benearje my like bot as op oare stikjes ierde dy't offere binne op it alter fan it massatoerisme.
In smelle wei. In lânskip. En benammen in sinne. En ek al is it noch mar maitiid, hy sil foar in part myn dei-yndieling bepale. Ik jou my der daliks ûnder del, safolle haw ik al wol leard.
Ik ryd yn myn nei fabryk rûkende Tofas Serçe oer de kustwei, nei it westen, rjochting Termessos, de oerbliuwsels fan in antyk stedsje dat oant no ta mear fragen as antwurden opsmiten hat. Fier foar my moat it ergens heech yn de griene heuvels ferstoppe lizze. De kar is makke. De spoaren fan de ferneamde hearskers út de haadstêd Rome - yn dit lân rojaal en geef oanwêzich - binne my sa stadichoan aardich bekend. De Romeinen wienen oeral, en ik ek, dus wy hawwe elkoar al gauris troffen. Yn de gaos fan de skiednis wol ik no op syk nei oare spoaren.
Yn it Turkije dat achter de kust foar it ljocht komt, fiel ik my thús. Heech boppe de fjilden fol weet, hjouwer en abrikoazebeammen draaie earrebarren langhalzjend harren ynternasjonale goreografy. Boeren bespuitsje it lân mei wetter, ride der mei in trekker oer om it stikken te skuorren of sitte in oerke fierder yn it koarte skaad fan dat iene beamke tee te drinken. En oeral rinne hinnen, hûnen en skiep. Yn de berms fan de noch nije wei sykje hoeders mei keppels geiten nei fretten. Sy groetsje stadich.
Mei it each op de machtige regisseur boppe my haw ik my foarnommen it kalm oan te dwaan. Stêden dy't al tûzenen jierren op my lizze te wachtsjen, fereaskje gjin westers tempo; allinne de retoerdatum op myn ticket is in grins yn de tiid. In tiid dy't hjir stadiger liket te gean, sa stadich as it hân opstekken fan de âlde hoeders.
Ik beslút in om wei te meitsjen en op in nije dei de beklimming nei Termessos te weagjen. Myn ekspedysje sil ier en betiid wêze moatte om't oars de hjitte net mear te fernearen is. In omwei giet hjir altyd fan de kustwei ôf. De dikke reade streek op de kaart foarmet de wichtichste east-westferbining yn in ryk dat mei ien skonk yn Europa en mei de oare yn Lyts-Azië stiet; wrâlden fan utersten.
Yn myn deeglike ferfiermiddel folgje ik in weike nei it noarden. De moderne wrâld lit ik hurd achter my. As wienen se knipt út de perfekte natuerfoto, sa sitte trije iisfûgeltsjes op in elektrisiteitstried. Der moat dus wetter wêze, streamend wetter. Al gau kom ik by it rivierke dat hastich ferdwynt yn in djippe kleau. En ik ferfeel my gjin tel. Yn oare doarpkes hie 'k se al riden of (benammen) stilstean sjoen en hjir pronket wer in spantsje: âlde, Bordeauxreade Jawa-motorfytsen steane op houten blokken, wachtsjend op in achtertsjil. Paad en hûzen hâlde op by it blau-