Rûntsjedraaie om ‘de pik’
Klaas Jansma
Josse de Haan, Piksjitten op Snyp. Groteske of essay. Koperative Utjowerij, Boalsert 1999. 508 siden. f 65.
De Grutsk besiket yn Grutstêd yn it skriuwen en by de hoeren syn ferlerne leafde, de juffrou fan syn bernejierren, werom te finen. De Lytsk dolt yn 'e skiednis fan himsels en syn doarp Snyp om. It is in hopeleas sykjen om betsjutting, yn perspektyf en retrospektyf, dêr't se beide net fleurich en mar in bytsje wizer fan wurde.
Yn it strontdoarp Snyp hawwe se besleur oer de ienfâldige patroanen krige dêr't it libben en de minsklike ferhâldings har yn deljouwe. Dy simpelens befrediget út soarte net, noch yn Grutstêd, net yn Aldlân. Men kin roppe en skriuwe. Men kin filosofearje oant de kul jin opkomt by it sjen fan jins eigen titen. Dat makket Grutstêd-manlju geil, tensij't de titen sâlt wurde fan 't skriemen, dêr't de kullen fan manlju as De Grutsk net oer kinne. Mar it helpt gjin byt; de betsjutting lit him net útpakke. De finen bliuwe min, rikelju dogge arbeiders tekoart, earmelju binne suterich, doarpsbern wreed, boeren hufters. De Mak doocht net, want dy hat yn De Jor wol mei de doarpshoer (ik doar de namme net op te skriuwen, mar ik tink him wol) neukt, mar net mei arbeiders praat. Wat moat men dan oan mei de ûntdekking dat literêr wurk autonoom is?
Sjedêr yn 'e rûgens it tablo yn Piksjitten op Snyp, it grutte wurk fan Josse de Haan. It is skreaun yn 143 haadstikken op 508 kreas troch Trinus Riemersma opmakke siden, mei in lang stik foar notysjes en in ferantwurding út 'e optyk fan De Grutsk wei.
Snyp is yn weromsjen in al te oersichtlik doarp yn Aldlân, mei erotisearjende fammen, wykein-earmkes foar 't oankrûpen en twaddehâns klean foar earmelju. It is it doarp dêr't lytse drama's bard binne. Der binne bern yn 'e dwinger fersûpt, kikkerts tramtearre, ûnbegrepen frjemden delstrutsen.
It hat wol wat fan wat jin by it Peins (yn it Hollânsk útsprutsen as ‘Pijns’) fan 'e iere jierren fyftich foar eagen komt. Dêr is Josse de Haan yn 1941 berne. Puzzeljend kin men dan ynfolje: Slappeterp foar Rypslop, Dronryp foar Slachryp, Frjentsjer foar Dryhús, Skalsum foar Gumskal, Fryslân foar Aldlân (dêr't Piter Yedema neffens de notysjes wennet, De Yed sis mar) en Amsterdam? foar Grutstêd.
It da-da-achtige omslach falt op. It is neffens de notysjes en ferantwurding ynspirearre op 'e (de skriuwer skriuwt konsekwint ‘de’ nei in eksplosyf, wat gau ferfeelt) wurkwize fan Goldberg, mei as sintraal elemint de letter i dy't himsels op in top yn 'e rûnte draait. ‘Op 'e weareld’, seit de skriuwer, dy't letter ek wol ‘wrâld’ brûkt.
Dat topjen is in moai byld fan it rûntsjedraaien fan De Grutsk en De Lytsk om 'e wierheid hinne. Men wit hoe't soks ôfrint: de top falt om. Dêr slut de titel by oan. Piksjitte is in âld folksspul, dêr't in stien by omsmiten wurde moat. Dat is ‘de pik’ of it doel; dy't it slagget, hat de priis fan in pear stuorkes of