De Ljouwerter binnenstêd omheech? (2)
Bonnema moat net seure
Spitich, dat sa'n tûke útspraak troch twa tuskenrigels ûntkrêfte wurdt. In Leeuwarden kon nooit wat is ommers wer sa'n stereotypearring fan Ljouwerters en ynkommers dy't harsels hjirre dochs al diskwalifisearre fiele. It is earder oarsom: dat der nei ferrin fan in tal jierren wolris in skoftke net àlles mear kin yn Ljouwert. Foaral de bouwers ha eins nea kleien hân. Bonnema sels hat dochs ek earder al moai wat stedske grûn bebouwe kinnen?
Nee, it soe troch syn krewearjen yn 'e rjochtseal aanst wolris sa wêze kinne, dat derneat-mear-kin. Hie de rjochterlike útspraak dy't it ôfbrekken fan ien fan syn gebouwen ferbea (en dy't Bonnema sels as de bêste arresten fan de ôfrûne jierren sjocht), al wat earder jilden, dan hie er nea de âlde RHBS oan it Saailân ôfbrekke kinnen om plak te meitsjen foar syn justisjeel tegelblokje..!
Mar ja: Laat het een keer fout gaan, dat is niet erg. ‘Niet erg’? It is ferskriklik! Eltsenien kin wolris in flater meitsje en dat soe men faaks ynskikke kinne, mar dêr wurdt it fansels net minder slim fan. En by in arsjitekt is it hielendal mis. Hoe lang moatte oaren wol net tsjin sa'n ‘flater’ oansjen of der alle dagen yn arbeidzje? Miskien wol yn alle ivichheid, as der neat mear fan Bonnema syn ‘wurkfan-alluere’ ófbrutsen wurde mei om in oar ek ris de kâns te jaan, om een stad te laten bewegen en om mei bijzondere dingen emoties op te roppen.
En zeuren? Dat moat gewoan kinne fansels. Abe Bonnema sels is dêr mei syn In Leeuwarden kon nooit wat, by syn skeel oer de útwreiding fan it MCL en oant yn 'e rjochtseal it moaiste foarbyld fan..!
Frâns Holwerda