byinoar komme yn in ûntknoping dy't op de earste 25 siden al op 'e eftergrûn te sjen is. It begjint mei Albert, 46; it twadde spoar is Albert, 16; en it tredde de opgroeiende Maaike.
Albert is mei syn skriuwersskip nea tichter by de rom kommen as mei it troch omke Jochem finansiere dichtbondeltsje. Dat freget al mear as 25 jier om in opfolger. Hy wol in roman skriuwe, yn twa dielen. It earste spilet om syn sechstjinde hinne, it twadde om syn seisenfjirtichste. De ferhaallinen krôlje it hiele boek hinne trochinoar en om inoar hinne. Alle kearen as se yn har rûntsjes by in al earder beskreaune situaasje lâns komme, meitsje se wer in stikje fierder dúdlik fan wat der doe of koartlyn bard is en wat dat allegear mei-inoar te krijen hat. Dêrby hat Wilco Berga, de dichter dy't ek romans skriuwt, itselde bertejier as Albert. Yn in fraachpetear soene je him nei in link tusken Albert en Wilco freegje. No bliuwt it by suggestjes.
It boek begjint mei Albert dy't lykme allinne sit te bekommen fan de dea fan syn wurkjouwer, de flecht fan syn freondinne en it feit dat syn omke Jochem, op skriuwersgebiet syn foarbyld, gek wurden is. Geandewei komt it ferline fan Albert, de ferhâlding tusken omke Jochem en de heit fan Maaike en de striid fan Albert om him steande te hâlden oan 'e oarder.
Ik haw It krantefanke mei nocht lêzen. It hâldt de spanning fêst, Berga hat wat te sizzen en hy hat foar in nijsgjirrige struktuer keazen. It boek hat lykwols net oeral itselde nivo. Ik fyn dat Berga yn syn beskriuwing fan hoe't Maaike opgroeit en fereale wurdt tekoartsjit by it beskriuwing fan har ûntjouwing. De djipgong is mar in sintimeter as tsien, wylst er by Albert folle fierder nei de boaiem giet. Ek omke Jochem kriget syn gerak. Mar Marjan, de mem fan Maaike, komme wy suver neat fan oan 'e weet. En de ferhâlding mei de âlden, dy't Albert ferdrinke litte yn har ûnbegryp hie ek folle mear omtinken ha mocht. Om in foarbyld fan it ferskil te jaan, Albert oer Maaike: ‘As se sa lake - de holle efteroer, de skonken wat faninoar, wylst se mei in smelle hân de jurk tusken de knibbels del hold - mocht ik stjerre as ik net fan har hold.’ En Maaike oer Albert: ‘Leafde is blyn sizze se. No, myn leafde net. Mar Albert