Abe, Avéro en de gemeente Ljouwert
In toer fan mear as hûndert meter. It mei fan my. Lit it platte lân mar sjen wêr't de stêd is. Meitsje mar dúdlik wat Fryslâns haadstêd is. Toan de lju mar wêr't it wurk dien wurdt. Sjoch dy toer, sjoch wat der rûnom bart....
It is allinne wol in bytsje spitich dat sa'n Avéro-toer ek it sicht op de gemeentlike prestaasjes liket te ûntnimmen. Hoewol, op de fernijde Ljouwerter Nijstêd is in duorjend symboal foar it Ljouwerter ûnfermogen delset, yn de foarm fan twa treurich meitsjende lampegedrochten. Mei de nije brêge oer de Harnzer Feart, fertsjinje dy in priis foar de Ljouwerter wansmaak.
Wie it boppedat wol sa nedich om de Nijstêd oan te pakken? Hie dat jild net better brûkt wurde kinnen om noch inkelde oare saken yn Ljouwert op te knappen? Wat bygelyks te sizzen fan it ta de protters razende Ruterskertier, mei dêrefter syn Molen-, Wolve-, Hania en Ipe Brouwersstege? Kinne Abe en Avéro dat net yn ien kear fan de gemeente oer- en meinimme? En hoe stiet it mei al dy wenbuerten dy't bitter nedich opknapt wurde moatte: kom ris yn it Lekkumerein, Efter de Hôven, de Frijheidswyk, Huzum, Wielenpôlle of efter de Grinzer Strjitwei. En dan haw ik it noch net iens oer in Ljouwerter Heidemar of Zanding dy't al lang, en sûnder emoasjes, op It Hearrenfean en yn Drachten realisearre binne.
Abe en Avéro hâlde wol faasje, dy kantoaren komme wol. No de gemeente noch as it om it wenjen giet!
Piet Hemminga