| |
| |
| |
Skriuwe mei in fiktyf aliby
Durk van der Ploeg
Op 26 septimber 1999 wie der yn it tsjerkje fan Sibrandahûs in sympoasium oer de Dongeradielster romans fan Durk van der Ploeg (1930). De skriuwer hold dêr in lêzing oer de lokaasjes en de autobiografyske achtergrûn fan De Jacht (1988), It Wrede Foarjier (1994), Reis nei de Kalkman (1995) en It lekken oer de spegel (1995). Syn justjes bewurke tekst folget hjirûnder.
(Fan 18 febrewaarje oant 31 maaie hat it Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum yn Ljouwert in útstalling oer Van der Ploeg en syn oeuvre.)
In jier as wat lyn ha ik mei in ploechje minsken út Dokkum en omkriten nei Ealsum en Wetsens ta west. It wie dy jûns om te fernikkeljen, mar se woene en soene inkelde lokaasjes besjen, dy't foarkomme yn de roman De Jacht. Se hiene my frege dêr wat by te fertellen. Net dat se oan it lêzen fan dat boek gjin genôch hiene. Mar om't se wisten dat der mear wie as wat se lêzen hiene, woene se dat sjen en stean op it plak dêr't lêsûnderfining har brocht hie. Se woene witte wat ferbylding bydrage kin oan feitlikens. En wat feitlikens tafoeget oan wat se lêzen hiene.
Ik mocht - mei de rêch op 'e wyn - stikjes foarlêze, want dan hiene se de libbene by de deade. Te Ealsum koe ik harren It Heech sjen litte, dat fergroeven terpstik fan Mockema-State, dêr't Geeske Bloemkamp har yn 1936 nei wenjen sette. Se woene yn It Leech stean, dêr't Lútsen Idsardi stie by syn earste moeting mei Former Bloemkamp. Ek namen wy dat stikje Ealsumerfeart mei de Heabrêge yn ús op, dêr't Former Bloemkamp breinroer trochhinne kloete, mei de bedoeling Lútsen Idsardi in ôfstraffer te jaan.
En wat sjochst dan? Ja, wat sjochst dan? Dat ha ik my ek ôffrege, doe't wy dêr mei in man as tweintich yn 'e kromming fan 'e feart stiene te blaubekjen. Feitlik seachst oars net as in fan myn ferbylding ferfrjemde eintsje feart. Earst doe waard my dúdlik hoe grut it ferskil is dat der leit tusken in út it ûnthâld optekene lânskip, en wat de werklikheid ús nei safolle jier neilitten hat. Ik spande my yn om bylden út de roman, én wat wy seagen, sadanich ta te ljochtsjen dat ik de wierheid gjin geweld oandwaan hoegde.
Ut fragen hat my doe bliken dien, dat sadree't de romanlêzer oanwiisbere dingen yn de tekst sinjalearret, de ferbylding fierder giet as de roman, en hâldfêst siket yn it taastbere. It liket wol dat mei dy werklikheid de persoanen út sa'n roman ynienen echt begjinne te libjen en in mearwearde krije, mei't se yn in histoarys dekor komme te stean. Fansels, it bleauwen minsken fan papier. En dochs, as wiene de persoanen net mear los te tinken fan it plak dêr't ik se situearre hie. Om it mei in oar foarbyld ta te ljochtsjen. Wa hat net yn 't ûnthâld dat der yn it fjild tusken Deinum en Blessum in boer wenne hat dy't him Haitze Karstes Holwerda skreau. It makket alles sa
| |
| |
oanwiisber te bereizgjen, en bewiisber oanwêzich.
Mar safolle wierheid en wissichheid, dat wie oars net wat ik bedoelde by it skriuwen fan de roman. As ik bekend terrein brûk om in ferhaal te lokalisearjen, doch ik dat net as soe ik in soarte fan sosjale geakunde skriuwe. Want ek de werklikheid wurdt - foarsafier't ik dy nei myn hân set - in ûnderdiel fan myn fantasy. Ulbe van Houten situearre syn Haitze Holwerda ek net op it plak dat mei de werklikheid oerienkomt. En doe't Reinder Brolsma yn Groun en Minsken it Stringsein oan 'e Stienzer Hegewei situearre, waard dat ek in gearmjuksel fan lokale topografy en geografy.
Ik brûk in ierdrykskundige beskriuwing, om't ik dêrmei in wrâld om my hinne skep dy't my ynspirearret op grûn fan kennis en ûnderfining. Ik wol noch in stap fierder gean. Ik brûk sa'n ierdrykskundige beskriuwing om't myn langst, myn lok en myn eangsten dêr lizze. Ik tink my in wrâld yn dy't net los stiet fan mysels, sûnder dat dêr daliks werkenbere autobiografise eigenskippen oan ferbûn wurde kinne. Ik pleats myn fantasy yn in werklikheid, en lit myn personaazjes libje op plakken dy't troch myn ûnderfining ferrike waard. Ik eksploitearje de couleur locale, om't ik wit hoe't minskelibbens, karakters, seden, noarmen en nammen dêr fanâlds funksjonearre ha.
Myn personaazjes steane as sadanich likemin los fan de werklikheid as dat it lânskip dat docht. It is dêrom net útsletten dat ik ierdrykskundige sitewaasjes feroarje, lykas ik besteande persoanen omfoarmje ta personaazjes. Ik beskriuw sa'n Ealsumerfeart net om it lânskiplike plaatsje neffens de natuer oer te bringen. Hie dat sa west, dan hie ik better it fototastel nimme kinnen en meitsje in fotoboek mei wiidweidige ûnderskriften. Of ik hie my - om in pear folslein ferskillende útgongspunten te neamen, my pleatst yn it fuotspoar fan in Thijsse, in De Stoppelaar of in Nescio. Of ik wie - wat my tige moai talike hat - lânskipsskilder wurden. Stel, der soe in boerewein troch ien fan myn lânskippen ride, mei op it foarkret in man, dan soe sa'n manspersoan fergelykber wêze mei in personaazje út ien fan myn romans.
Geandewei - want wy steane yn gedachten dêr noch altyd mei dat ploechje minsken by de Ealsumerfeart - krige ik sa it idee, dat guon fan myn gehoar dwaande wiene personaazjes út De Jacht histoarys te ferklearjen. Of noch slimmer, harren de personaazjes histoarys ta te eigenjen. Want leit it net foar de hân, dat as jo besykje lânskiplik de wierheid benei te kommen, dat de lêzers dêr dan ek autochtoanen by sykje? Op deselde wize lykas ik by it skriuwen soms âld-Ealsumers foar eagen krige?
It woe my talykje, dat guon fan myn ekskursionisten der muoite mei hiene ferbylding en werklikheid útinoar te hâlden, en Former al troch de feart kloetsjen seagen. En faaks ha guon Hinke smeekjen heard dat er Lútsen net deameitsje soe. Hoe dan ek. Se seagen yn alle gefal net wat ik seach, doe't ik dy sêne skreau, en Hinke plat op 't liif op 'e Heabrêge Former smeke Lútsen net op it libben te gean.
Ik seach by it skriuwen fan dat fragmint de Ealsumerfeart, mei dêroerhinne it tsjustere gat fan 'e Heabrêge, lykas ik dat as bern yn my opnommen hie. Dat wol sizze, net frij fan bernlike ôfmjittings en romantyk. En ik pleatste yn dy feart de blanklakke skou, lykas ik dy as bern by de fisker Minneboo foar de wâl lizzen sjoen ha. En yn dy skou stie in manspersoan dy't ik betocht oan 'e hân fan in besteand wêzen, dat as personaazje mines waard. Sa gearstald is de romanwrâld no ienris.
| |
| |
Mar hoe sit it dan, lieten dy lju har dy jûns earen oan 'e kop naaie? Nee. Dat net. Myn ferbylding, dy't harres wurden wie, paste yn in werklikheid. Mar harren werklikheid wie mines net, om't ik in werklikheid benei kommen wie út ûnthâld en ferbylding wei. Dy ferbylding woene se hifkje oan oanwiisbere feiten. Feitlik wie op dat stuit dy feart foar harren like frjemd as foar my. Want ik moast dy jûns fertellendewei myn fiksje fertale nei in werklikheid dy't foar elk wer oars wie. Utsein de kâlde wyn.
Ik fûn de feart gâns smeller, en de natuer wreder as dy't ik beskreaun hie. Myn gehoar socht werkenning en befêstiging fan wat se út myn ferbylding lêzen hiene. Mar ik wie, eardat ik yn 1982 begûn te skriuwen, al dy lokaasjes net ôfreizge om te sjen hoe't de wrâld derby lei, en oft it allegearre wol kloppe mei wat ik yn 'e holle hie. Ik beskreau de feart lykas ik dy fjirtich jier earder mei berneeagen yn my opnommen hie. En myn ferhaal spilet fjirtich jier earder. Ik hie dus net dien wat myn lêzers efterôf wol diene, en dêrby fan my ferantwurding easken yn hoefier myn fiksje de werklikheid al of net geweld oandie.
Is der dan wat ûnbefredigjends yn fiksje dy't spilet op oanwiisbere lokaasjes? Ik tink fan net. It is earder sa, dat it skriuwen fan fiksje op noch besteande lokaasjes wat oantrekliks hat foar wa't de streek kenne. En dat de autintisiteit yn sa'n gefal even fierder rikt as wat bygelyks de Amerikaanse skriuwer Paul Auster oer New York skriuwt, komt omdat lânskiplike faktoaren en de ôfhinklikens dêrfan, yn in roman as De Jacht folle mear ta de ferbylding sprekke as in labyrintys lânskip fan in wrâldmetropoal.
Dokumintearre fiksje weakket, foar wa't kunde hat oan de streek, gefoelens los. Gefoelens, dy't de lêzer nijsgjirrich makket nei de werklikheid as befêstiging fan dat fielen. Al freegje ik my dan ôf wat der dan field en befêstige wurdt. In oan wissens grinzjende wjerskynlikens? Myn ferbylding? Of in metafoar?
Fansels, der leit yn de fertelling fan De Jacht in grûn fan wierheid, dy't fiksje foar guon minsken oannimliker makket. Mar moat fiksje oannimlik makke wurde op grûn fan feitlikens? Krekt net. Fiksje ûntlient har oannimlikens oan foarm en styl en fertelling. En wat de werklikheid dêroan tafoeget is foar my in oan de werklikheid ûntliende fiksje. Ik bin bliid dat der hieltyd wer minsken binne dy't op 'e stoffe fan in roman trochtinke, omreden dat se by it lêzen oanrekke waarden fan autintisiteit. Mar soks mei noait absolút steld wurde.
Hoe't wy der ek tsjinoan sjogge, dat gebiet tusken ferbylding en werklikheid hat wat yntrigrearjends. En dat ik yn dat ierdrykskundige skriuwen net allinne stean docht bliken út in bloeiend literêr toerisme, mei bus-, boat-, fyts- en kuiertochten troch dy grinsgebieten fan Dichtung und Wahrheit. Lykwols, it hat ek syn nuodlike kanten, as lju it har histoarys al te nei nimme.
In frou, dy't frijwol al har libbensdagen te Ealsum wenne hat, bekende my in jier as wat tebek, dat se It Wrede Foarjier mar foar de helte lêzen hie. ‘Doe,’ sei se, ‘ha 'k it lulk fan kant smiten, want doe tocht ik, no liichst, Durk. En doe wie foar my de aardichheid derôf.’
Dy frou begriep net dat ik my in fiktyf aliby oanmetten hie. Mar ûnderskat dy lju ek net, dy't op it flmd yn de neilittenskip fan ferstoarne skriuwers en dichters sykje nei wat taastbers. Lju dy de bril fan Obe Postma en it tabaksfetsje fan Fedde Schurer sjen wolle.
| |
| |
It is yn de roman De Jacht foar it earst, dat in bekende omjouwing in beskiedende rol spilet yn myn wurk. Doe't ik yn 1980 begûn mei de tariedings foar dat boek, kaam der in kearpunt yn myn skriuwen. Stilistys wie dat al waarnimber yn de novelle De winter komt. Hie ik oant doe ta myn ferhalen mei gâns slaggen om 'e earm mear tocht as pleatst yn besteande sitewaasjes, dat feroare mei de romans De Jacht, It Wrede Foarjier, Reis nei de Kalkman en It lekken oer de spegel. Al wol dat net sizze, dat de betsjuttings fan de lokaasjes yn dizze fjouwer romans hieltyd deselde binne. Deagewoan om't de yntinsiteit ferskillend is.
It wie net allinne dat ik dy romans pleatste binnen myn eigen ierdrykskundige belibbingswrâld, ynklusyf in dêrby hearrende topografy. Se foarmje, by alle ferskillen yn opset, in ienheid om't lûd en wjerlûd fan de oarloch dêryn trochklinke.
Ik tink dat elke skriuwer of skriuwster - werkenber of net - skriuwt oer eigen ferline, of streek of stêd dêr't hy of sy jierren wenne hat. Soks liket my in fanselssprekkend feit. Wa't net út eigen dekor en ûnderfining wei skriuwt, skriuwt út it labyrint fan 'e fantasy. Dat liket my foar in fertellend skriuwer, dy't oansluting siket by histoarys feitemateriaal, in ûnmooglike opjefte.
Underfining en belibbingswrâld wie by myn Dongeradiele-romans sa wichtich as boarne fan ynspiraasje, dat de lokaasjes al yn 't foar fêst kamen te stean. Mar it wie net sa, dat doe't ik oer Ealsum en Dokkum en de Dongeradielen skreau, ik dat die as soe ik it oer in jeugdparadys ha.
Wat by my altyd foarop stien hat wie, dat der gjin fantasy is dy't tsjin de werklikheid op kin. Oan 'e oare kant hat dat beskriuwen út sede en gewoante wei, en personaazjes foarme troch ferline en natuerlike omjouwing, ek syn gefaren. Sa'n belibbingswrâld, pleatst yn in histoarise kontekst, kin jo ferliedlik ticht by it naturalisme en it determinisme bringe. Dêrom, der is distânsje nedich, en de personaazjes meie net ôfhinklik makke wurde fan harren ferline of ôfkomst.
It wie om 1980 hinne doe't ik it plan opfette om in grutte roman te skriuwen. Ik woe dêryn in kultuerhistoarys byld sketse fan de Dongeradielen, lykas ik it yn myn jeugd belibbe. Dat wol sizze, tsjin de eftergrûn fan de krisisjierren en de oarloch. Om in ferhaaltried te krijen woe ik dêryn it libben tekenje fan in NSB'er. Dy roman waard De Jacht. Ik stelde my dêrby fragen lykas: Hoe komt immen derta om him oan te sluten by de nsb? Hokker maatskiplike of ûnmaatskiplike prosessen hawwe derta laat dat dy partij by de Steateferkiezings yn 1937 acht persint fan 'e stimmen krige? Hoe wiene de maatskiplike ûntjouwings dy't dêrta bydroegen?
As bern hie ik yn 'e krisisjierren sjoen hoe't hjerstmis en winterdeis alle sneontemoarns in rige stimpelders by ús op 'e terp kaam om in soppich stimpel op in gruzich kaartsje, dat se by it loket fan 'e gemeente sjen litte moasten foar in wurkleaze-útkearing.
Ik socht in polityk dekôr. Dat fûn ik njonken de nsb yn de Anty-Revolúsjonêre Partij en de dêroan besibbe Bijzondere Vrijwillige Landstorm (bvl). En ik koe deroer meiprate, om't ik yn de jierren 1937, '38 en '39 simmerjûns by de sjitoefeningen fan de bvl by ús op 'e terp de lege patroanhulzen mei krûd fulle mocht. By dy oefeningen harke ik nei it gauris politike praat fan 'e manlju.
Lútsen Idsardi krige de rol fan wurkleaze stimpelder. Hy spilet de rol fan slykwurker, lykas ik se mei eigen eagen sjoen ha. Hy is ek de rekalsitrante anty-revolusjonêr en lid fan
| |
| |
'e bvl. Hy socht syn heil yn 'e oarlochsyndustry fan Hitler. Former Bloemkamp pleatste ik dêrtusken as narder mei anargistise ideeën. Lútsen syn pro-Dûtse hâlding wie koarn op 'e mûne fan Former Bloemkamp, dy't as antymilitarist Lútsen syn tsjinspiler waard. Meidat Lútsen syn faam Former syn wiif waard, koe ik fyntsjes noch in krisseltsje eroatys sâlt yn Lútsen syn hertsearige wûnen wriuwe. Boppedat ha ik Lútsen Idsardi feroardiele ta it histoarise ferrie fan dûmny Cohen.
Sûnt dûmny Cohen yn 1935, fanwegens in oprop ta tsjinstwegering en propaganda tsjin de oarloch, fjirtjin dagen yn 'e hechten set waard, stie er lanlik bekend as antymilitarist. Dus wie er Former syn man. Syn arrestaasje yn 1941 en dea yn 1942 te Dachau, ferdjippe de haat tusken Former en Lútsen.
Mei de persoan Cohen, en as motto in fragmint út 'e preek dy't him fataal wurden is, waard de stoffe oan dy omjouwing ferbûn mei histoarise feitlikens. Dêrom, Ealsum en wide omjouwing wiene foar it skriuwen fan De Jacht gefundenes Fressen. En doe't ik ienris troch hie hokker foardielen der sieten oan it kiezen fan in bekende lokaasje, bin ik dêr frijwol net wer fanôf stapt.
It wie net allinne dat ik in ferhaal pleatste yn in bekend gebiet. Dat gebiet appellearre al skriuwendewei oan myn ûnthâld. It wie as kaam mei it ferhaal myn eigen ferline wer boppedriuwen. Net dat ik myn fantasy yn 't wylde wei ôfstimde op wat ik my tebinnenbringe koe. Mar wol om't ik fantasearre op flitsen út myn ûnthâld wei. En dat ik my noch safolle dingen út myn jeugd tebinnenbringe koe, wist ik net earder as doe't ik oan it skriuwen rekke. It ûnthâld bliek in folle riker boarne te wêzen as ik ea tocht hie. En it wiene fral geografise sitewaasjes dy't my it ûnthâld opskerpen.
En ik sis der nochris by dat dêr tige beheind autobiografise konsekwinsjes oan ferbûn wurde meie. Wat der yn myn ûnthâld nei boppe kaam, ha ik safolle mooglik nei eigen hân set om mar net ta it skriuwen fan hokker foarm fan histoarise roman te ferfallen. Fandatoangeande wie myn ûnthâld net mear as in ynspiraasjeboarne.
Der binne yn de romans fan de Dongeradielesyklus tal fan dingen dy't histoarys ta in grûn fan wierheid werombrocht wurde kinne. Dat is lykwols mei safolle puzzelwurk dien, dat it allinne ynwijden slagje sil om oant op beskate hichte feit en fiksje te ferifiearjen. Al moat men dêr tsjintwurdich ek wer mei oppasse, om't mei help fan psycho-analyze langer oeral sûkelarje fan makke wurde kin.
Yn hiel wat gefallen waard ferstelstof earst brûkber nei't ik it losmakke hie fan in histoarise kontekst. Dy feitlikheden en oan feitlikens ferwante fantasyen soene noait by my boppe kommen wêze, as ik it ferhaal yn in optochte omjouwing pleatst hawwe soe. Mei bekend terrein wie der neat dat my fan myn ûnthâld ferfrjemde.
Plak en funksje fan de lokaasjes binne yn net ien fan dizze romans itselde. Nim dat ferhaal yn It Wrede Foarjier. It koe net oars, of dat moast pleatst wurde te Ealsum, om't it basearre is op inkelde feiten dy't har dêr ôfspile ha. Dy feiten binne de wapens dy't yn 'e hjerst fan 1944 út Ingelse fleantugen te Ealsum ôfsmiten waarden. En as gefolch fan dy wapendroppings, it drama mei dy kûgel fan Ingelse makkelij.
Yn de roman wurdt troch de ik-ferteller in kûgel fûn op in stik bitelân. Om't hy noch in snotnoas is fan fjirtjin, wurdt er thús bûten it wurk fan 'e ûndergrûnse hâlden. Dy kûgel
| |
| |
lykwols jout him in gefoel fan macht, en dêrom draacht er dy altyd by him as in amulet. De moarns dat harren pleats troch de Dútsers oerfallen wurdt is er ynienen mei de kûgel ferlegen en triuwt út eangens it ding yn in willekeurige bûse fan in willekeurige jas oan 'e kapstôk. As dy kûgel troch in Dútser yn 'e jasbûse fan in ûnderdûker fûn wurdt, komt der in drama op gong. It waard de kûgel dy't sûnder ôf te gean trije minskelibbens ferge.
Hoe wiene de histoarise feiten, dy't foar my de lokaasje bepaalden? Yn de oarlochsjierren wenne der in ferstanlik handikapte jonge te Ealsum. Dy jonge hat dy bewuste kûgel earne fûn, en liet dy sjen oan Geale Postma. Geale wie doe in jongkeardel fan trijentweintich, kaam fan Driezum en arbeide as boerefeint by Rindert Benedictus. Doe sei Geale tsjin dy jonge: Dy kûgel kinst my better jaan. Sadwaande krige Geale dy kûgel, en treau dy yn 'e bûse fan syn reinjas.
Doe't op 15 jannewaris 1945 Dútsers de pleats fan Benedictus oerfoelen om't se tochten dat der wapens sieten, wie der in soldaat dy't de bûsen oan 'e kapstôk trochsocht en de kûgel fûn. Dêr kamen de poppen oan it dûnsjen. Mei dy kûgel roeken de moffen wapens en munysje, en waarden de gollen omset. Rindert Benedictus, dy't op it stuit fan de oerfal net thús wie, koe de dûns ûntspringe. Geale Postma en Kees Hiemstra, in jonge dy't lykas ik in bulte op 'e pleats omsloech, waarden meinommen. Geale waard in wike letter, op 22 jannewaris 1945, mei noch njoggentjin oaren, by wize fan represaille te Dokkum eksekutearre. Kees Hiemstra - krekt sechstjin jier wurden - waard ôffierd nei in kamp by Wilhelmshaven, en kaam nei de oarloch geastlik kniesd wer thús.
Om't ik yn de oarloch in bulte op 'e pleats fan Benedictus tahâlde en Geale sa goed kend ha, is it boek oan him opdroegen.
Ik wit noch dat ik de moarns fan de oerfal op kusjebannen nei Mitselwier west hie om in pear pûn weet. Doe't ik weromkaam seach ik de pleats omsingele. It hiele trelit ha ik dy deis efter de kowerútsjes fan Klein Bloemendaal wei folgje kinnen. Doe hearde ik al rillegau dat ferhaal fan de kûgel. In ferhaal dat my noait wer loslitten hat.
Om't ik krapoan fyftich jier letter de ferteller fan de fiktive fersy fan dat ferhaal waard, koe ik it oars gjin plak jaan as te Ealsum. Om der fiksje fan te meitsjen, ha ik de feiten safolle mooglik op myn ferhaal te pas makke. Ik lit it ferhaal bygelyks net spylje op 'e pleats fan Benedictus, mar op dy fan Gjalt Veninga, de pleats dêr't de wapens ôfsmiten waarden. Der komme soms ek besteande persoanen foar yn it ferhaal, lykas Johan Joseph Erich, dy't yn 1944 by ûndergrûns wurk te Drachten deasketten waard, en dêr't Douwe Tamminga it fers ‘By ien fan ús deaden’ oer skreaun hat. Dy Johan Erich kaam simmerdeis gauris op ús swimplak, by it earste set yn de Ealsumerfeart te swimmen. As sjoch ik it noch dat er dan by ús op it flot klom om yn 'e feart te dûken. Wy wiene allegearre oergeunstich op syn swimkeunsten.
De lokaasje Ealsum ynspirearre my, yn tsjinstelling mei De Jacht, ta safolle autobiografys materiaal. Dêrom, It Wrede Foarjier, skreaun as in bekentenisroman, is it boek dat my it neist op 'e hûd komt.
Hoe kaam ik derta om it ferhaal Reis nei de Kalkman te Nes yn West-Dongeradiel spylje te litten? Dat kaam sa. Myn pake en beppe fan heite kant wennen te Nes. Dat elk kin fan tinken wol ha, dat ik dêr gauris útfanhûze. Wat sokssawat betsjut, dat ik as jonge dat Nessemer wrâldsje fan binnen út koe. Want alles
| |
| |
Ealsum en omkriten. Under it &-teken de pleats dêr't It Wrede Foarjier spilet; it pylkje wiist nei de pleats dêr't de oerfal west hat.
| |
| |
wat der te Nes barde heinde ik pake en beppe fan 'e lippen.
Ik ha dêr hoepjage oer de Tsjerkebuorren. Tikboarte op 'e Keatsebuorren. Ik wie mei de jonges nei it Waad ta om yn it slyk te poatsjebaaien en kwabben te sykjen. Ik ha fan tichteby meimakke dat Tiete Sytsma (Tiete fan Ette Janneke) in seemyn fan it Waad fiske en meinaam nei hûs om it ding te demontearjen. En doe't er de myn mei hammer en beitel te liif gyng is er efterhûs ûntploft. Dat koste Tiete it libben, en syn mem waard blynslein.
Dat sawol de geografy, as de topografy, as de oarloch te Nes, stiet my like helder foar de geast as dy fan Ealsum. Bliuwt oer de fraach: Hoe kaam ik oan it idee om te skriuwen oer in fersetswiddo en in Dútser? Dat wie stom tafallich. Wy ha noch wat famylje te Nes. En doe't wy dêr ris op besite wiene, die bliken dat it hûs dêrnjonken troch Dútsers út Solingen brûkt waard as twadde went.
Ut dy sitewaasje groeide by my it idee fan de fersetswiddo Anna Richter en de Dútser Günther Ewaldsen, dy't fereale op har wurdt. Yn myn ûnthâld seach ik it kampemint wer, en de bunkers mei sein- en ûntfangstynstallaasjes fan de kustwacht, dy't dêr yn 'e oarloch oan 'e Wierumerwei boud waarden.
Yn myn geast ferskynde Obergefreiter Karl August Klingemann, dy't as foarstanner fan de Bekennende Kirche, yn 1944 desertearre en ûnderdûkte op 'e Hocht. Ik seach yn myn ferbylding Gretha Lampe opbloeien as de freondinne fan Anna Richter; in wyldepûst waans ferline de takomst yn sa'n oar deiljocht stelde. Ik liet kampkommandant Wolfgang Schöde, de healbroer fan myn haadpersoan Günther Ewaldsen, op it toaniel ferskine, dy't ik as histoarys persoan opdjippe út de doarpsskiednis fan Nes, skreaun troch Krine Boelens.
Ik skreau dat boek ek tsjin de eftergrûn fan it Dútse toerisme yn dy streek. Ientredde fan 'e huzen te Wierum is yn hannen fan 'e Dútsers. Peazens dat yn de folksmûle de namme hat fan de Dútse Bocht. Wolfgang Schöde is de man dy't oan 'e ein fan it boek, as de moardner fan Jelle Richter, werom komt op it plak fan de moard. Ik fielde wat Anna Richter as fersetswiddo field hawwe moat, en krapoan in heale ieu libbe yn in emosjonele bining mei it ferline.
Mei dy personaazjes groeide by my it ferhaal fan de goede en de ferkearde Dútser. En de diskusje dy't dat oanswingele. In diskusje dy't, wylst ik krapoan fyftich jier nei de oarloch mei dit boek oan 't skriuwen wie, ek wer oplôge yn 'e kranten.
Ik lit it ferhaal fertelle troch in yn 'e wao telâne kommen skoalmaster dy't, troch syn sintrale posysje, by steat is de skiednis te boek te stellen. It ferhaal is fan begjin oant ein optocht, mar sûnder myn bernlike ûnderfining mei Nes, fral yn relaasje ta de oarloch, hie ik it sa net ûnder wurden bringe kinnen.
Reis nei de Kalkman is net in boek oer de oarloch, mar in rekonstruksje fan wat dy oarloch teweechbrocht hat yn minskelibbens.
It lekken oer de spegel begjint mei de rigel: ‘Dit giet net oer de oarloch, mar oer it wjerlûd dêrfan.’ Ik bin mei myn boeken oer de oarloch hieltyd fierder fan dy oarloch ôf kommen te stean. It wurdt geandewei mear it wjerlûd, alnei't de trochwurkjende effekten fan dy oarloch de lju yn 'e skjirre kriget.
Mei it lekken oer de spegel is it wat eigenaardich gien. Ik hie al wat jierren in ferhaal lizzen mei as titel ‘Fallen foar it Faderlân’. Foarm en styl fan dat ferhaal befredigen my net. It wie mei tefolle ôfhâldigens skreaun. Nei't ik Reis nei de Kalkman klear hie, ha ik it wer ris yn 'e hannen nommen. Doe seach ik
| |
| |
ynienen hoe't it as deiboek nei in persoanliker en emosjoneler styl brocht wurde koe. Om de mieningsfoarming binnen it ferhaal te ferbreedzjen, kaam ik der skriuwendewei ta om lûdbannemateriaal yn te fieren. Sa skreau ik yn krapoan trije moanne in folslein nije roman.
It wie yn dy twadde fersy, dat ik de lokaasje fan it Noarder Fallaat te Dokkum foar kar naam. Te Dokkum waard it altyd Skelwouds Slúske neamd, om't Ale Skelwoud dêr jierren slûswachter west hat. Mei it kiezen fan in bekende lokaasje waard de stoffe my in stik eigener, en koe ik mysels kwyt yn it ferhaal. En mei't ik mysels kwyt koe en jaan woe, kamen my safolle feiten yn it ûnthâld, dat ik my tige beheine moast om binnen de stokken fan de fertelline te bliuwen. Dêrby waard ik, al nei't it ferhaal foardere, sadanich ynspirearre troch de deiboekfoarm en de lokaasje, dat it ferhaal him as fansels skriuwe liet.
Ik hie mei dit lêste boek oer de oarloch mar ien doel. It moast, fyftich jier nei de oarloch, in fersteurde yllúzje oer de fersetsheld yn kaart bringe. Winliken ha ik dizze boeken oer de oarloch allegearre skreaun op bekend terrein, mar wol mei in fiktyf aliby.
Ta beslút wol ik inkelde opmerkings meitsje nei oanlieding fan twa fragen. Wat hat dizze plakbepalende wize fan wurkjen mei my as skriuwer út te stean? En wat is sa karakteristyk oan de troch my beskreaune lokaasjes? Earst wat oer dy plakbepalende wize fan wurkjen en myn persoan as skriuwer.
Ik sykje nei primitive eleminten yn de minske, dy't him net ferfrjemdzje fan, mar eigenje oan syn oarspronklikens. Dêrom beskriuw ik de minske yn syn eigen omjouwing. Ik wol yn myn wurk sa nei mooglik by natuerlike oarsaken en prosessen komme. Natuerlike oarsaken dy't har òf fansels oplosse, òf op in drama útrinne.
Dêrby sykje ik it konflikt yn in sa behindich mooglike rûnte. En dat hat grif út te stean mei it solitêre karakter fan myn personaazjes. Skepsels dy't yn 'e stêd, yn 'e massa net aardzje. Se moatte safolle mooglik op harsels oanwiisd wêze. Dat is ek de reden dat der mar sa'n bytsje minsken spylje yn myn boeken.
Wat de karakteristyk fan frijwol al myn lokaasjes oanbelanget, dat sil grif wat út te stean ha mei de omjouwing dêr't ik yn grut wurden bin. It wide, tinbefolke, lege lânskip fan de Dongeradielen. De lytse mienskip fan Ealsum, net frij fan iensumens. Ik kin der net omhinne dat soks karakterfoarmjend wurke hat.
Troch sawol langst nei as ôfkear fan dat wide lânskip - ik wenje sûnt jierren op 'e selskant fan 'e Wâlden -, skûlet der yn myn skriuwen in driuw nei leechte en desolatens. Ik bin net tolerant tsjinoer de massa. Ik bin tolerant tsjinoer de ienling. Ik bin net tolerant tsjinoer it keunstmjittige. Ik bin tolerant tsjinoer it natuerlike. Op grûn fan dy utersten ferwiist myn wurk nei it elemintêre en it primitive.
En dêrmei kom ik werom op myn earste útgongspunt: Ik sykje nei primitive eleminten yn 'e minske. Eleminten dy't dy minske net ferfrjemdzje mar eigenje oan syn oarspronklikens. En dat is de grûn dêr't ik de minske kultuerhistoarys te plak bringe kin.
|
|